Star Trek VI: The Undiscovered Country is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1991 ûnder rezjy fan Nicholas Meyer, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "It Unûntdutsen Lân", in sitaat út Hamlet fan Shakespeare, dat ferwiist nei de takomst. It ferhaal folget kaptein Kirk, Spock, dokter McCoy en de oare bemanningsleden fan it romteskip de USS Enterprise as se in fearnsjier foar harren pinsjonearring útstjoerd wurde yn tarieding op fredesûnderhannelings mei de Klingons, in bûtenierdsk ras dêr't se mear as fjirtich jier tsjin fochten hawwe. Star Trek VI: The Undiscovered Country wie de sechsde en lêste film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot As de USS Excelsior, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, dat ûnder lieding stiet fan kaptein Hikaru Sulu, nei in trijejierrige ûntdekkingsreis troch it hielal ûnderweis werom is nei de Ierde, wurdt it skip ûnferhoeds troffen troch in reuseftige skokweach. De Excelsior ûntdekt dat de weach feroarsake is troch de ûntploffing fan Praxis, in moanne fan 'e planeet Kronos, de thúswrâld fan 'e bûtenierdske Klingons, mei wa't de Federaasje al desennia lang yn oarloch is. De moanne blykt troch de ûntploffing fierhinne ferpulvere te wêzen.

Inkele moannen letter wurde kaptein James T. Kirk en de brêgebemanning fan 'e USS Enterprise, in fearnsjier foar harren pinsjonearring, by in yn it geheim beleine gearkomste roppen yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco. Harren freon Spock, in Vulcaanske Stjerrefloatofsier, blykt beneamd te wêzen ta spesjale gesant fan 'e Federaasje yn it Klingon-Ryk. Hy leit de oare oanwêzigen út dat troch de ûntploffing fan Praxis, dy't feroarsake waard troch te folle mynbou en te min feilichheidsmaatregels, de ozonlaach fan Kronos oantaaste is. Der wurdt rûsd dat de soerstofatmosfear fan 'e planeet oer fyftich jier fuortlekt wêze sil. Troch de oerhege begrutting foar oarlochsútjeften kin de Klingon-ekonomy de kosten net drage, dy't de oanpak fan dy ekologyske ramp fergje sil. Fan gefolgen hawwe de Klingons gjin oare kar as om 'e Federaasje te fersykjen om fredesûnderhannelings te begjinnen.

Spock hat, ta ûntsteltenis fan Kirk, de bemanning fan 'e USS Enterprise oanmelden as frijwilligers om Gorkon, de kânselier fan 'e Hege Ried fan it Klingon-Ryk, te moetsjen en nei de Ierde ta te eskortearjen foar it begjin fan 'e ûnderhannelings. De riddenearring fan Spock, en ek fan 'e generale stêf fan 'e Stjerrefloat, dy't mei syn foarstel ynstimd hat, is dat de âlde izerfretters fan 'e USS Enterprise, nei mear as fjirtich jier tsjin 'e Klingons fochten te hawwen, har neat troch de Klingon-delegaasje op 'e mouwe spjeldzje litte sille. Kirk is it lykwols hielendal net mei de fredesplannen iens. Hy fynt ynstee dat no, no't de Klingons yn 'e lytse loege sitte, in moaie tiid is om in nij offinsyf te begjinnen om 'e oarloch einlings en te'n lêsten yn it foardiel fan 'e Federaasje te besljochtsjen. Hy hatet de Klingons, mei't er it harren net ferjaan kin dat ien fan harren syn soan David ombrocht hat (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Sadwaande nimt er it Spock tige kwea-ôf dat dy him yn dizze saak behelle hat.

De USS Enterprise moetet de Klingon-slachkruser Kronos 1, dy't kânselier Gorkon ferfiert, by de neutrale sône tusken de Federaasje en it Klingon-Ryk. Kirk, dy't syn opdracht serieus nimt, ek al stiet dy him bot tsjin, nûget de kânselier út oan board fan 'e Enterprise foar in diner. Ta syn skrik nimt Gorkon it oanbod oan en lit him mei syn dochter Azetbur, syn stêfsjef generaal Chang en oare leden fan syn entoeraazje oerstrielje nei de Enterprise. Der folget in miel dat stiif stiet fan 'e spannings. Kirk en Chang toane iepentlik harren fijannigens. Boppedat stjonke de Klingons, hawwe se noch nea heard fan tafelmanearen en sitearje se oant op it ferfeelsume ôf út it wurk fan Shakespeare, dy't se as it iennichste bewûnderensweardige oan 'e minsklike kultuer beskôgje.

