De lânkring Aldenburch (Landkreis Oldenburg) is in distrikt yn Nedersaksen yn Dútslân. De lânkring moat net betiizge wurde mei de stêden mei deselde namme yn Nedersaksen en Holstein.

Skiednis De lânkring Aldenburch waard yn 1933 stifte. Oant 1988 hie it bestjoer syn sit yn de stêd Aldenburch. Sûnt binne de bestjoersgebouwen te finen yn Wildeshausen.

Geografy De lânkring leit tusken de stêden Aldenburch en Bremen. De rivier de Hunte rint fan súd nei noardwestlike rjochting troch de lânkring.

Stêd en gemeenten De lânkring is te ferdielen yn 15 gemeenten. Haadplak is Wildeshausen. Fan de oare 14 gemeenten binne 6 gemeenten selsstannich, de oare gemeenten wurkje gear yn in Samtgemeinde. thumb|300px|left|Stêden en gemeenten yn de lânkring Aldeburch HaadplakSamtgemeindenWildeshausen

Frije gemeenten Dötlingen Ganderkesee Großenkneten Hatten Hude Wardenburg1. Harpstedt Beckeln Colnrade Dünsen Groß Ippener Harpstedt 1 Kirchseelte Prinzhöfte Winkelsett

1 sit fan de Samtgemeinde Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1933