I Am Legend is in Amerikaansk-Britske post-apokalyptyske science fiction-horrorfilm út 2007 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrol Will Smith. De titel betsjut "Ik Bin Leginde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Richard Matheson út 1954. It ferhaal giet oer Robert Neville, in firolooch fan it Amerikaanske Leger dy't as iennichste minske yn New York yn libben bliuwt nei't in firus frijwol de hiele wrâldbefolking útrûge hat. I Am Legend krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in daverjend kommersjeel súkses.
Plot De briljante wittenskipster Alice Krippin brûkt in genetysk manipulearre fariant fan it mûzelsfirus om kanker te genêzen. It saneamde Krippinfirus hat lykwols ûnfoarsjoene bywurkings, mei as wichtichste de dea fan 90% fan 'e minsken dy't dermei besmet wurde. Op dy wize komme 5,4 miljard fan 'e 6 miljard minsken om. Fan 'e restearjende 10% fan 'e wrâldbefolking blykt 0,2% (12 miljoen minsken) ymmún te wêzen, mar de restearjende 9,8% (588 miljoen) feroarje yn fampiryske, somby-eftige, kannibalistyske albinomutanten dy't 'tsjustersikers' neamd wurde. Dy binne ekstreem gefoelich foar de ultrafiolette strieling yn sinneljocht en sykje dêrom oerdeis tsjustere plakken op, mar nachts komme se foar it ljocht en meitsje se jacht op 'e lju dy't ymmún binne foar it firus.
Trije jier nei't Krippin har wittenskiplike trochbraak oan 'e wrâld bekendmakke hat, libbet luitenant-kolonel Robert Neville, in firolooch fan it it Amerikaanske Leger, in isolearre bestean as de lêste minske yn 'e ruïnes fan 'e New Yorkske borough Manhattan. Hy hat gjin inkeld kontakt mear mei oare ymmune oerlibbenen en ynsafier't er wit, kin er skoan de lêste ûnynfektearre minske op 'e wrâld wêze. Yn flashbacks wurdt dúdlik makke dat syn frou Zoe en jonge dochterke Marley omkommen binne doe't harren helikopter delstoarte middenmank de gaoatyske evakuaasje fan Manhattan foar't de Amerikaanske autoriteiten it eilân yn karantêne stelden troch de brêgen op te blazen. Neville sels bleau efter mei de rest fan it militêr personiel.
De deistige rûtine fan Neville bestiet út jacht op 'e keppels harten dy't frij troch de strjitten fan stêd rinne, it sammeljen fan ytbere waren en oar brûkber guod út lege wenten, en it útfieren fan firologyske eksperiminten op ynfektearre rotten, yn 'e ferlerne hope om in genêsmiddel foar it firus te finen. Dêrnjonken wachtet er eltse dei in skoft op mooglike oare oerlibbenen, dy't eventueel reägearje kinne soene op 'e oanhâldende werhellings fan in radio-útstjoering fan him, wêryn't er harren opropt om him op 'e middeisoere te moetsjen by de South Street Seaport. It iennichste selskip fan Neville is syn Dútske hardershûn Samantha ("Sam"). Hy fynt it dreech en gean om mei de iensumens, en is begûn te praten mei paspoppen, dy't er yn in fideoteek pleatst en nammen jûn hat. Nachts ferskânzet er himsels mei Sam yn syn swier barrikadearre hûs oan Washington Square om te ûntkommen oan 'e tsjustersikers.
Op 'e tûzenste dei fan dat bestean efterfolgje Neville en Sam in hart, dat beskûl siket yn in tsjuster gebou deunby de South Street Seaport. Ta konsternaasje fan Neville dûkt Sam ek it tsjuster yn, dat mei it hert yn 'e kiel folget Neville harren. Nei in lange, ûnhuere syktocht troch it tsjustere gebou fynt er it hart dea en Sam libben werom, mar ûntdekt er ek dat it gebou de skûle fan in kliber tsjustersikers is. Hy en Sam witte te ûntkommen troch út in fertsjustere rút te springen en de efterfolgjende tsjustersikers wurde deade troch it sinneljocht. Om't er in (by rotten) gâns ûnthjittend nij searum foar de behanneling fan it firus ûntwikkele hat, keart Neville de folgjende deis nei itselde gebou werom, dêr't er by de yngong in falstrik mei in strûp set om in tsjustersiker te fangen, en de fâle foarsjocht fan wat fan syn eigen bloed om 'e wêzens te lokjen. In froulike tsjustersiker stapt yn 'e strûp en wurdt fongen; in manlike tsjustersiker besiket Neville oan te fallen, mar wurdt troch it sinneljocht weromdreaun, it gebou yn. Neville nimt de froulike tsjustersiker mei nei it laboratoarium yn 'e kelder fan syn hûs, dêr't er har ynjektearret mei it nije searum, dat lykwols net blykt te wurkjen.
