De Landkreis Cloppenburg (Sealterfrysk: Loundkring Kloppenbuurich) is in lânkring yn it noardwestlike diel fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.
Geografy De ôfmjitting fan de lânkring is fan noard nei súd likernôch 50 kilometer en fan east nei wêst 40 kilometer. It lânskip is flak, ofwikseljend fean en geastgrûn en leit likernôch 30 oant 40 kilometer boppe seenivo. Noardlik fan Kloppenburch foarmet de Soeste in likernôch 3 kilometer lang opslachmar, de Thülsfelder Talsperre. De lânkring makket diel út fan it tradisjoneel katolike Oldenburgische Münsterland.
Sûnt 1972 wurdt yn it gebiet gas wûn. De winning hat yn it ferline ierdskoddings feroarsake. De ierdskodding fan 1 oktober 2018 hie in krêft fan 3,7 op de skaal fan Richter.
Oanbuorjende lânkringen binne yn it noarden begjinnend mei de klok mei de lânkringen Ammerland, Aldenburch, Vechta, Osnabrück, Iemslân en Lier.
Under de lânkring falt ek de gemeente Sealterlân, dêr't it Sealterfrysk sprutsen wurdt.
Stêden en gemeenten thumb|300px|left|''Stêden en gemeenten yn de lânkring Kloppenburch Stêden Gemeenten Kloppenburch Friesoythe Löningen Barßel Bösel Cappeln Emstek Essen<li>Garrel <li>Lastrup <li>Lindern <li>Molbergen <li>Sealterlân
Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1933