Matt Zoller Seitz (folút: Matthew Zoller Seitz; ?, 26 desimber 1968) is in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, tillefyzjekritikus, tillefyzjehistoarikus en publisist.
Libben en karriêre Jonkheid Seitz waard berne yn 1968, mar wêr krekt yn 'e Feriene Steaten, dat is net alhiel dúdlik. Hy is fan Dútsk etnysk komôf en syn heit wie jazzpianist David Zoller (1941-2020). Hy groeide fierhinne op yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas.
Karriêre Seitz begûn syn karriêre as kollumnist by de krante de Dallas Observer, dêr't er skreau oer de Amerikaanske media. Letter wurke er as tillefyzjekritikus foar The Newark Star Ledger út Newark (Nij-Jersey) en teffens foar de webside Salon.com, wylst er tagelyk as filmkritikus bydragen levere oan The New York Times. Yn 1994 waard Seitz nominearre foar de Pulitzerpriis foar Krityk. Fan 1996 ôf publisearre er ferskate non-fiksjeboeken oer de skiednis fan 'e Amerikaanske film- en tillefyzje-yndustry fan Hollywood.
Tsjintwurdich is Seitz as redakteur ferbûn oan 'e filmkritykwebside RogerEbert.com, en wurket er as tillefyzjekritikus foar it tydskrift New York en de webside Vulture.com. Dêrnjonken is er ek sjuerylid foar de útrikking fan 'e George Foster Peabody Awards. Seitz is fierders de oprjochter fan it blôch The House Next Door, dat him dwaande hâldt mei krityk op films en de bredere media. Yn 2005 skreau er it senario foar de spylfilm Home, dy't er ek sels regissearre en montearre.
Priveelibben Seitz is twa kear widner wurden. Fan 1994 oant har ferstjerren op 27 april 2006 wied er troud mei Jennifer Dawson. Mei har krige er twa bern, dochter Hannah en soan James. Seitz wertroude yn febrewaris 2017 mei Nancy Dawson, dy't de suster fan syn earste frou wie en de eks-frou fan syn broer Rich. Hja wennen om en om yn Brooklyn yn New York en Cincinnati yn Ohio. Nancy Dawson stoar oan kanker op 27 april 2020.
Publikaasjes 1996 – Brad Pitt 2013 – The Wes Anderson Collection 2015 – The Wes Anderson Collection: The Grand Budapest Hotel 2015 – Mad Men Carousel: The Complete Critical Companion 2016 – TV (The Book): Two Experts Pick the Greatest American Shows of All Time (mei Alan Sepinwall) 2016 – The Oliver Stone Experience 2017 – Guillermo del Toro's The Devil's Backbone (mei Simon Abrams) 2019 – The Sopranos Sessions (mei Alan Sepinwall)
Keppelings om utens Matt Zoller Seitz op Twitter Folsleine filmografy fan Matt Zoller Seitz yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk kollumnist Kategory:Amerikaansk filmkritikus Kategory:Amerikaansk filmhistoarikus Kategory:Amerikaansk telefyzjekritikus Kategory:Amerikaansk telefyzjehistoarikus Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Amerikaansk filmeditor Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1968