De provinsjale wei 918 (N918) is in provinsjale wei yn Fryslân yn de gemeente Eaststellingwerf. De dyk rint yn it ferlingde fan de N979 fan Haulerwyk nei de buorskip De Weper, dêr't de dyk oanslút op de N919. De dyk ûntstie yn de rin fan de 20e iuw. De dyk rint by it natoergebiet Blauwe Bosk del.
De dyk is oer gâns de lingte in twastripe-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. It noardlike part hjit Tonckenswei en it súdlike part hjit Weperpolder.
918 Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Geografy fan Eaststellingwerf