Flight is in Amerikaanske dramafilm út 2012 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Kelly Reilly. De titel betsjut "Flecht"; dat is in wurdboarterij, mei't dat wurd yn it Ingelsk krekt as yn it Frysk sawol "fleanen" as "útnaaien" betsjutte kin. It ferhaal giet oer William "Whip" Whitaker, in ferkearspiloat dy't al jierrenlang syn alkoholisme en drugsferslaving geheim witten hat te hâlden. As syn fleantúch troch min ûnderhâld delstoart, rêdt er troch syn rislút yngripen it libben fan 'e measte ynsittenden. Hy wurdt ynhelle as held, mar neitiid komme by it ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngemak syn geheimen oan it ljocht. Flight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot Ferkearspiloat William Whitaker, byneamd Whip, hat in nacht mei mar in bytsje sliep mar mei nammenste mear drank en seks efter de rêch mei in tsjeppe Latina yn in hotelkeamer yn Orlando (Floarida). De oare moarns, as er noch heal dronken is en lêst hat fan in slimme kater, brûkt er kokaïne om himsels op te peppen. Dêrnei set er ôf nei de pleatslike lofthaven, om't er in ferkearsfleantúch fan loftfeartmaatskippij SouthJet nei Atlanta fleane moat. By it fleantúch oankommen, wurdt er ferwolkomme troch Trina Márquez, deselde Latina mei wa't er de nacht trochbrocht hat, dy't stewardess op deselde flecht blykt te wêzen.

SouthJet-flecht 227 hat lêst fan slimme turbulinsje by it opstiigjen, mar Whip fiert de faasje fan it fleantúch op oant boppe de tastiene mjitte en wit troch it swierwaar dat de turbulinsje feroarsaket hinne te prippen en boppe it wolkedek te kommen. Ko-piloat Ken Evans nimt de kontrôle oer it fleantúch oer wylst Whip de passazjiers tasprekt en ûnderwilens op diskrete wize syn grutte flesse jus d'orange oanlinget mei trije lytse fleskes wodka. Nei't er dêr fuortendaliks in pear flinke swolgen fan nommen hat, docht er yn 'e gesachfierdersstoel eefkes in slûchje fan in healoere. Hy skrikt wekker as it tastel deunby de bestimming hommels in dûkflecht begjint te meitsjen, dy't de beide piloaten net tsjinkeare kinne. It liket net mear foar te kommen dat SouthJet-flecht 227 yn in wenwyk fan Atlanta delstoarte sil.

Whip bliuwt lykwols kalm. Om't it fleantúch inkeld noch nei ûnderen ta stjoere wol, nimt er it noch nea foarkommen beslút om it op 'e rêch te rôljen; as it tastel dan nei 'ûnderen' ta wol, giet it feitliks nei boppen. Op dy wize wit er it fleantúch, mei help fan Evans en haadstewardess Margaret Thomason, dy't er by him yn 'e cockpit ropt, by de stêdekloft wei te fleanen. Underwilens hat Trina Márquez har plak ferlitten om in lyts jonkje te rêden, dat troch it ûnderstboppest kearen fan it fleantúch út syn stoel fallen is. Boppe de greiden fan it plattelân om Atlanta hinne draait Whip it fleantúch wer werom en besiket er in behearske needlâning te meitsjen. Om't de iene wjuk de spits fan in tsjerketoer rekket, wurdt it tastel lykwols út it lykwicht skuort, sadat de oare wjuk it earste diel is dat de grûn rekket. It fleantúch komt del en alles wurdt swart.

Underwilens stiet de heroïneferslaafde masseuze Nicole Maggen yn Atlanta op it punt om út har appartemint set te wurden om't se de hier al in skoft net opbringe kinnen hat. Hoewol't se al langere tiid clean is, kriget se in weromfal. Om oan har ellindige sitewaasje en har stikkene libben te ûntsnappen, beslút se de heroïne yn te nimmen dy't se fan in freon krigen hat. Hoewol't er har warskôge hat dat it te sterk spul is om te spuitsjen, en dat se it inkeld smoke kin, spuitet se it dochs yn, mei as gefolch dat se bewusteleas rekket fan 'e oerdoazis. Har hierbaas, dy't om 'e hier komt, treft har sa oan en skillet in ambulânse. Wylst de ferpleechkundigen har op in brankaar út har appartemint ride, fljocht boppe harren SouthJet-flecht 227 ûnderstboppest foarby.

