Star Trek: Into Darkness is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan J.J. Abrams, mei yn 'e haadrollen Chris Pine, Zachary Quinto en Zoe Saldana. De titel betsjut "Stjerretocht: It Tsjuster Yn". It is de tolfde film út 'e Star Trek-franchise en it twadde diel fan 'e reboot-filmsearje nei de film Star Trek út 2009. Star Trek: Into Darkness is basearre op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, fan tillefyzjeprodusint Gene Roddenberry, en ferwiist ek nei de film Star Trek II: The Wrath of Khan, út 1982.
It ferhaal, dat yn 'e trijeëntweintichste iuw spilet, folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se nei de thúswrâld fan 'e bûtenierdske Klingons stjoerd wurde om 'e terrorist John Harrison út te skeakeljen. Wannear't kaptein James T. Kirk him wer ris net oan syn direkte oarders hâldt (om Harrison te deadzjen), komt er in ûnfermoede gearspanning binnen de top fan 'e Stjerrefloat op it spoar. Star Trek: Into Darkness krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar ferskate wichtige prizen, wêrûnder de Oscar foar bêste special effects, en wûn in Satellite Award. Yn 2016 kaam in ferfolchfilm út, Star Trek: Beyond.
Plot Yn it jier 2259 rekket kaptein James T. Kirk fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten it befel oer it romteskip de USS Enterprise kwyt nei't er de Earste Rjochtline brutsen hat. By in misje op 'e planeet Nibiru hat er nammentlik de kulturele ûntwikkeling fan 'e primitive befolking fan lânseigen yntelliginte bûtenierdske wêzens beynfloede troch de USS Enterprise troch de atmosfear fan 'e planeet fleane te litten, sadat de bewenners it skip sjen koene. Dat wie de iennichste manear dat er sawol de planeet mei syn befolking as syn freon en earste ofsier Spock rêde koe fan in ferwoastgjende fulkaanútbarsting. Neitiid praat Kirk yn syn ferslach oer de misje nearne oer, mar Spock, dy't as logysk tinkende Vulcaniër sekuer de regels folget, docht it hiele foarfal yn syn eigen ferslach wiidweidich út 'e doeken. As men yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco de beide ferslaggen mei-inoar ferliket, wurde der maatregels tsjin Kirk nommen. Hy wurdt yn rang en funksje weromset nei earste ofsier, wylst Spock oerpleatst wurdt nei in oar skip. Neitiid ferwyt Kirk it ferlies fan syn kapteinskip oan Spock, wat ferwidering tusken harren feroarsaket.
Underwilens wurdt yn Londen de Stjerrefloatofsier Thomas Harewood hifke troch in oare ofsier, in John Harrison. Dyselde beweart Harewood syn terminaal sike teenagedochter genêze te kinnen as Harewood wat foar him dwaan wol. Harrison nimt wat fan syn eigen bloed ôf, en as Harewood dat by syn dochter ynjektearret, knapt it famke yndie fuortendaliks op. Neitiid giet Harewood nei syn wurk yn in Stjerrefloatfasiliteit yn Londen, dêr't er in e-mail ferstjoert oan it haadkertier fan 'e Stjerrefloat, wêrnei't er syn ôfspraak mei Harrison neikomt en in bom ta ûntploffing bringt, dy't de hiele fasiliteit ferwoastget.
Yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat komme dêrop de kapteins en earste ofsieren fan 'e by de Ierde oanwêzige Stjerrefloatskippen yn spoedsitting gear. It befel oer de USS Enterprise is ûnderwilens weromjûn oan luitenant-admiraal Christopher Pike, de mentor fan Kirk, dy't de floatlieding bepraat hat om Kirk ta syn earste ofsier te beneamen. Sadwaande binne sawol Kirk as Spock, dy't no de earste ofsier fan in oar skip is, by de gearkomste oanwêzich. Admiraal Alexander Marcus fertelt dat de troffen Stjerrefloatfasiliteit yn Londen, sabeare in argyf, eins it haadkertier wie fan Seksje 31, de militêre ynljochtingetsjinst fan 'e Stjerrefloat. Hy fertelt ek dat út it e-mailberjocht dat op it haadkertier binnenkommen is fan Harewood, de direkte dieder, stiet dat er ta syn die twongen is troch John Harrison. Nei de bomoanslach is de Stjerrefloat it spoar fan dyselde kwytrekke nei't er in shuttle stellen hat.
