Saco van Teyens (Beetstersweach, 12 april 1797 - dêre, 1 febrewaris 1857) wie in Nederlânsk bestjoerder en rjochter.
Biografy Van Teyens wie in soan fan Benedictus van Teyens, gritenijsekretaris fan Opsterlân en ûntfanger fan de Opsterlandse Veencompagnie, en Froukjen Alberts, waans kokenfaam er yn 1795 oan boaske.Woude, N.L. van der (2006). Luyden van eren. Voorouders en nageslacht van Saco van Teyens (1601-1650). Genealogysk Jierboek 2006, s.7-85. Dat houlik soe ferbân hâlde mei it wankjende útstjerren fan de famylje Van Teyens. Saco, syn suster Etta Arnolda en broer Oene wiene de lêste telgen fan dat laach. Leden fan dat eigenerfde geslacht wiene benammen aktyf as gritenijsekretaris.
Van Teyens studearre earst yn Ljouwert en fan 1815 ôf rjochten yn Grins. Yn 1823 promovearre er oan de universiteit fan Grins.Terluin, J.C. (2008). De familie Van Teyens en de Van Teyens Fundatie. [pdf] Ta foldwaan fia: Vanteyensfundatie.nl.. Nei syn stúdzje gie er werom nei Beetstersweach en wenne er mei syn suster yn it Van Teyenshûs dat letter part fan it pân Bordena waard.Van Teyens Fundatie (2021). Tijdsbeelden. [online] Beskikber fia: Vanteyensfundatie.nl. [Geraadpleegd op 14 maart 2021]. Yn 'e mande mei syn broer en suster ferkocht er in protte lân yn Fryslân en it Grinslânske Westerkertier. Yn 1828 wie der in boelskieding tusken Van Teyens en syn broer en suster. Dêrby krige er de Fockensstate dy't earder fan de famylje Fockens wie. Nei it ferstjerren fan syn mem yn 1853 bewenne er dy state.Huisman, E. (1995). Een kilometer adellijke huizen in Beetsterzwaag. Monument van de Maand, 1(6). Ljouwert: Stichting Monument van de Maand. Hy liet de state tusken 1853 en 1857 ferbouwe; alinne de wapenseal bleau ûnferoare.Elward, R. & Karstkarel, P. (1992). Stinsen en States. Adellijk wonen in Friesland. Drachten/Ljouwert: Friese Pers Boekerij bv. Nei alle gedachten liet er ek de fan Lucas Pieters Roodbaard ûntwurpen tún fernije troch Gerrit Vlaskamp.Noordpeil (2020). Fockensstate. [online] Beskikber fia: Noordpeil.nl..
Yn 1830 waard er plakferfangend frederjochter op De Sweach foar't er yn 1831 echt frederjochter waard.Wegener Sleeswijk, R.W. & Oldersma, L. (1999). Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers. Hilversum: Uitgeverij Verloren. Dêrneist waard er yn 1833 Steatelid en yn 1835 grytman fan Opsterlân. De funksje fan grytman soe yn 1851 feroarje yn boargemaster. Van Teyens kaam yn 1830 ek foar as kaptein by de mobile skutterij en letter as kolonel by de rêstende skutterij.Baerdt van Sminia, H. (1851). Naamlijst van de Grietmannen, die van 1816 tot 1851 hoofden van de gemeenten ten platten lande in Friesland zijn geweest, een vervolg op de Nieuwe naamlijst van Grietmannen, van de vroegste tijden tot 1795. Ljouwert: Eekhoff.
Van Teyens bleau syn libben lang frijfeint. Hy stoar yn 1857; der waard sein dat er himsels tekoart dien hie. Hy waard beïerdige yn it famyljegrêf by de Herfoarme tsjerke fan Beetstersweach. Mei't er gjin testamint opmakke hie, fererfe syn fermogen op syn broer en suster. Dy brochten in part fan it Van Teyensfermogen ûnder yn de stichting Van Teyens Fundatie. Dy stichting bestiet noch hieltyd en hat in eigen Fundaasjegebou út 1858 oan it Kerkepad Oost.Van Teyens Fundatie (2021). Geschiedenis Fundatiehuis. [online] Beskikber fia: Vanteyensfundatie.nl. [Besjoen op 14 maart 2021]. De Fockensstate waard yn 1863 troch Oene ferhierd oan Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten. De ferhier waard fuortset troch Marcus van Heloma (1847-1922), erfgenamt fan de state. Van Heloma liet de Fockensstate yn 1879 ferfange troch it hjoeddeiske eklektyske gebou. Fierwei it grutste part fan de erfenis waard troch Oene neilitten oan syn dokter Joachimus Lunsingh Tonckens.Karstkarel, P. & Laan, L. van der (2008). Friese hofjes. Gasthuizen, Diaconiehuizen en Armenhuizen. De Gerdyk: Friese Pers/Noordboek. Der soene noch lange tiid prosedueres fierd wurde oer it testamint fan Oene van Teyens en de erfenis fan de lêste trije Van Teyens, dêr't ûnder oaren de Coendersboarch by wie. De saak rûn lang om let fêst yn 1967 foar Europeeske Kommisje foar de rjochten fan de mins.Buursma, A. (2021). Coendersborg inzet van erfeniskwestie. [online] Beskikber fia: Deverhalenvangroningen.nl..
Bibliografy Disputatio juridica inauguralis, de causis excusationum a tutelis, quid de illis a priori legibus possit et debeat definiri, quid judicis arbitrio in facto sit relinquendum. Groningae (proefskrift).
Sjoch ek List fan grytmannen fan Opsterlân
Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk amtner Kategory:Grytman fan Opsterlân Kategory:Boargemaster fan Opsterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach Kategory:Persoan stoarn yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1797 Kategory:Persoan stoarn yn 1857