Harburg is in Landkreis (lânkring) yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De namme is ûntliend oan de doetiidske stêd Hardburg oan de Elbe, dy't eartiids it haadplak fan de lânkring wie, mar tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan Hamburch.

Skiednis Yn 1885 stifte it Prusyske regear trije distrikten yn it gebiet: it distrikt Harburg, it distrikt Winsen en de distriktfrije stêd Harburg oan de Elbe. Yn 1932 waarden dy distrikten gearfoege en waard de stêd Harburg-Wilhelmsburg, sûnt 1927 gearfoege ta ien stêd, de haadstêd fan it distrikt. De stêd bleau fierder in selstannich bestjoerlik lichem en foarme gjin ûnderdiel fan it distrikt.

Yn 1937 waard de stêd Harburg-Wilhelmsburg by Hamburch yndield, wylst it distrikt Harburg selstannich waard. Winsen oan de Luhe waard yn 1944 de nije haadstêd fan de kring.

Geografy De lânkring grinzget oan, begjinnend fan it easten mei de klok mei, de lânkreisen Luneburch, Heidekreis, Rotenburg en Stade, de stêd Hamburch en de dielsteat Sleeswyk-Holstein (Lauenburg).

Stêden en gemeenten thumb|300px|left|Stêden en gemeenten yn de lânkring Harburg StêdenSamtgemeindenBuchholz in der Nordheide Winsen (Luhe)

Frije gemeenten Neu Wulmstorf Rosengarten Seevetal Stelle1. Elbmarsch Drage Marschacht 1 Tespe 2. Hanstedt Asendorf Brackel Egestorf Hanstedt 1 Marxen Undeloh3. Hollenstedt Appel Drestedt Halvesbostel Hollenstedt 1 Moisburg Regesbostel Wenzendorf 4. Jesteburg Bendestorf Harmstorf Jesteburg 15. Salzhausen Eyendorf Garlstorf Garstedt Gödenstorf Salzhausen 1 Toppenstedt Vierhöfen Wulfsen 6. Tostedt Dohren Handeloh Heidenau Kakenstorf Königsmoor Otter Tostedt1 Welle Wistedt1 sit fan de Samtgemeinde

Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1932