The Spectacular Now is in Amerikaanske romantyske jeugddramafilm út 2013 ûnder rezjy fan James Ponsoldt, mei yn 'e haadrollen Miles Teller en Shailene Woodley. De titel betsjut "It Spektakulêre No". It ferhaal giet oer Sutter Keely, in learling oan 'e middelbere skoalle dy't fan miening is dat men yn it momint libje moat. Hy makket fan it libben in feest, mar rekket ûnderwilens ferslave oan alkohol. Hy liket der hurd oan te wurkjen om himsels nei de fernieling te helpen. Alles feroaret as er in relaasje kriget mei de stille en yntelliginte Aimee, dy't grutte dreamen foar de takomst hat en yn alles Sutter syn tsjinpoal liket te wêzen. The Spectacular Now waard as ûnôfhinklike film foar it earste fertoand op it Sundance Filmfestival fan 2013 en krige fan 'e filmkritisy tige positive resinsjes. De film wûn fierders ferskate prizen, en groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.
Plot Sutter Keely is in achttjinjierrige learling oan 'e middelbere skoalle yn in lytse stêd earne yn 'e Feriene Steaten, dy't fan miening is dat je yn it momint libje moatte. Hy sit yn it eksamenjier fan syn skoalle, mar hâldt him benammen dwaande mei feestfieren. Hy drinkt al jierren alkohol, net inkeld bier, mar ek in protte sterke drank, hoewol't dat yn 'e Feriene Steaten ferbean is foar lju ûnder de 21 jier. Tsjintwurdich kin er eins net mear funksjonearje sûnder alkohol, dat hy hat altyd in heupfleske sterke drank by him om frisdrinken mei fuort te sterkjen. Syn besykjen om syn maat Ricky oan 'e faam te helpen, rint der troch omstannichheden op út dat syn eigen faam Cassidy Roy de ferkearing mei him útmakket.
As Sutter letter thúskomt, besiket er in oanfraach foar in universiteit yn te foljen dêr't him frege wurdt in essay te skriuwen oer it grutste probleem yn syn libben, hoe't er dat oerwûn hat en wat er dêrfan leard hat. Hy skriuwt dat syn grutste probleem is dat er troch Cassidy dumpt is en dat er dat oerwûn hat troch himsels net ta stean dat er dêr depressyf fan wurdt. Dy jûns giet er nei in feest, rekket dronken en kriget yn 'e auto ûnderweis nei hûs in blackout.
De oare moarns ier wurdt Sutter wekker makke troch Aimee Finecky, in famke út syn klasse dat er amper ken. Sy docht (yn 'e auto) de krantewyk fan har mem (dy't de foargeande jûns ek te djip yn it gleske sjoen hat) en hat Sutter earne yn in foartún bewusteleas oantroffen. Sutter bepraat har om him meiride te litten, om't sy dochs de hiele buert troch moat, en hy gjin idee hat wêr't er syn eigen auto litten hat. Under de rit reitsje se oan 'e praat, en Sutter beseft dat er Aimee bêst lije mei. Se prate ôf om op moandei yn 'e skoalkantine tegearre te iten.
Dy deis is Sutter te let om't er neibliuwe moast by menear Aster, de mjitkundelearaar, mei't er syn húswurk wer ris net dien hie. Hy freget Aimee, dy't op skoalle yn alle fakken goed meikomme kin, om him byles yn mjitkunde te jaan. Hy makket net allinne har en syn maten, mar ek himsels wiis dat it him inkeld om in heger sifer te dwaan is (en net om't er gewoan mei har omgean wol). De earste kear dat er byles fan Aimee kriget, komt Sutter mear oer har oan 'e weet. Se wennet by har jongere broer en har mem, is yntelligint en grappich en hâldt fan science fiction en manga's. Hy freget har om 'e oare deis mei him nei in feest te gean. As er thús komt, chat er mei Cassidy, dy't de oare deis nei itselde feest giet.
As er mei Aimee op dat feest oankomt, stelt er Aimee oan in pear jonges foar en lit har dan oan har lot oer om Cassidy op te sykjen. Dy blykt lykwols op it feest te wêzen mei Marcus West, de swarte Amerikaansk fuotbalstjer fan 'e middelbere skoalle. Sutter keart werom by Aimee, dy't syn ôfwêzigens net iens opmurken hat, noch de seksuele belangstelling dy't de jonges dêr't se mei praat foar har hawwe. Sutter dwerseidet de jonges troch har te freegjen in eintsje mei him te kuierjen. Wylst se rinne, bekent Aimee dat se noch nea dronken west hat of in feint hân hat. Ek fertelt se dat se talitten is oan in universiteit yn Philadelphia, mar dat se dêr net hinne kin om't har mem har thús hâlde wol. Sutter jout har te drinken út syn heupfleske, fiteret har oan om har mem it mannewaar op te sizzen en tutet har.