Nei't Gorkon en syn delegaasje harren wer ôfjûn hawwe nei harren eigen skip, wurde der twa fotontorpedo's op 'e Kronos 1 ôffjurre, dy't ôfkomstich lykje te wêzen fan 'e USS Enterprise. Troch de beide foltreffers wurdt de keunstmjittige swiertekrêft oan board fan it skip tydlik útskeakele, mei as gefolch dat alles en eltsenien begjint te sweven. Yn 'e gaos dy't dat feroarsaket, strielje twa figueren yn romtepakken fan 'e Stjerrefloat oer nei de Kronos 1, dy't har as iennichsten normaal fuortbewege kinne om't se magnetyske learzens drage. Se sjitte alle leden fan 'e Klingon-befeiliging dea dy't se tsjinkomme, en kringe troch yn 'e hut fan kânselier Gorkon, dy't se fataal ferwûnje. Neitiid strielje se harrensels wer fan it skip ôf. As generaal Chang de wapens fan 'e Kronos 1 oplaadt om as ferjilding foar dit ferrie fan 'e Federaasje de Enterprise oan te fallen, docht Kirk wat dat nimmen ferwachte hie: hy jout him oer.

Neitiid bejout Kirk him mei dokter Leonard McCoy nei de Kronos 1, dêr't McCoy syn bêst docht om it libben fan Gorkon te rêden. Syn krewearjen is lykwols om 'e nocht; de kânselier ferstjert nei't er Kirk op it hert drukt hat om "it sa net einigje te litten". Chang lit Kirk en McCoy arrestearje foar moard. De beide Stjerrefloatofsieren wurde nei Kronos brocht foar in showproses wêrby't se feroardiele wurdt ta libbenslange finzenisstraf mei twangarbeid yn 'e dilytiumminen fan 'e strafkoloanje op 'e beferzen asteroïde Rura Penthe. Gorkon wurdt as kânselier opfolge troch syn dochter Azetbur, dy't ynstimt mei nije fredesûnderhannelings mei de Federaasje, op betingst dat de Federaasje him dellizze sil by it fûnis fan Kirk en McCoy. Omreden fan befeiliging wurde de nije ûnderhannelings belein op in geheime, neutrale lokaasje.

Yn 'e minen fan Rura Penthe reitsje Kirk en McCoy befreone mei Martia, in bûtenierdsk wêzen dat it fermogen ta stalferwikseling besit. Dy fertelt harren dat se in manear wit om út 'e minen te ûntkommen nei in plak dat net ôfdutsen wurdt troch it anty-teleportaasjeskyld. Se hat lykwols ferlet fan 'e help fan Kirk en McCoy om dêrnei fan 'e asteroïde ôf te kommen. Nei harren ûntsnapping út 'e minen docht lykwols bliken dat it in falstrik foar de beide Stjerrefloatofsieren is. Op in ôfhandich plak op 'e gletsjers dy't Rura Penthe oerdekke, wurde se opwachte troch de sipiers, dy't opdracht krigen hawwe om harren om te bringen op sa'n manear dat it liket as binne Kirk en McCoy deasketten wylst se besochten te ûntsnappen. Ear't dat syn beslach krije kin, wurde se lykwols opstriele troch de USS Enterprise, dy't ûnder befel fan Spock yn 'e buert fan Rura Penthe omhingjen bleaun wie, tsjin 'e direkte befellen fan 'e Stjerrefloatlieding yn.

Underwilens hat Spock útriddenearre wat der wier bard wêze moat, de jûns fan 'e moardoanslach op Gorkon. It liek as waarden de fototorpedo's dy't it skip fan 'e kânselier rekken, ôfsketten troch de USS Enterprise. It kompjûtersysteem fan 'e Enterprise befêstiget dat der twa torpedo's út it arsenaal misse. Mar masinist Montgomery Scott hat mei in fisuele telling fêststeld dat alle torpedo's fan 'e Enterprise noch oan board binne. Neffens Spock kin dat inkeld betsjutte dat de Kronos 1 besketten is troch in oare romteskip, dat flak ûnder de Enterprise yn 'e romte hong. Om't de bemanning fan 'e Kronos 1 it net opmurken hat, moat it in skip west hawwe mei kamûflaazjeskylden, sa't de Klingons dy hawwe. Klingon-skippen kinne yn kamûflearre steat gjin wapens brûke, mar dit skip kin dat blykber wol. It feit dat der mei it kompjûtersysteem fan 'e Enterprise omknoeid is, bewiist lykwols dat der ek leden fan 'e bemanning gearspanne moatte mei de Klingons. Oan board fan 'e Enterprise hat Spock in syktocht yn gong set nei de magnetyske learzens fan 'e moardners fan Gorkon, dy't úteinlik yndie weromfûn wurde. De beide bemanningsleden dy't ferantwurdlik foar de moard wiene, wurde lykwols sels fermoarde oantroffen.