Troch logysk riddenearjen komt Kirk ta de konklúzje dat Harrison fan doel wêze moat om in oanfal op 'e lieding fan 'e Stjerrefloat út te fieren, mar hy is te let om 'e oare oanwêzigen te warskôgjen as Harrison mei de swierbewapene shuttle foar de ruten fan 'e gearkomsteseal ferskynt en it fjoer iepenet. Kirk wit de seal te ûntflechtsjen en op slûchslimme wize de shuttle te sabotearjen dat dy delstoart, mar tsjin dy tiid hat Harrison ûnder de oanwêzigen al in wier bloedbad oanrjochte, wêrby't ek luitenant-admiraal Pike omkommen is.
Montgomery Scott, de geniale masinist fan 'e USS Enterprise, stelt nei ûndersyk fan it wrak fan 'e shuttle fêst dat Harrison oan 'e dea ûntkommen is troch himsels foar it delkommen fan 'e shuttle fuort te strieljen. Hy blykt útwykt te wêzen nei Kronos, de thúsplaneet fan 'e bûtenierdske Klingons, mei wa't de Federaasje op neat te freonlike foet stiet. Admiraal Marcus jout Kirk it befel oer de Enterprise werom en foeget Spock wer oan him ta as earste ofsier. Se krije de opdracht om mei de USS Enterprise it diel fan 'e Molkewei binnen te kringen dat troch de Klingons behearske wurdt, om Harrison te lokalisearjen en him dan mei in spesjaal nij soarte romtetorpedo's út te skeakeljen.
Fuort nei't er Kirk syn earste ofsier wer wurden is, tekenet Spock beswier oan tsjin it doel fan harren misje, om't it likwidearjen fan persoanen sûnder foarm fan proses ymmoreel is en tsjin alle wetten en regels fan 'e Stjerrefloat yngiet. Kirk wol lykwols net nei him harkje. In folgjend probleem oppenearret him as masinist Scott wegeret om tastimming te jaan foar it ynladen fan 'e 72 nije torpedo's fan admiraal Marcus, om't dy dingen fersegele binne en hy fan 'e Stjerrefloat net sjen mei wat der krekt yn sit. Hy ornearret dat er op dy manear net ynstean kin foar de feilichheid fan 'e Enterprise. Kirk kin him net op oare gedachten bringe, en as er Scott úteinlik in direkt befel jout om it ynladen fan 'e wapens goed te karren, freget dy om út syn funksje ûntheft te wurden. Kirk stimt dêryn ta en ferfangt him troch de jonge Pavel Chekov. Underwilens ûntdekt Spock dat in nije wittenskipsofsier dy't oan 'e USS Enterprise tafoege wêze soe, eins Carol Marcus is, de dochter fan 'e admiraal, dy't de geheimsinnichdoggerij fan har heit omtrint de nije torpedo's net fertrout en har oerpleatsing nei de Enterprise ferfalske hat om 'e dingen ûndersykje te kinnen.
Underweis nei Kronos rekket deunby de planeet it fermogen fan 'e USS Enterprise stikken om bôgefaasje te berikken (d.w.s. troch de hyperromte te gean). Kirk, dy't Spock syn pleidoai ûnderwilens nochris yn him omgean litten hat, beslút om Harrison net mei in torpedo-oanfal te deadzjen, mar te besykjen om him finzen te nimmen, sadat er op 'e Ierde berjochte wurde kin. Dêrom set er mei Spock en luitenant Nyota Uhura, dy't in romantyske relaasje mei Spock ûnderhâldt, ôf nei Kronos. Luitenant Hikaru Sulu kriget salang it befel oer de Enterprise, en hy nimt oer in radioferbining kontakt op mei Harrison, dy't er warskôget dat er net wifelje sil om him te deadzjen mei de nije torpedo's dêr't it romteskip mei tarist is. Op Kronos rinne Kirk-en-dy yn in mûklaach fan 'e Klingons. As Uhura, dy't kommunikaasjespesjaliste is, de shuttle ferlit om mei harren te redendielen, wolle se har fermoardzje, mar Harrison feskynt op it toaniel en weeft handich mei tsientallen Klingon-militêren ôf. Neitiid wol er fan Kirk it persize oantal nije torpedo's witte dêr't de Enterprise mei tarist is, en as Spock antwurdet dat der 72 binne, jout Harrison him oer.
Nei't Kirk-en-dy weromkeard binne nei de USS Enterprise, dêr't Harrison yn it kasjot opsletten wurdt, jout Kirk, dy't nijsgjirrich nei de torpedo's wurden is, opdracht om ien te iepenjen. Skipsdokter Leonard McCoy en Carol Marcus rêde dat mei muoite op en komme ta de ûntdekking dat der (njonken in mânske springstoflading) ek in man yn sit dy't yn in kryonologyske stasis holden wurdt. Neier ûndersyk wiist út dat alle nije torpedo's in beferzen minske befetsje. As Harrison dêroer ûnderstien wurdt, bekent er dat syn wiere identiteit Khan Noonien Singh is. Hy is in genetysk 'ferbettere' supersoldaat dy't trijehûndert jier lyn yn in tiid fan oarloch makke is. De minsken yn 'e torpedo's binne syn ûnderhearrigen, dy't ek supersoldaten binne. Nei't se de oarloch wûn hiene foar harren skeppers, waarden se as te gefaarlik beskôge om yn it libben te litten. Sadwaande wiene se twongen om te flechtsjen en yn in úthoeke fan it doe bekende hielal brochten se harsels yn kryonologyske stasis, yn 'e hoop dat se wekker wurde soene yn in bettere tiid.
