De lânkring Germersheim is in distrikt yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. De lânkring wurdt fanút de ferbânsfrije stêd Germersheim bestjoerd en dy stêd is wat ynwennertal oanbelanget de grutste fan de lânkring. De lânkring hat 31 Ortsgemeinden, dy't foar it grutste part ûnderbrocht binne by saneamde ferbânsgemeenten.

Geografy De Ryn foarmet de eastlike grins fan de lânkring en foar it measte tagelyk de bûnsgrins mei Baden-Württemberg. De Lauter soarget foar de súdlike grins en is tagelyk de grins mei Frankryk. De lânkring leit hielendal yn de Boppe-Rynske Leechflakte en heart ta de metropoalregio Ryn-Neckar en it eurodistrikt PAMINA.

Stêden en gemeenten StêdenFerbânsgemeentenGermersheim Wörth am Rhein1. Bellheim Bellheim 1 Knittelsheim Ottersheim bei Landau Zeiskam 2. Hagenbach Berg Hagenbach 1, 2 Neuburg am Rhein Scheibenhardt 3. Jockgrim Hatzenbühl Jockgrim 1 Neupotz Rheinzabern4. Kandel Erlenbach bei Kandel Freckenfeld Kandel 1, 2 Minfeld Steinweiler Vollmersweiler Winden 5. Lingenfeld Freisbach Lingenfeld 1 Lustadt Schwegenheim Weingarten Westheim 6. Rülzheim Hördt Kuhardt Leimersheim Rülzheim 11 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd

Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818