De deis dêrop sjocht Neville "Fred", ien fan 'e paspoppen út 'e fideoteek, foar spoarstasjon Grand Central Terminal stean. Him ôffreegjend oft er gek oan it wurden is, giet er op ûndersyk út, en stapt yn krekt sa'n strûp as dêr't er de deis tefoaren de froulike tsjustersiker mei fongen hat. Wylst er oan in foet omheech skuord wurdt oant er ûnderstboppest hinget, slacht er mei de holle tsjin 'e bestrjitting oan en rekket bewusteleas. As er troch it blaffen fan Sam wer bykomt, giet de sinne al ûnder. Hy snijt himsels los mei syn bûsmês, wêrnei't er in stikmannich meters omleech falt op syn rêch en mei syn rjochterboppeskonk krekt op it limmet fan it mês delkomt, dat dwers troch syn skonk hinne stekt. Ut in oanbuorjende gebou lit deselde manlike tsjustersiker dy't er de deis tefoaren troffen hat, in pear ynfektearre hûnen op him los. Neville en Sam deadzje de tsjustersikerhûnen, mar Sam wurdt dêrby ferskate kearen biten.
Neville wit mei de ferwûne Sam krekt foar tsjuster syn hûs te berikken, dêr't er de hûn ynjektearret mei syn nije searum. As Sam lykwols alle tekens fan ynfeksje sjen lit en him besiket oan te fallen, is er twongen de hûn te smoaren. De oare deis, nei't er Sam begroeven hat, set Neville nei it gebou ta by de South Street Seaport, dêr't er deselde kloft tsjustersikers oanfalt mei de bedoeling om safolle mooglik fan harren mei te nimmen yn 'e dea. As deselde manlike tsjustersiker fan earder lykwols op it punt stiet him om te bringen, wurde it wêzen en syn trewanten fuortjage troch in oare ûnynfektearre oerlibbene, dy't in selsûntbrânende fakkel ûntstekt. De heal bewusteleaze Neville jout it adres fan syn wente troch ear't alles him swart foar de eagen wurdt.
De oare deis wurdt er wekker op syn eigen bank. Syn rêder blykt de Brazyljaanske Anna te wêzen, dy't in jonkje fan acht oant tsien jier by har hat dy't Ethan hjit. Se fertelt Neville dat se syn radio-oprop hearden doe't se troch Maryland reizgen, en dat se juster de hiele dei op him wachte hiene by de South Street Seaport. Anna en Ethan binne ûnderweis nei Bethel, yn Vermont, dêr't heech yn 'e Griene Bergen in koloanje fan oerlibbenen bestean soe om't it firus yn dy kjeld net oerlibje kin. Neville, dy't in protte swierrichheden hat om nei sa'n lange tiid allinnich wer mei oare minsken om te gean, ferwiist de ferhalen oer koloanjes fan oerlibbenen nei it lân fan 'e fabels. As Anne úthâldt dat se har troch God liede lit en dat Dy har ek nei Neville laat hat, is Neville der hielendal klear mei. Hy fertelt har dat er út noch yn net New York ferlitte sil, en hâldt fol dat er "dit" noch tsjinhâlde kin, as er mar de juste genêswize fan it firus fine koe.
