Finken binne ynsekten- en sieditende sjongfûgels fan it skaai Fringilla. De belangrykste en bekendste soarten binne de skelfink (Fringilla coelebs) en de kwêkfink (Fringilla montifringilla). Yn rommere sin wurde ûnder "finken" alle fûgels fan de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae) begrepen.
Taksonomy Tradisjoneel bestiet it skaai út trije soarten: de skelfink, de kwêkfink en de blaufink. De lêstneamde, dy't allinne op 'e Kanaryske Eilannen foarkomt, waard yn 2016 op basis fan ûndersyk opsplitst yn 'e Grankanaryske fink en de blaufink fan Teneryf. De stúdzjes toanden ferskillen yn genetika, sang en uterlik oan. In folgjende stúdzje op basis fan molekulêr ûndersyk toande yn 2021 oan dat der grutte ferskillen binne tusken de ûndersoarten fan 'e skelfink op 'e ferskillende eilannen en yn Noard-Afrika. Dêrom folge in nije yndieling fan 'e finken yn acht ferskillende soarten.
De acht soarten binne allegear likernôch like grut (14 oant 18 sm) en ferskille net in soad fan inoar.
Soarten Mantsje ♂ Wyfke ♀ Fryske namme Wittenskiplike namme Ferspriedingsgebiet Status 150px Kanaryske fink Fringilla canariensis Kanaryske Eilannen noch net beöardiele* 150px 150px Skelfink Fringilla coelebs Europa, West-Aazje,Noard-Afrika net bedrige 150px 150px Madearafink Fringilla maderensis Madeara noch net beöardiele* 150px 150px kwêkfink Fringilla montifringilla Europa, Aazje net bedrige 150px Azoarenfink Fringilla moreletti Azoaren noch net beöardiele* 150px 150px Grankanaryske blaufink Fringilla polatzeki Gran Kanaria bedrige 150px 150px Afrikaanske fink Fringilla spodiogenys Noard-Afrika ûnbekend 150px 150px Teneryfske blaufink Fringilla teydea Teneryf gefoelich
(*) Om 't de IUCN de fûgel noch as in ûndersoarte behannelet is de status noch net beöardiele.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Finkfûgel