De lânkring Wolfenbüttel is in distrikt yn it easten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Geografy De lânkring grinzget mei de klok mei, begjinnend yn it noarden, oan de lânkring Helmstedt (yn Nedersaksen), oan de lânkring Harz (yn Saksen-Anhalt) en oan de lânkring Goslar en de kringfrije stêden Salzgitter en Breunswyk (allegear ek yn Nedersaksen).
De net by de lânkringen hearrende stêd Salzgitter sneit de lânkring Wolfenbüttel midstwa. Eastlik fan Salzgitter leit it gruttere diel mei de haadstêd Wolfenbüttel. It folle lytsere westlike diel oan de oare kant fan Salzgitter bestiet mar út ien Samtgemeinde: Baddeckenstedt. De Samtgemeinde Baddeckenstedt dielt de eastlike grins mei Salzgitter en grinzget dêrnjonken noch oan de lânkringen Goslar en Hildesheim.
Yn it westlike part fan de lânkring lizze de middelberchtmes Hain en Salzgitter. It lânskip fan it eastlike part wurdt foarme troch it middelberchtme de Elm, dêr foarmet de Eilumer Horn it heechste punt 323 meter boppe seenivo is. Nei it suden ta begjinne de útrinner fan it Harzberchtme.
Gemeenten
Ienheidsgemeenten Cremlingen Schladen-Werla (sit: Schladen] Wolfenbüttel, haadstêd, (selsstannige gemeente)
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende plakken
* Sit fan it bestjoer fan de Samtgemeinde 1. Samtgemeinde Baddeckenstedt Baddeckenstedt * Burgdorf Elbe Haverlah Heere Sehlde 2. Samtgemeinde Elm-Asse Dahlum Denkte Hedeper Kissenbrück Kneitlingen Remlingen-Semmenstedt Roklum Schöppenstedt, Stadt * Uehrde Vahlberg Winnigstedt Wittmar 3. Samtgemeinde Oderwald Börßum * Cramme Dorstadt Flöthe Heiningen Ohrum 4. Samtgemeinde Sickte Dettum Erkerode Evessen Sickte * Veltheim (Ohe)
Gemeentefrij gebiet Yn de lânkring lizze trije gemeentefrije gebieten, dy't alle trije net bewenne binne: Am Großen Rhode (5,79 km²) Barnstorf-Warle (1,29 km²) Voigtsdahlum (5,77 km²)
Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1833