De oare moarns wurdt Sutter wekker mei in flinke kater en beseft er dat er Aimee de foargeande jûns yn dronken steat frege hat om mei him nei it lêstejiers dûnsfeest (prom) fan harren skoalle te gean. Syn maat Ricky trunet him oan om wat der dan ek tusken him en Aimee bestiet, ôf te brekken foar't er har fereale op him makket en har hert brekt. Sutter moat tajaan dat dat it ferstandichste is om te dwaan, mar hy is net ree om Aimee nea wer te sjen, hoewol't er likemin wis is oft er wol mei har nei it dûnsfeest wol. Syn oplossing foar syn betizing is om Aimee te ûntwiken en Cassidy by har thús op te sykjen. Se wurde tegearre dronken yn har keamer, mar Cassidy is ien dy't der dingen útblaft as se dronken is, dy't se oars stilholden hie, en se fertelt him wylst har de triennen oer de wangen rôlje dat se gjin takomst mei him sjocht. Hy wol inkeld feestfiere, wylst sy fierder foarúttinkt en in bestean nei de middelbere skoalle opbouwe wol. It einiget dermei dat se him freget om fuort te gean.
De oare deis op skoalle wurdt Sutter it leksum lêzen troch Crystal, de bêste freondinne fan Aimee, dy't him ferwyt dat er har ûntrint en him warskôget dat er net mei har omboartsje moat. Sutter wie hielendal net fan doel om Aimee dy deis op te sykjen, mar de wurden fan Crystal litte him net los, dat as er dy jûns ûnderweis is nei in itentsje mei syn âldere suster Holly, fan wa't er alhiel ferfrjemde is, keart er yn in ympuls de auto en riidt nei Aimee har hûs om har te freegjen en gean mei. Op it itentsje fertelt Aimee frijmoedich oer it ferstjerren fan har heit, dy't ferslave wie oan pinestillers en op in stuit in oerdoazis nommen hat, en oer har takomstdream om op in ranch mei hynders te wenjen en by de NASA te wurkjen wylst se in perfekt houlik hat mei in man dy't har op alle mêden oanfollet. Sutter hie fan beide dingen gjin flau idee, en syn belangstelling foar Aimee nimt sterk ta, hoewol't dúdlik is dat se yn hast alles syn folsleine tsjinpoal is.
De relaasje fan Sutter en Aimee wurdt dan serieuzer, en nei ferrin fan tiid geane se foar it earst mei-inoar op bêd. Neitiid fertelt Sutter dat syn heit Tommy der troch syn mem útsmiten is doe't hysels noch in lyts jonkje wie, en dat syn mem him net fertelle wol wêr't er no is. Aimee praat dan mei him ôf dat se har mem fertelle sil dat se hoe dan ek nei Philadelphia ta giet te studearjen as Sutter fan syn mem de kontaktgegevens fan syn heit opeasket.
Op 'e jûn fan it lêstejiers dûnsfeest jout Sutter Aimee har eigen heupfleske, dêr't er in boadskip foar har yn gravearje litten hat, sadat se neitiid tegearre drinke kinne. Nei it feest fertelt Aimee dat se tsjin har mem sein hat dat se nei Philadelphia giet en dat har mem har dêr, úteinlik, by dellein hat. Se hat in âldere suster yn Philadelphia te wenjen, dy't tasein hat om har te helpen by it finen fan in appartemintsje en in bybaan. Se freget Sutter om mei te gean, sadat se gearwenje kinne, en hy stimt dêr wifeljend mei yn. Ek stiet se der by him op oan om no syn diel fan 'e ôfspraak nei te kommen en de konfrontaasje mei syn mem oan te gean oer syn heit. Sutter docht dat, mar syn mem wegeret him de kontaktgegevens te jaan, en it petear rint út op in slimme rûzje. Neitiid beklaget Sutter him oer syn mem by syn suster Holly en freget har om ris mei harren mem te praten. Sy fertelt him lykwols dat se de kontaktgegevens sels wol hat, en tsjin betterwitten yn jout se dy oan him troch.
Sutter skillet syn heit Tommy op en makket in ôfspraak om him te moetsjen en tegearre nei in honkbalwedstryd te gean. As er op 'e ôfsprutsen dei mei Aimee nei in rit fan trije oeren by syn heite keamer yn in snústerich motel arrivearret, liket Tommy him folslein fergetten te wêzen. Hy is dúdlik oansketten en hy nimt harren ynstee fan nei in honkbalwedstryd mei nei in pleatslike kroech. Dêr fertelt er Sutter dat er út eigen beweging by syn gesin weigien is, krekt sa't Sutter syn mem altyd sein hat, mar eat dat Sutter altyd foar in leagen holden hat. Healwei de jûn fersiert Tommy in frou, lit Sutter mei de rekken foar it bier sitte en knypt der tuskenút mei it ûnthjit dat er Sutter en Aimee mei in oere by syn motel wer sjen sil. Dêr komt er lykwol net opdaagjen, en as Sutter en Aimee wer nei de kroech ride, sjogge se him dêr mei syn maten sitten te drinken. Sutter sjocht syn held ûntsjinkearber fan it fuotstik fallen en set mei in brutsen hert ôf nei hûs.
Underweis besiket Aimee him te treastgjen en seit dat se fan him hâldt. Sutter is lykwols lulk en oansketten en falt nei har út. Nei't er troch de ôflieding fan harren rûzje op in hier nei in frontale botsing mei in tsjinlizzer feroarsaket, set er de auto stil. Hy fertelt Aimee oprjocht dat er in minne ynfloed op har is en riedt har mei ynmoed oan om by him út 'e buert te bliuwen. Dat liedt ta in nije rûzje, wêrby't er op in stuit de gûlende Aimee út 'e auto set. Ta syn ûntsteltenis wurdt se frijwol fuortendaliks skept troch in foarbyridende auto. Lokkigernôch komt se der mei in brutsen earm en wat blauwe plakken fan ôf, mar yn it sikehûs wurdt Sutter syn mem Sara derby helle, dy't him de mantel útfeecht om't er mei drank op efter it stjoer siet.
Aimee ferjout Sutter foar de hiele brot. In skoftke letter fynt de eksamenútrikking op harren skoalle plak. Dat Sutter slagge is, hat er te tankjen oan 'e bylessen mjitkunde fan Aimee. Op 'e útrikkingsseremoanje biedt se him drank út har heupfleske oan, mar foar it earst sûnt minskewitten slacht er it ôf. Wylst Aimee mei Crystal praat, komt Cassidy by Sutter om ôfskie te nimmen. Se fertelt him dat se tsjintwurdich besiket om besluten te nimmen dy't goed foar har binne, dat se hat besletten om mei Marcus West nei Kalifornje te gean, ek al hâldt se net fan him sa't se fan Sutter hold. Letter ropt Dan, de eigner fan in manljuskleansaak dêr't Sutter al jierren in bybaantsje hat, him by him om him te fertellen dat de saken de lêste tiid net goed geane. Hy moat dêrom ien fan syn meiwurkers ûntslaan. Om't er Sutter suver as syn soan beskôget, wol er graach dat dy by him bliuwt te wurkjen, mar dat kin allinnich as er him ûnthjit dat er nea wer dronken of oansketten op it wurk ferskine sil. Sutter fertelt Dan earlik dat er sa'n ûnthjit net sûnder ligen meitsje kin en kriget dien.
As Aimee op 'e bus nei Philadelphia wachtet en neat heard hat fan Sutter, besiket se him wanhopich tillefoanysk te berikken. Sutter nimt lykwols net op en riidt sûnder dat se it sjocht by de bushalte lâns. Mei in brutsen hert moat se úteinlik ynstappe as se mei wol. Sutter belânet dy jûns yn in kroech dêr't er him bedrinkt mei in âldere sûplap dy't de gek mei him hat sûnder dat er it merkt. As er stomdronken nei hûs riidt en syn auto boppe-op 'e brievebus parkearret, folget in nije rûzje mei syn mem. Nei't se wat kalmearre is, seit se dat se neitocht hat oer wat er okkerdeis sei oer dat er syn heit moetsje woe. Se is ta de konklúzje kommen dat se him dat net ûnthâlde kin, al hoe'n min idee oft se ik ek fynt, dat se wol him syn heite kontaktgegevens jaan. Sutter fertelt har dat er syn heit al met hat en hoe'n ellindige ûnderfining oft dat wie. It is him no dúdlik dat er folle mear nei syn heit útskaait as nei syn mem, mei't de moeting krekt wie as seach er yn 'e spegel. Syn mem ûntstriidt dat yn alle toanaarden. Neffens har is syn heit in aaklike ikman dy't yn syn libben noch nea oan in oar tocht hat. Sutter, lykwols, is altyd mear mei oaren as mei himsels dwaande, en se begjint foarbylden út syn ferline op te heljen om dat te bewizen. Sutter brekt en gûlt út yn syn memme earms.