thumb|De buert Julianapark, mei it park yn grien thumb|Fiver mei fontein yn it park Julianapark is in buert en in stedspark yn de stêd Ljouwert en falt ûnder de wyk Huzum-West.

It Julianapark, neamd nei prinsesse Juliana, waard yn 1941/1942 oanlein nei in ûntwerp fan túnarsjitekt Jan Vroom. Yn 2012 waard der yn de fiver it keunstwurk Reade paraplu pleatst. It is in fontein fan Xandra de Vries en Walter BaasFontein de Reade paraplú op walterbaas.nl. It park is sûnt 2013 in gemeentlik monumint (nr. 338)Gemeentlik monumint op webstee fan de gemeente. It park wurdt oan de súdkant begrinzge troch de Julianaleane, yn it súdwesten troch de Kuriostsjerke, oan de westkant troch de Hobbemastrjitte, oan de noardkant troch de Vincent van Goghstrjitte,en oan de eastkant troch de Pieter Lastmanstrjitte.

Kategory:Wyk yn Ljouwert Kategory:Park yn Ljouwert (stêd) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942