300px|thumb|It knooppunt Werpsterhoeke It knooppunt Werpsterhoeke is in ferkearsknooppunt justjes besuden Ljouwert, dy't de N31 (Surch-Harns-Ljouwert-Drachten) en N32 (Meppel-It Hearrenfean-Ljouwert) ferbynt. It knooppunt is in heal stjerknooppunt en is part fan it súdlike part fan de Heak om Ljouwert.
Yn maart 2010 waard it traseebeslút tekene, en letter yn dat jier hat de Rie fan Steat de beroppen tsjin it oanlizzen ôfwiisd. De rykswei waard oanlein troch Rykswettersteat (súdlike part mei it knooppunt ynbegrepen) en de provinsje Fryslân it noardlike part. De tariedings foar it projekt dy't folslein op ûngelikese hichte boud waard, fûn plak yn 2011. Tusken ein 2011 en 2014 waard it knooppunt oanlein. Op 18 desimber 2014 waard de Heak om Ljouwert en it knooppunt offisjeel iepene.
Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Werpsterhoeke Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 2014 Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente)