De lânkring Bad Dürkheim is in distrikt yn it suden fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. Haadstêd is de ferbânsfrije stêd Bad Dürkheim, de gemeente mei de measte ynwenners yn de lânkring is de ferbânsfrije gemeente Haßloch.

Geografy De lânkring Bad Dürkheim leit yn de Palts tusken Ludwigshafen am Rhein yn it easten en Kaiserslautern yn it wêst. It westlike diel fan de lânkring leit foar in part yn it Pfälzerwald, it eastlike diel heart noch by de Boppe-Rynske Leechflakte, it midden foarmet diel fan it heuvellân oan de Dútske Wynrûte, dy't fan it noarden nei it suden oer in lingte fan goed 30 kilometer troch de lânkring rint.

De lânkring leit fan it noarden fan Bockenheim nei it suden oant Haßloch, yn east-westlike rjochting fan Frankenstein oant Ellerstadt. Op syn wiidst is de lânkring mei 42 kilometer breed tusken Elmstein yn it súdwesten en Dirmstein yn it noardeasten.

Oanbuorjende distrikten mei de klok mei fanôf it noarden binne Alzey-Worms, de kringfrije stêd Worms, de lânkring Rhein-Pfalz-Kreis, de kringfrije stêd Neustadt an der Weinstraße, de Südliche Weinstraße, in eksklave fan de kringfrije stêd Landau in der Pfalz, de lânkring Südwestpfalz, de lânkring en kringfrije stêd Kaiserslautern en de Donnersbergkreis.

Stêden en gemeenten

Ferbânsfrije stêdenferbânsfrije gemeentenBad Dürkheim GrünstadtHaßloch Ferbânsgemeenten1. Deidesheim Deidesheim 1, 2 Forst an der Weinstraße Meckenheim Niederkirchen bei Deidesheim Ruppertsberg 2. Freinsheim Bobenheim am Berg Dackenheim Erpolzheim Freinsheim 1, 2 Herxheim am Berg Kallstadt Weisenheim am Berg Weisenheim am Sand 3. Lambrecht Elmstein Esthal Frankeneck Lambrecht 1, 2 Lindenberg Neidenfels Weidenthal 4. Leiningerland (sit: Grünstadt) Altleiningen Battenberg Bissersheim Bockenheim an der Weinstraße Carlsberg Dirmstein Ebertsheim Gerolsheim Großkarlbach Hettenleidelheim Kindenheim Kirchheim an der Weinstraße Kleinkarlbach Laumersheim Mertesheim Neuleiningen Obersülzen Obrigheim Quirnheim Tiefenthal Wattenheim 5. Wachenheim Ellerstadt Friedelsheim Gönnheim Wachenheim 1, 21 Sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd

Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1969