De provinsjale wei 981 (N981) is in provinsjale wei yn de provinsjes Fryslân en Grinslân yn de gemeenten Achtkarspelen en Westerkertier. De dyk foarmet in ferbining tusken de N980 by Koerherne en de N369 by Boelensloane. By Surhústerfean krúst de dyk de N358.
De dyk is in twastripe-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Achtkarspelen hjit de dyk Grinzerstrjitte, Jan Binnesleane, Dimpte Feart en Blauhûsterwei. Yn de gemeente Westerkertier hjit de dyk Provinsjalewei.
981 Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Wei yn Grinslân Kategory:Geografy fan Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út de 20e iuw