Whip wurdt wekker yn in sikehûs yn Atlanta. Hy hat by de needlâning mar lichte ferwûnings oprûn en wurdt begroete troch syn âlde kammeraat Charlie Anderson, in âld-piloat dy't no fertsjintwurdiger fan it fakbûn fan piloaten is. Hy fertelt Whip dat er mei syn aksje 96 fan 'e 102 ynsittenden fan it fleantúch it libben rêden hat, en dat er troch de media útroppen is ta in held. De seis deaden binne fjouwer passazjiers en de beide stewardessen dy't harren yn 'e romp fan it fleantúch befûnen: Cami Satou en Trina Márquez. Ko-piloat Evans leit yn koma. Whip, dy't skieden is en net folle kontakt mei syn eks-frou en soan hat, lit klean en sigaretten yn it sikehûs besoargje troch de joviale drugsdealer Harling Mays, mei wa't er troch de jierren hinne befreone rekke is. Mays wol him ek wol drank en drugs tahawwe, mar mei it each op it ûndersyk dat de National Transportation Safety Board (NTSB) nei it delstoarten fan it fleantúch ynsteld hat, sjocht Whip dêrfan ôf. As Whip dy jûns fuortglûpt om yn it treppehûs in sigaret te smoken, moetet er dêr Nicole, dy't yn itselde sikehûs opbetteret fan har oerdoazis heroïne, en ek it treppehûs útsocht hat as gaadlik plak om te smoken.

De oare moarns wurdt Whip út it sikehûs ophelle troch Mays, dy't him nei de lofthaven ta bringt, dêr't syn auto noch stiet. Om't syn hûs yn Atlanta belegere wurdt troch de media, lûkt Whip him werom op it boerespultsje op it plattelân bûten de stêd, dat fan syn heit silger wie. Dêr smyt er alle drank en drugs fuort dy't er dêr hat. As Whip in dei letter in moeting hat mei Charlie Anderson en syn abbekaat Hugh Lang, leit Lang him út dat de NTSB al bloed fan him ôfnommen hat doe't er noch bewusteleas yn it sikehûs lei. Whip begrypt dat al syn foarsoarchsmaatregels sinleas wiene. Lang befêstiget dat út 'e drugstest bleken is dat Whip ûnder de flecht sawol dronken as ûnder ynfloed fan kokaïne wie. Hy hat der lykwols alle fertrouwen yn dat er de test ûnjildich ferklearje litte kin omreden fan foarmflaters. It earste dat Whip nei it petear docht, is nije drank ynslaan. Op 'e weromweis nei it boerespultsje giet er oan by Nicole, dy't op dat stuit krekt har appartemint ûntrommet. Se wit noch net wêr't se hinne sil en har auto docht it net, dat Whip biedt har oan om by him te útfanhûzjen oant se har libben wer op oarder hat.

Op it boerespultsje krije Whip en Nicole al rillegau in seksuele relaasje, mar as Whip him wer oerjout oan drank en drugs, botst dat mei Nicole har stribjen om diskear foargoed ôf te kicken. Whip giet nei de begraffenis fan Trina, dêr't er haadstewardess Margaret Thomason emosjoneel ûnder druk set om foar him tsjin 'e NTSB te ligen. Hy besiket ek ko-piloat Ken Evans, dy't ûnderwilens út syn koma kommen is. Mar syn skonken en bekken binne by de needlâning ferbrizele, en hy sil nea wer fleane kinne. Sterker noch, hy mei yn 'e hannen knipe as er ea wer rinne kinne sil. Hoewol't er lulk is op Whip, hat er tagelyk foar it ferstân dat er mei in oare piloat it delstoarten fan SouthJet-flecht 227 hielendal net oerlibbe hawwe soe. Mei't er in fûnemintalistyske kristen is, hat er besletten dat Whip troch God stjoerd west hawwe moat. Dêrom sil er de NTSB net fertelle dat er de dranklucht rûke koe sadree't Whip de moarns fan 'e flecht yn 'e cockpit kaam.

Nei ferskate konfrontaasjes mei Whip oer syn hâlden en dragen, wêrby't er by heech en by leech ûntstriidt dat er in alkoholist is om't er, sa beweart er, samar ophâlde kinne soe fan drinken as er dat woe, beslút Nicole by Whip wei te gean. Koarte tiid letter ûntdekke de media Whip syn ûnderdûkersplak op it boerespultsje. Om't it lêste dat er wol, is om 'e media te wurd te stean, naait er út yn 'e auto en riidt drinkendewei werom nei Atlanta. Tajaand oan in ympuls giet er healdronken oan by syn eks-frou en soan, dy't dêr gjin nocht oan hawwe. Om't er wegeret fuort te gean, skillet syn eks-frou de plysje op. Tsjin 'e tiid dat dy arrivearret, hawwe de media it hûs ek fûn en wurdt Whip foar it each fan 'e kamera's fan it hiem ôf eskortearre. Neitiid meldt er him by Charlie Anderson thús, om't er nearne oars mear hinne kin. Charlie is dêr net wiis mei, mar Whip smeket him om him dêr bliuwe te litten oant de harksitting fan 'e NTSB. Charlie jout ta, mar drukt him op it hert dat er ab-so-lút neat drinke of brûke mei. Whip ûnthjit dat en de njoggen dagen dat er by Charlie útfanhûzet, slagget it him om fan 'e drank en drugs ôf te bliuwen.

