thumb|Wilhelm Martin (1933) thumb|Honoris Guilhelmo Martin, fan Hans Basart (Akademygebou universiteit Leien Wilhelm Martin (Quakenbrück, 20 juny 1876 - De Haach, 10 maart 1954) wie in Nederlânske keunsthistoarikus fan Dútsk komôf.

Libben en wurk Wilhelm Martin groeide fan 1877 ôf yn Leiden op, dêr't syn heit Karl Martin professor yn de geology oan de Universiteit Leien wie. Fan 1894 oant 1899 studearre er yn Leien en promovearre dêr yn 1901 op in proefskrift oer de skilder Gerard Dou.

Fan 1901 ôf oan wie er adjunkt-direkteur fan it Mauritshûs yn De Haach ûnder Abraham Bredius; fan 1909 oant 1945 wie er sels direkteur fan dat museum. Fan 1907 oant 1946 dosearre Martin ek as bûtengewoan heechlearaar yn de keunstskiednis oan de Universiteit Leiden. Yn 1935 waard er ek behearder fan de grafykkolleksje fan de universiteit. Fan 1934 oant 1954 wie er direkteur fan it Museum H.W. Mesdag yn De Haach.

Martin syn spesjalisme wie de Nederlânske skilderkeunst fan de 17e iuw.

Op 9 augustus 1906 boaske er oan Maria Cornelia Visser. Sy krigen trije dochters en ien soan, Herman Martin.

Publikaasjes In kar: Tegearre mei Ernst Wilhelm Moes: Altholländische Malerei. Gemälde von holländischen und vlämischen Meistern in Rathäusern, kleineren Museen, Kirchen, Stiften, Waisenhäusern, Senatszimmern, u.s.w., und in Privatbesitz.Klinkhardt & Biermann, Leipzig 1, 1911/12 – 2, 1913/15

Literatuer R. E. O. Ekkart: Martin, Wilhelm. Yn: Biografisch woordenboek van Nederland Bd. 2, 1985, s. 378–380 (digitale kopy).

Keppelingen om utens Wilhelm Martin yn it Dictionary of Art Historians Heechleararen Universiteit Leien

Kategory:Nederlânsk keunsthistoarikus Kategory:Nederlânsk museumdirekteur Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Leien Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1876 Kategory:Persoan stoarn yn 1954