De lânkring Vechta is in distrikt yn it Dútske bûnslân Nedersaksen.

Geografy De lânkring grinzget yn it noardwesten oan de lânkring Kloppenburch, yn it noarden oan de lânkring Aldenburch, yn it easten oan de lânkring Diepholz en yn it suden en westen oan de lânkring Osnabrück. De lânkringen Kloppenburch en Vechta foarmje tegearre it Oldenburger Münsterland.

Skiednis Yn de 13e iuw waard it gebiet ûnderdiel fan it heechstift Múnster. Mei de ynfiering fan de sekularisaasje yn 1803 waard it gebiet oan Aldenburch oerdroegen. Tsjerklik bleau it gebiet lykwols ûnder Münster fallen. It ferklearret ek de namme Oldenburger Münsterland. Ek hjoeddedei is de lânkring foar it measte roomsk. De lânkring Vechta waard yn 1945 ynsteld.

Gemeenten

Ienheidsgemeenten Bakum Damme, stêd Dinklage, stêd Goldenstedt Holdorf Lohne, stêd Neuenkirchen-Vörden Steinfeld Vechta, haadstêd Visbek Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1939