De jûns foarôfgeande oan 'e harksitting bringe Charlie en Hugh Lang Whip ûnder yn in hotelkeamer yn itselde hotel dêr't de oare moarns de harksitting holden wurde sil. Der stiet in bewekker by him foar de doar, sabeare om foar te kommen dat er steurd wurdt troch de media, mar eins om foar te kommen dat er útgiet om drank of drugs. Yn 'e minybar yn 'e hotelkeamer stiet inkeld frisdrinken. Whip is ûngeduerich, mar alles giet goed, oant er ûndekt dat de tuskendoar nei de njonkenlizzende hotelkeamer los is. Dy hotelkeamer blykt leech te wêzen, mar de minybar is dat net. Nei in koarte wrakseling mei himsels begjint er de fleskes drank efteroer te slaan. De oare moarns wurdt Whip troch Charlie en Hugh yn syn hotelkeamer bewusteleas en sa dronken as in kroade oantroffen op 'e badkeamerflier. Se bringe him by, mar sitte mei de hannen yn it hier. Whip hjit harren om Harling Mays op te skiljen, dy't delkomt en him troch it tatsjinjen fan kokaïne wer oansprekber makket.

Op 'e harksitting makket Ellen Block, de liedster fan it NTSB-ûndersyk, bekend dat it delstoarten fan SouthJet-flecht 227 feroarsake waard troch in fersliten skroef yn it hichteroer, dy't moannen earder al ferfongen wurde moatten hie. Se lovet Whip foar de moed, kalmte en bekwamens wêrmei't er de libbens fan 96 fan 'e ynsittenden rêden hat. Se fertelt ek dat de NTSB de omstannichheden neibeard hat yn in flechtsimulator, en dat it gjin inkele oare piloat slagge om SouthJet-flecht 227 te rêden fan it delstoarten mei ferlies fan alle libbens.

Dêrnei giet Block oer op 'e kwestje fan twa lege wodkafleskes dy't yn it jiskefet fan it fleantúch fûn binne (de trêde is blykber by de needlâning weiwurden), wylst der omreden fan 'e turbulinsje oan it begjin fan 'e flecht oan board gjin drank skonken waard. Dat betsjut dat inkeld leden fan 'e bemanning tatong ta de wodka hiene. Mei't Whip syn toksikologytest om foarmflaters net talitten is, wie Trina Márquez it iennichste (oare) bemanningslid dat ûnder ynfloed fan alkohol wie. Block wol no fan Whip witte oft er tinkt dat sy de beide fleskes wodka lytsman makke hat. Mei in simpel "ja" soe Whip, troch Trina de skuld op 'e lea te skowen, fan it hiele spul ôf wêze. Mar Block hat tsjin Whip syn ferwachting yn it iene ûnderwerp fûn dêr't er net oer lige wol, út respekt foar de neitins oan Trina en om't er blykber wier fan har hold. Nei in lange stilte brekt er en bekent dat er de deis fan 'e crash en alle dagen dêrfoar dronken en ûnder ynfloed fan drugs wie, en dat er dat no ek is, mei't er in alkoholist en in drugsferslaafde is.

Yn in epilooch fertelt Whip trettjin moannen letter oan in stipegroep fan oare alkoholistyske feroardielden yn 'e finzenis dat er bliid is dat er dy deis op 'e harksitting de juste beslissing nommen hat. Hoewol't er dêrtroch letter ta seis jier selstraf feroardiele is om't er sa lang op eltse flecht de libbens fan syn passazjiers yn gefaar brocht hie, is er no yn elts gefal nofter, wat er foartiid al withoelang net mear west hie. Hy fertelt dat er oan al dejingen dy't er troch syn dieden teneikommen is, syn ûntskuldigings oanbean hat. Guon hawwe dy akseptearre, en guon sille dat nea dwaan, en dat is ek wat dêr't er mei leare moatte sil te libjen. Yn syn finzenis hingje foto's fan Nicole, dy't him blykber àl ferjûn hat. De film einiget as Whip besyk kriget fan syn soan.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise William "Whip" Whitaker Denzel Washington Nicole Maggen Kelly Reilly

byrollen