De lânkring Northeim is in distrikt yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Geografy De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend fanút it noardwesten oan de lânkringen Holzminden, Hildesheim, Goslar en Göttingen (allegear yn Nedersaksen), oan de lânkring Kassel (yn Hessen) en oan de kring Höxter (yn Noardryn-Westfalen).

De lânkring leit yn it Wezerberchlân. Yn it noardeasten grinzget de lânkring oan de westlike útrinners fan de Harz. It heechste punt fan de lânkring foarmet de Große Blöße (528 meter boppe see nivo) by Dassel.

De Weser foarmet de súdwestlike grins fan de lânkring. In oare rivier, de Leine, rint yn it eastlike diel fan súd nei noard troch de lânkring. Noardwestlik fan Northeim streamt de hast 50 kilometer lange Rhume yn de Leine. In pear kilometger eastlik fan Einbeck mûne de Ilme yn de Leine.

Stêden en gemeenten left|380px|Gemeenten yn de lânkring Northeim Ienheidsgemeenten Bad Gandersheim, stêd Bodenfelde, flekke Dassel, stêd Einbeck, stêd Hardegsen, stêd Kalefeld Katlenburg-Lindau Moringen, stêd Nörten-Hardenberg, flekke Northeim, haadstêd Uslar, stêd

Gemeentefrij gebiet: Solling (177,49 km², net bewenne) Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1885