De lânkring Uelzen is in distrikt yn it noardeasten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.
Geografy De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend yn it noarden oan de lânkringen Lüneburg en Lüchow-Dannenberg (beide yn Nedersaksen), oan de Altmarkkreis Salzwedel (yn Saksen-Anhalt) en oan de lânkringen Gifhorn, Celle en Heidekreis (allegear wer yn Nedersaksen).
It eastlike diel fan de Lüneburger Heide leit yn de lânkring, dy't diel útmakket fan de Noard-Dútske leechflakte. It sintrale lânskip is it yn de Saale-iistiid foarme "Uelzener-Bevenser Becken", dat wurdt omfieme troch ferskate morenerêgen.
Yn de lânkring hat de Ilmenau syn boarne, dy't dan yn noardlike rjochting nei Luneburch streamt. It plattelân is flak en tin befolke.
Wapen De trije sulverenkrusen yn it reade fjild ferwize nei de trije kleasters Ebstorf, Medingen en Oldenstadt. It skyld hat in blauwe liuw op in sulveren eftergrûn mei reade herten. De herten binne ûntliend oan it Deenske keningswapen, in ferwizing nei it houlik fan hartoch Willem fan Lüneburg mei prinses Helena fan Denemark.
Gemeenten
Ienheidsgemeenten Bienenbüttel Uelzen, haadstêd
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende plakken
* Sit fan it bestjoer fan de Samtgemeinde
1. Samtgemeinde Aue Bad Bodenteich, flekke Lüder Soltendieck Wrestedt * 2. Samtgemeinde Bevensen-Ebstorf Altenmedingen Bad Bevensen, stêd * Barum Ebstorf, flekke Emmendorf Hanstedt Himbergen Jelmstorf Natendorf Römstedt Schwienau ) Weste Wriedel 3. Samtgemeinde Rosche Oetzen Rätzlingen Rosche * Stoetze Suhlendorf 4. Samtgemeinde Suderburg Eimke Gerdau Suderburg * Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1885