De lânkring (Landkreis) Mayen-Koblenz is in bestjoerlik distrikt yn it noarden fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestjoer fan it distrikt komt gear yn Koblenz, in kreisfrije stêd dy't net by de lânkring heart. De grutste stêd wat ynwennertal oanbelanget is Andernach. De lânkring is mei likernôch 215.000 ynwenners ien fan de grutste distrikten fan Rynlân-Palts.
Skiednis Mayen-Koblenz waard yn 1973 troch gearfoeging fan de twa distrikten Mayen en Koblenz foarme.
Geografy Oanbuorjende distrikten binne (fan it noarden mei de klok mei) Ahrweiler, Neuwied, Westerwaldkreis, Koblenz, Rhein-Lahn, Rhein-Hunsrück, Cochem-Zell en Vulkaneifel.
De twa grutste rivieren yn Mayen-Koblenz binne de Ryn en de Mûzel, dy't yn de stêd by de Deutsches Eck yn Koblenz gearrinne. Yn it wêst fan de lânkring leit it Eifelgeberchte mei de Laacher See, in kratermar dat likernôch 12.000 jier lyn nei fulkanyske aktiviteit ûnstie .
Wapen It wapen ferieniget eleminten fan de wapens fan de eardere distrikten. De beam is ûntliend fan it eardere distrikt Mayen. De wite golf ferwiist nei de twa rivieren Ryn en Mûzel en de kroan is in ferwizing nei it kiezen fan kening fan it Hillich Roomske Ryk yn Rhens.
Stêden en gemeenten Ferbânsfrije stêden Andernach Bendorf Mayen Ferbânsgemeenten1. Maifeld Einig Gappenach Gering Gierschnach Kalt Kerben Kollig Lonnig Mertloch Münstermaifeld 2 Naunheim Ochtendung Pillig Polch 1, 2 Rüber Trimbs Welling Wierschem 2. Mendig Bell Mendig 1, 2 Rieden Thür Volkesfeld 3. Pellenz(sit: Plaidt) Kretz Kruft Nickenich Plaidt Saffig4. Rhein-Mosel Alken Brey Brodenbach Burgen Dieblich Hatzenport Kobern-Gondorf 1 Lehmen Löf Macken Niederfell Nörtershausen Oberfell Rhens 2 Spay Waldesch Winningen Wolken 5. Vallendar Niederwerth Urbar Vallendar 1, 2 Weitersburg6. Vordereifel (sit: Mayen) Acht Anschau Arft Baar Bermel Boos Ditscheid Ettringen Hausten Herresbach Hirten Kehrig Kirchwald Kottenheim Langenfeld Langscheid Lind Luxem Monreal Münk Nachtsheim Reudelsterz Sankt Johann Siebenbach Virneburg Weiler Welschenbach 7. Weißenthurm Bassenheim Kaltenengers Kettig Mülheim-Kärlich 2 Sankt Sebastian Urmitz Weißenthurm 1, 21 sit fan de Verbandsgemeinde; 2 stêd
Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970