As de jûn falt, wurdt Neville syn hûs oanfallen troch in grutte kliber tsjustersikers, dy't oanfierd wurde troch deselde lieder fan earder. It docht bliken dat Anna net wachte hat oant it folslein dei wie foar't se nei Neville syn hûs riden is, mei as gefolch dat de tsjustersikers har folge binne. Neville hat ferskillende ferdigeningsmeganismen om it hûs hinne oanbrocht, mar der binne tefolle tsjustersikers om se allegear tsjin te kearen. As se it hûs ynkringe, sykje Neville, Anna en Ethan beskûl efter in wand fan feilichheidsglês yn it laboratoarium yn 'e kelder. Dêr komme se ta de ûntdekking dat Neville syn lêste test dochs súksesfol wie, en allinne mear tiid nedich hie om ta wurking te kommen. Wylst de lieder fan 'e tsjustersikers himsels kear op kear tsjin 'e glêzen wand oan smyt om dy te brekken, nimt Neville bloed ôf fan 'e frou dy't er genêzen hat, en jout dat yn in reägearbuis oan Anna, foar't er har en Ethan opslút yn in âlde koalegong efteryn de kelder. Dêrop pakt er in hângranaat, en as de tsjustersiker einlings en te'n lêsten troch de glêswand hinne brekt, lit er dy ôfgean, wêrmei't er sawol de tsjustersikers as himsels deadet, mar it genêsmiddel beskermet.
De oare moarns komme Anna en Ethan te foarskyn en sette ôf nei Vermont, dêr't se te Bethel yndie in koloanje fan oerlibbenen oantreffe. Se wurde ferwolkomme troch de bewenners, oan wa't Anna it genêsmiddel oerdraacht. Yn in voice-over fertelt se hoe't Neville syn krewearjen en selsopoffering om 'e minskheid te rêden úteinlik in leginde waard dêr't men ynspiraasje út putte kin.
Alternative ein yn 'e director's cut-ferzje De director's cut-ferzje fan 'e film hat in alternative ein:
By it ynslaan fan 'e glêswand yn it laboratoarium makket de lieder fan 'e tsjustersikers mei de hannen de foarm fan in flinter. Neville beseft dat er dêrmei ferwiist nei de tatoeaazje fan in flinter yn 'e nekke fan 'e froulike tsjustersiker dy't er genêzen hat, en dat it de tsjustersiker derom te dwaan is syn libbenspartner werom te krijen. As Neville him dêrop de froulike tsjustersiker weromjout, sjogge hy en de lieder fan 'e tsjustersikers inoar djip yn 'e eagen. Neville biedt syn ûntskuldigings oan nei't er in trien oer it wang fan 'e tsjustersiker rôljen sjocht. De tsjustersiker lit yn him omgean om Neville te deadzjen, mar kiest der ynstee foar om mei syn partner en syn folgelingen ôf te setten. Nei't se fuortgien binne, eaget in skokte Neville de foto's oer fan alle tsjustersikers dy't troch de jierren hinne by syn proeven om it libben kommen binne, en toant er berou foar syn herteleaze eksperiminten op 'e wêzens.
De oare moarns lit Neville syn ûndersyk efter en set as in feroare man mei Anna en Ethan ôf nei Vermont om dêr nei in koloanje fan oerlibbenen te sykjen. Wylst se oer in brêge ride, hâldt Anna yn in voice-over in hoopfolle monolooch, dy't einiget mei de útspraak "Do bist net allinne."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise luitenant-kolonel Robert Neville Will Smith
byrollen personaazje akteur/aktrise Anna Montez Alice Braga lieder fan 'e tsjustersikers Dash Mihok Ethan Charlie Tahan dr. Alice Krippin Emma Thompson (cameo) Zoe Neville Salli Richardson Marley Neville Willow Smith wyfke fan 'e lieder fan 'e tsjustersikers Joanna Numata Mike Darrell Foster presidint fan 'e Feriene Steaten Pat Fraley (inkeld stim) stim fan 'e tsjustersikers Mike Patton (inkeld stim)
Produksje en distribúsje Produksje I Am Legend wie de trêde filmadaptaasje fan 'e roman I Am Legend, út 1954, fan Richard Matheson, nei The Last Man on Earth (1964) en The Omega Man (1971). Filmstudio Warner Bros. sette yn 1994 útein mei de preproduksje fan 'e film, en troch de tiid hinne wiene der ferskate regisseurs en akteurs mei it projekt ferbûn. Sa waarden Tom Cruise, Michael Douglas en Mel Gibson yn omtinken nommen as haadrolspilers, mar yn juny 1997 waard datoangeande in kontrakt ôfsletten mei Arnold Schwarzenegger, wylst Ridley Scott de rezjy op him nimme soe. Budgetêre noed by de studio omreden fan 'e kant dy't Scott mei de film út woe, soarge foar opûnthâld en úteinlik foar it op 'e non rinnen fan it projekt.