Nei de ferwoastging fan 'e planeet Vulcanus (sjoch: Star Trek (film)) begûn de Stjerrefloat lykwols earder negearre dielen fan hielal yn kaart te bringen. Dêrby waarden de kryonologyske kapsules fan Khan-en-dy weromfûn. Admiraal Marcus besleat om ien fan 'e supersoldaten (Khan) wekker te meitsjen, sadat dy him helpe koe om 'e Stjerrefloat te militarisearjen en nije avansearre wapens oan te meitsjen yn risselwaasje foar de troch him ferwachte oarloch mei de Klingons. Om Khan syn meiwurking ôf te twingen, hold er de oare 72 supersoldaten yn gizeling. Khan besocht syn maten te rêden en ferstoppe harren dêrom yn it nije type torpedo dat er ûntwikkele. Hy waard lykwols ûntdutsen foar't er klear wie mei syn plan, en om't er derfan útgie dat Marcus syn maten by wize fan ferjilding ombringe litten hie, sette er út wraak op 'e Ierde útein mei in kampanje fan terroristsyske oanslaggen op 'e Stjerrefloat.
Khan fertelt ek dat Marcus ferantwurdlik is foar it strâne reisjen fan 'e USS Enterprise yn 'e romte fan 'e Klingons, mei't er in ferlechje siket om in oarloch tsjin 'e Klingons te begjinnen, en om't de ferneatiging fan 'e Enterprise troch harren dêr skoan foar tsjinje kin. As Kirk syn oarders gewoan útfierd hawwe soe troch de nije torpedo's ôf te sjitten op 'Harrison' syn lokaasje op Kronos, hie Marcus dus trije miggen yn ien klap slein: hy wie fan Khan en syn ûnderhearrigen ferlost west, troch it weromslaan fan 'e Klingons tsjin 'e warleaze Enterprise, nei wat se perfoarst ynterpretearre hiene as oanfal op harren thúsplaneet, hied er Kirk-en-dy as lestige tsjûgen kwyt west, en boppedat hied er in casus belli hân foar in oarloch tsjin 'e Klingons. Khan jout Kirk koördinaten yn it Sinnestelsel mei de rie om dêr mar ris te sjen. Dêrop nimt Kirk kontakt op mei Scott, dy't it ferlies fan syn funksje as masinist op 'e Ierde yn in bar sit te ferdrinken, en freget him om dy koördinaten te ûndersykjen. Scott ûntdekt deunby Jupiter in geheime Stjerrefloatbasis dêr't hurd wurke wurdt oan in reuseftich romteskip, de USS Vengeance, dat poer en alinne bedoeld is om oarloch mei te fieren (wylst Stjerrefloatskippen ornaris yn it foarste plak bedoeld binne foar it ferrjochtsjen fan wittenskiplik ûndersyk).
As it fermogen ta it berikken fan bôgefaasje fan 'e USS Enterprise krekt wer reparearre is, ferskynt admiraal Marcus mei de USS Vengeance by Kronos, en easket fan Kirk dat er Khan oan him útleveret. Kirk wegeret en kloarket Marcus út, dy't yn grutte halen it tsjûgenis fan Khan befêstiget. Mei dy bekentenis opnommen naait Kirk mei de USS Enterprise út nei de Ierde, mei de bedoeling om Marcus by de lieding fan 'e Stjerrefloat oan te jaan. De Vengeance beskikt lykwols oer it fermogen om 'e Enterprise yn hyperromte op te spoaren, en kegelet it skip dêrút troch de bôge-oandriuwing stikken te sjitten. De Enterprise komt yn 'e neite fan 'e Moanne werom yn 'e reële romte. Om 'e Enterprise en syn bemanning te beskermjen, makket Carol Marcus har oanwêzigens op it skip oan har heit bekend, mar dy strielet har simpelwei en tsjin har wil oer nei syn eigen skip. Kirk biedt dan oan om Khan út te leverjen en himsels oer te jaan, as Marcus syn bemanning sparje wol, mar de admiraal antwurdet dat er dêr gjin belang by hat en dat er dochs al nea fan doel wie om lykfolwa oan board fan 'e Enterprise te sparjen.