De slûchslimme Kirk lit dejinge dy't efter de moarden sit, deryn rinne troch oer de lûdsprekker in griffier nei de sikeboech te roppen om 'e tsjûgeferklearrings fan 'e beide fermoarde bemanningsleden op te nimmen. Dêrmei wurdt ymplisearre dat se it besykjen om harren út 'e wei te romjen, oerlibbe hawwe. Dy nachts kringt harren moardner de sikeboech yn om foargoed mei harren ôf te weven, mar wurdt dêr opwachte troch Kirk, Spock en McCoy. It blykt Spock syn beskermelinge te wêzen, de Vulcaanske luitenant Valeris. Om 'e identiteit fan har meistanners te ûntdekken forsearret Spock in Vulcaanske ferstânsferraning mei har, en sa ûntbleatsje Kirk-en-dy in gearspanning besteande út 'e oarlochspartij yn it Klingon-Ryk, ûnder oanfiering fan generaal Chang, mei de oarlochspartij binnen de Stjerrefloat, ûnder lieding fan admiraal Cartwright, dêr't ek de Romulaanske ambassadeur by belutsen is, mei't it Romulaanske Stjerreryk der alhiel gjin belang by hat dat de Federaasje en it Klingon-Ryk frede slute soene. It skip dat de torpedo's ôffjurre, wie yndie in Klingon-skip dat fuort ûnder de Enterprise hong, en dat in nij prototype wie dat sjitte koe sûnder syn kamûflaazjeskylden sakje te litten.

Kirk nimt kontakt op mei syn eardere bemanningslid Sulu, dy't no kaptein fan 'e USS Excelsior is. Sulu bringt út dat de geheime lokaasje fan 'e fredesbesprekkings Kamp Khitomer is, oan 'e grins fan 'e Romulaanske neutrale sône. Sawol de Enterprise as de Excelsior sette dêr mei tûzen hasten hinne, mei't de gearspanners sûnder mis fannijs besykje sille om frede ûnmooglik te meitsjen. As de USS Enterprise by de planeet arrivearret dêr't de ûnderhannelings holden wurde, komt it skip ûnder oanfal fan it kamûflearre oarlochsskip fan generaal Chang. Kirk-en-dy kinne de posysje fan it fijannige skip net fêststelle, wat betsjut dat Chang de Enterprise straffeleas besjitte kin sûnder sels gefaar te rinnen. As úteinlik de USS Excelsior arrivearret, falt Chang ek dat skip oan, wat de druk op 'e Enterprise wat ferlichtet. Op in suggestje fan luitenant Uhura passe Spock en McCoy in fotontorpedo oan troch tafoeging fan ûndersyksapparatuer nei gasreuzen, mei't it Klingon-skip sels yn kamûflearre steat beskate útlaatgassen útstjitte moat. As de torpedo ôfsketten wurdt, swalket er hinne en wer as in dronkeman, mar giet dan rjocht op it skip fan Chang ôf om in foltreffer te wurden. No't se de lokaasje fan 'e fijân witte, iepenje de Enterprise en de Excelsior it fjoer en ferneatigje it Klingon-skip.

Neitiid strielje bemanningsleden fan beide skippen harrensels omleech nei de fredeskonferinsje op it oerflak fan 'e planeet, dêr't Kirk it libben fan 'e presidint fan 'e Federaasje rêdt fan in Klingon-skerpskutter, dy't letter deasketten wurdt troch Scott. Admiraal Cartwright, de Romulaanske ambassadeur Nanclus en ferskate Klingon- en Stjerrefloatofsieren wurde yn 'e hechten nommen. Kirk hâldt in ympulsive taspraak, dêr't er yn pleitet foar frede. Hy en kânselier Azetbur fermoedsoenje harren mei-inoar. De fredesûnderhannelings geane troch en de USS Enterprise kriget befel om werom te kearen nei de Ierde, dêr't it skip út 'e feart helle en de bemanning mei pinsjoen stjoerd wurde sil. Kirk en de bemanning beslute lykwols dat der neat is dat harren driuwt, dat se beslute in omwei nei hûs te nimmen. As de Enterprise op "de twadde stjer fan rjochts" tagiet, ferklearret Kirk yn in voice-over dat dit de lêste reis fan 'e Enterprise ûnder syn befel wêze mei, mar dat der oaren binne dy't harren reizen fuortsette sille.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise kaptein James T. Kirk William Shatner Spock Leonard Nimoy dokter Leonard McCoy DeForest Kelley

byrollen