De provinsjale wei 369 (N369) is in provinsjale wei yn de gemeenten Achtkarspelen en Smellingerlân. De dyk ferbynt de N31 by Drachten mei de N355 besuden Twizel. Besuden Koatstertille rint er oer in brêge oer it Prinses Margrietkanaal hinne.
De dyk is oer de gânse lingte in twastripe-gebietsûntslutingsdyk mei in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Smellingerlân hjit de dyk Litswei en Foudenswei, yn de gemeente Achtkarspelen hjit er Langewyk en It Jachtfjild, Betonwei, Landyk, Hege Dyk en Koaten.
369 Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Geografy fan Achtkarspelen Kategory:Geografy fan Smellingerlân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw