De muorrekrûper of rotskrûper (Tichodroma muraria) is in fûgelsoarte yn it monotypyske skaai (Tichodroma) út de famylje muorrekrûpers (Tichodromidae) yn it skift fan 'e moskeftigen. De fûgel komt foar yn it heechberchte fan Midden- en Súd-Jeropa (Pyreneeën, Alpen, Balkan, Kaukasus) en fan Aazje. De soarte komt net foar yn Fryslân. Yn Nederlân is de fûgel in pear kear waarnommen yn Súd-Limburch.
Skaaimerken thumb|left|Muorrekrûper (wyfke). Muorrekrûpers wurde 15,5 oant 17 sintimeter lang, weagje 17 oant 19 gram en hawwe in lange, smelle, donkere en in wat nei ûnder bûge snaffel. It fearrekleed is foar it grutste part blaugriis mei in donkere sturt en donkere wjukpunten. It meast opfallend binne de djipreade dielen en in pear grutte wite plakken op 'e brede, ôfrûne wjukken. Dy tekening is it bêste te sjen yn 'e flecht. Simmerdeis hat in folwoeksen mantsje in folslein swarte kiel en boarst en in soad read op 'e wjukken, wylst it folwoeksen wyfke in griis-wite kiel hat mei mar in lyts griis-swart plak yn 'e midden. Winterdeis hawwe beide skaaien in wite kiel en in wyt oant ljochtgriis boarst.
Systematyk Neffens de skaaimerken nimt de muorrekrûper in posysje yn tusken de blauspjochten en de beamkrûpers en der wurdt noch jimmeroan diskusearre oer de taksonomyske yndieling. Linnaeus sette de soarte ynearsten yn 'e beamkrûpers. Hjoed-de-dei wurdt de soarte faak yndield by de blauspjochten as iennige soarte yn 'e ûnderfamylje Tichodromadinae. Guon ornearje dat de foarm en de tekening fan it fearrekleed mear ha fan dat fan 'e beamkrûpers, wat wiist op mear sibskip mei dy groep. Oaren setten de fûgel yn 'e eigen famylje Tichodromadidae. Der is noch gjin sicht op in definitive taksonomyske yndieling.
Fersprieding De muorrekrûper komt foar yn 'e berchtmes fan Sintraal- en Súd-Jeropa en Aazje. De soarte wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Tichodroma muraria muraria – de nominaatfoarm komt foar yn bercheftige regio's fan Sintraal- en Súd-Jeropa, Turkije, de Kaukasus en westlik Aazje eastlik oant de Elbûrs- en Zagrosbergen yn Iran. [ 10 ] Tichodroma muraria nipalensis (Bonaparte, 1850) - komt foar yn bercheftige gebieten fan Aazje, fan eastlik Iran oant Altai en bercheftige regio's fan noardlik Hebei en noardlik Fujian.
De soarte briedt op hichten fan 1.000–3.000 meter, mar is waarnommen op hichten oant 4.900 meter. De measten binne stânfûgels, mar guon migrearje winterdeis nei legere dielen fan it berchtme.
Dwaalgasten binne waarnommen yn it Feriene Keninkryk, Nederlân, Belgje, Portegal, Malta, Marokko en Tuneezje.
Hâlden en dragen thumb|260px|It fuorjen fan in jonge fûgel. Muorrekrûpers ite fral ynsekten en spinnen dy't er fan 'e rotsmuorren pikt. Ut en troch snipt er ek fleanende ynsekten troch in koarte flecht fanôf de rotsmuorre. By it foerazjearjen op 'e rots krûpt er mei healiepen wjukken oer de stien en wikselet er dat ôf mei lytse hipkes en koarte flechten.
De fûgel wurdt bûten de briedtiid selden yn pearen sjoen. It briedseizoen falt yn Súd- en Sintraal-Jeropa yn maaie en juny. It wyfke bout in frij grut, komfoarmich nêst fan gers, moas en fizels fan woartels yn in rotsspjalt. Mei sêfter materiaal lykas fearkes of wol wurdt it nêst ôfwurke. Faak hat in nêst twa yngongen. Meastentiids wurde der fjouwer oant fiif wite aaien mei hjir en dêr swarte of readbrune spikkels lein. It brieden begjint net earder as dat alle aaien lein binne. De briedtiid duorret 19 oant 20 dagen. By it brieden wurdt it wyfke troch it mantsje fuorre. De jongen binne by it útkommen keal en blyn en wurde troch it mantsje en it wyfke 28 oant 30 dagen fuorre, oant se útfleane. In pearke bringt yn it seizoen ien lechsel grut.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern). It oantal Jeropeeske briedpearen wurdt op 29.000 oant 69.700 rûsd (BirdLife International 2015). De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net bekend, mar útgeande fan it feit dat Jeropa likernôch 10% fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte útmakket, soe de wrâldpopulaasje foarsichtich op 500.000 oant 1.500.000 folwoeksen fûgels rûsd wurde kinne.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte muorrekrûper Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan