thumb|De Fokseparkwyk mei it Westerpark yn grien thumb|It Westerpark It Westerpark is in stedspark yn de stêd Ljouwert en leit yn de Fokseparkwyk/Westerparkwyk. It park wurdt yn de folksmûle ek wol "Foksepark(je)" neamd. De namme komt fan de eigener fan de eardere mûne It Laam, Hermanus Albertus Vosman (1862-1922)Mûne It Laam fan Vosman 't Kleine Krantsje 1 oktober 1989, side 39. It park wurdt oan de eastkant begrinzge troch de Westersingel, oan de súdkant troch de Fonteinstrjitte, oan de westkant troch de Westerparkstrjitte en oan de noardkant de Mûnestrjitte.

Yn 1872 waard troch de gemeente in drinkwetterfiver oanlein. De grûn fan de fiver waard troch túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp brûkt om ôfrinnendehellings te meitsjen foar in park yn lânskipstylWesterpark op gerrit-vlaskamp.nl. Yn 1926 waard it park fannijs ynrjochte.

Foar tsien Joadske slachtoffers út Ljouwert yn de Twadde Wrâldkriich, waard op snein 28 april 2019 yn it park in ynformaasjepaniel ûntbleateGedenksteen eerste Joodse martelaren van Leeuwarden Ljouwerter Krante 19 april 2019.

Kategory:Park yn Ljouwert (stêd) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1872