Lisa Schwarzbaum (New York, 5 july 1952) is in Amerikaansk sjoernaliste en publisiste. Hja waard benammen bekend troch har wurk as filmkritika foar it tydskrift Entertainment Weekly.
Libben en karriêre Schwarzbaum waard yn 1952 berne yn 'e New Yorkske borough Queens. Hja is fan etnysk Joadsk komôf.
Nei't se yn 'e 1970-er jierren har stúdzje ôfrûne hie, fûn Schwarzbaum wurk as sjoernaliste by The Real Paper, in krante yn Boston, dêr't se resinsjes skreau oer klassike muzyk. Se droech ek artikels by oan The Bosten Globe. Letter skreau Schwarzbaum foar de New York Daily News, The New York Times Magazine, Vogue en Redbook. Yn dy tiid wurke se as teaterkritikus en as tillefyzjekritikus.
Yn 1991 kaam Schwarzbaum te wurkjen by it tydskrift Entertainment Weekly, dêr't se yn 1993 filmkritika waard. Yn dy hoedanichheid krige se bekendheid by in breder publyk, û.m. om't se sa ek ferskynde yn tillefyzjeprogramma's, lykas de filmrubryk fan har kollega's Roger Ebert en Gene Siskel. Hja behold har funksje by Entertainment Weekly njoggentjin jier, oant har pinsjonearring yn febrewaris 2013. Schwarzbaum is lid fan it Amerikaanske Nasjonaal Genoatskip fan Filmkritisy (NSFC).
Nei eigen sizzen ûntfong Schwarzbaum ris in e-mailberjocht fan akteur Josh Brolin, dy't har komplimintearre mei har skriuwstyl en ûnthiet yn har film spylje te sillen as se ea in senario skriuwe woe. Yn har lêste artikel foar Entertainment Weekly makke se lykwols bekend dat se plannen hie om in boek te skriuwen, eat op it ynternet te dwaan, lêzings te jaan en in hûn te keapjen, mar net om senariste te wurden.
Keppelings om utens Lisa Schwarzbaum op Twitter Folsleine filmografy fan Lisa Scharzbaum yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk filmkritikus Kategory:Amerikaansk muzykkritikus Kategory:Amerikaansk telefyzjekritikus Kategory:Amerikaansk teaterkritikus Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1952