Ahrweiler is in lânkring (Landkreis) yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestjoer hat syn sit yn Bad Neuenahr-Ahrweiler.
Geografy De lânkring Ahrweiler grinzget mei de klok mei oan Euskirchen, Rhein-Sieg, de stêd Bonn yn Noardryn-Westfalen en de distrikten Neuwied, Mayen-Koblenz en Vulkaneifel. De eastlike grins fan de lânkring wurdt foarme troch de Ryn. De Ahr dy't yn de Ryn útmûnet rint fanút it súdwesten dwers troch de lânkring nei de mûning yn it noardeasten.
It stedsdiel Ahrweiler fan Bad Neuenahr-Ahrweiler leit oan de râne fan de Eifel. De bergen noardlik fan de Ahr wurde de "Ahrbergen" neamd. Heger binne de bergen yn it suden fan de lânkring, dy't dêr de "Hege Eifel" foarmje.
De bosken binne fral in risseltaat fan it grutskalich oanlizzen fan bosk yn de 19e iuw. It meast komt de spar foar, dy't lykwols oarspronklik net yn de regio foarkomt. Oan de grins mei de lânkring Mayen-Koblenz leit de Laacher See, de grutste mar fan Rynlân-Palts. It Rodder-Maar, in ûndjippe mei wetter folle delte, waard yn de jierren 1950 droechlein en beplante mei beammen, mar is sûnt 1998 restaurearre en tsjintwurdich in gebiet foar wetterfûgels en seldsume bisten.
Oan de Ahr wurdt in soad oan wynbou dien; it is ien fan de noardlike gebieten mei wynbou yn Dútslân. Fral reade wyn wurdt produsearre. Yn de lânkring lizze by de Nürburg de Nordschleife en de Nürburgring.
It heechste punt fan de lânkring (en dat fan it de hiele Eifel) is de Hege Acht mei in hichte fan 747 boppe seenivo. Stêden en gemeenten
De lânkring Ahrweiler bestiet út fjouwer ferbânsfrije gemeenten (Verbandsfreien Gemeinden): Bad Neuenahr-Ahrweiler Grafschaft Remagen Sinzig
Dêrnjonken binne ek fjouwer ferbânsgemeenten (Verbandsgemeinden): Adenau Altenahr Bad Breisig Brohltal
StêdenFerbânsgemeenten Bad Neuenahr-Ahrweiler Remagen Sinzig
Frije gemeente Grafschaft1. Adenau
Adenau 1, 2 Antweiler Aremberg Barweiler Bauler Dankerath Dorsel Dümpelfeld Eichenbach Fuchshofen Harscheid Herschbroich Hoffeld Honerath Hümmel Insul Kaltenborn Kottenborn Leimbach Meuspath Müllenbach Müsch Nürburg Ohlenhard Pomster Quiddelbach Reifferscheid Rodder Schuld Senscheid Sierscheid Trierscheid Wershofen Wiesemscheid Wimbach Winnerath Wirft2. Altenahr Ahrbrück Altenahr 1 Berg Dernau Heckenbach Hönningen Kalenborn Kesseling Kirchsahr Lind Mayschoß Rech 3. Bad Breisig Bad Breisig 1, 2 Brohl-Lützing Gönnersdorf Waldorf 4. Brohltal Brenk Burgbrohl Dedenbach Galenberg Glees Hohenleimbach Kempenich Königsfeld Niederdürenbach Niederzissen 1 Oberdürenbach Oberzissen Schalkenbach Spessart Wassenach Wehr Weibern 1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1816