De Rhein-Pfalz-Kring (oant 31 desimber 2003 Landkreis Ludwigshafen) is in lânkring yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts yn de metropoalregio Rhein-Neckar. It bestjoer hat syn sit yn de kringfrije stêd Ludwigshafen am Rhein, dy't fierder gjin diel útmakket fan de lânkring. De ferbânsfrije stêd Schifferstadt is it grutste plak wat ynwennertal oanbelanget.

Geografy De Rhein-Pfalz-Kreis leit yn it Boppe-Rynske leechlân. De lizzing yn de metropoalregio Ryn-Neckar mei in soad oanbuorjende kringfrije stêden en de lokaasje oan de Ryn makket dat de Rhein-Pfalz-Kreis oan in soad ferskillende distrikten grinzget, dy't yn trije ferskillende bûnslannen lizze. Yn it bûnslân Rynlân-Palts grinzget de lânkring oan de stêd Worms, Frankenthal, Ludwigshafen am Rhein, Speyer, de lânkringen Germersheim en Südliche Weinstraße, Neustadt an der Weinstraße en Bad Dürkheim.

Yn it easten foarmet de Ryn de grins fan de Rhein-Pfalz-Kreis mei de dielsteaten Hessen en Baden-Württemberg. In útsûndering is it Kollereilân op de loftse kant fan de Ryn, dat by Baden-Württemberg heart. Begjinnend yn it noarden grinzget de lânkring oan de kring Bergstraße (yn Hessen), de stêdkring Mannheim, de Rhein-Neckar-Kreis en de lânkring Karlsruhe (allegear yn Baden-Württemberg).

Stêden en gemeenten

Ferbânsfrije gemeenten (Ynwennertallen op 31 desimber 2019) Bobenheim-Roxheim 10.096 ynwenners 20.5 km² Böhl-Iggelheim 10.394 ynwenners 32.8 km² Limburgerhof 11.461 ynwenners 9 km² Mutterstadt 12.844 ynwenners 20.5 km² Stadt Schifferstadt 20.412 ynwenners 28 km²

Ferbânsgemeenten Verbandsgemeinde Dannstadt-Schauernheim 13.573 ynwenners 33.2 km² Dannstadt-Schauernheim * 7.448 ynwenners 15.3 km² Hochdorf-Assenheim 3.212 ynwenners 9.7 km² Rödersheim-Gronau 2.913 ynwenners 8.2 km² Verbandsgemeinde Lambsheim-Heßheim 17.000 ynwenners 37.68 km² Beindersheim 3.335 ynwenners 5.7 km² Großniedesheim 1.309 ynwenners 3.8 km² Heßheim 3.147 ynwenners 5.8 km² Heuchelheim bei Frankenthal 1.281 ynwenners 5.8 km² Kleinniedesheim 946 ynwenners 3.9 km² Lambsheim * 6.982 ynwenners 12.8 km² Verbandsgemeinde Maxdorf 12.935 ynwenners 16.9 km² Birkenheide 3.192 ynwenners 2.9 km² Fußgönheim 2.593 ynwenners 6.7 km² Maxdorf * 7.150 ynwenners 7.4 km² Verbandsgemeinde Rheinauen 24.263 ynwenners 51.28 km² Altrip 7.709 ynwenners 10.5 km² Neuhofen 7.194 ynwenners 12.3 km² Otterstadt 3.475 ynwenners 15.6 km² Waldsee * 5.885 ynwenners 12.9 km² Verbandsgemeinde Römerberg-Dudenhofen 21.631 ynwenners 54.98 km² Dudenhofen * 6.061 ynwenners 13 km² Hanhofen 2.576 ynwenners 5.8 km² Harthausen 3.118 ynwenners 8.4 km² Römerberg 9.876 ynwenners 27.9 km²

* sit fan de ferbânsgemeente

Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1969