Helene Fischer (berne yn Krasnojarsk as Jelena Petrovna Fischer op 5 augustus 1984) is in Dútske sjongster. Oer de hiele wrâld hat hja miljoenen albums ferkocht en hja wurdt ta de bêst fertsjinjende muzikanten fan 'e wrâld rekkene.
Libben Helene Fischer waard yn it Eastsibearyske Krasnojarsk berne as Jelena Petrovna Fischer, dochter fan Peter en Maria Fischer, dy't Swarte-Seedútsers wiene. Har foarfaars stamme út Dútslân, dy't troch Katarina de Grutte nei Ruslân helle waarden. Doe't de bolsjewiken nei de Oktoberrevolúsje oan de macht kamen, waarden in soad fan dy saneamde Wolga-Dútsers nei de wurkkampen fan Sibearje en Kazachstan ferballe. Nei't Adolf Hitler yn 1942 Ruslân binnenfoel, waarden ek de pake en beppe fan Fischer nei it easten deportearre. Yn 1988 waard it foar de Wolga-Dútsers mooglik makke om te emigrearjen. De famylje Fischer makke dêr gebrûk fan en sette har yn Wolstein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts nei wenjen. Nei de middelbere skoalle studearre hja trije jier oan de Stage & Musical School Frankfurt yn Frankfurt.
Sûnt maaie 2008 hie Fischer in relaasje mei Florian Silbereisen. De twa foarmen faak it ûnderwerp fan spekulative koppen yn de Dútske boulevardparse. Op 19 desimber 2018 waard de skieding fan it pear bekend makke. Hja wiene doe neffens eigen sizzen al in skoftke út inoar, mar bleaune freonen.
Karriêre Yn maaie 2005 ferskynde hja foar it earst op tillefyzje yn it programma "Hochzeitsfest der Volksmusik" fan de ARD. In jier letter brocht hja it earste album út ûnder de titel "Von Hier Bis Unendlich". Der folge in rige albums dy't, yn Dútslân, Switserlân en Eastenryk fakentiden mearfâldich goud en platina waarden. Mei har album "Farbenspiel" slagge it Fischer foar it earst ek in plak yn Deenske en Nederlânske top 10 te heljen.
Yn 2012 ferskynde hja foar it earst as aktrise foar de kamera. Yn de ZDF-tillyzjesearje "Das Traumschiff" hie hja de rol fan de reisliedster Franziska Stein.
Neffens ûndersyk fan de New York Times fan novimber 2018, dêr't de súksesfolste ynternasjonale sjongsters op basis fan de trochsnit ynkomsten per konsert mei inoar ferlikene wurde, stie Fischer op it achtste plak. Dêrmei is hja de meast súksesfolle net-Ingelsktalige sjongster fan 'e wrâld. Ek Forbes Magazin sette har yn dat jier op nûmer acht fan de bêst fertjinjende sjongsters, noch foar Celine Dion en Britney Spears.
Njonken solo-optredens sjongt hja ek duetten mei ynternasjonaal bekende artiesten, lykas Michael Bolton en Robbie Williams. In wike foar syn dea troch in hertstilstân song Udo Jürgens op syn 80e jierdei en lêste optreden tegearre mei Helene Fischer "Merci, Chérie".
Diskografy Aktuele diskografy op Discogs Underskiedings
Bambi 2013: yn de kategory Musik National 2014: yn de kategory Entertainment 2017: yn de kategory Musik National Bayerischer Fernsehpreis 2015: foar Die Helene Fischer Show 2014 (ZDF) Die Eins der Besten (rekordhâldster) 2014 2015 2016 2018: yn de kategory Album des Jahres (Helene Fischer) 2018: yn de kategory Sängerin des Jahres 2018: yn de kategory Hit des Jahres (Herzbeben) 2018: yn de kategory Video-Hit des Jahres (Achterbahn) 2019: yn de kategory Tournee des Jahres (Stadion Tour 2018) 2019: yn de kategory Platin eins der Besten (Helene Fischer) 2019: yn de kategory Album des Jahres (Helene Fischer) ECHO Pop (rekordhâldster) 2009: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager für Zaubermond 2009: yn de kategory Musik-DVD-Produktion foar Mut zum Gefühl – Live 2010: yn de kategory Musik-DVD-Produktion foar Zaubermond Live 2012: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Für einen Tag 2013: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Für einen Tag – Live 2012 2013: yn de kategory DVD-Produktion national foar Für einen Tag – Live 2012 2014: yn de kategory Album des Jahres foar Farbenspiel 2014: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Farbenspiel 2015: yn de kategory Schlager foar Farbenspiel 2015: yn de kategory Hit des Jahres foar Atemlos durch die Nacht 2015: yn de kategory Album des Jahres foar Farbenspiel 2015: yn de kategory Musik-DVD/Blu-ray national foar Farbenspiel 2016: yn de kategory Album des Jahres foar Weihnachten 2016: yn de kategory Musik-DVD/Blu-ray national foar Weihnachten en Farbenspiel Live 2016: yn de kategory Live-Act national foar Farbenspiel Live – Die Stadion-Tournee 2016: yn de kategory Crossover foar Weihnachten 2018: yn de kategory Schlager foar Helene Fischer Goldene Henne (rekordhâldster) 2007: yn de kategory Aufsteigerin des Jahres 2008: yn de kategory Musik 2010: yn de kategory Musik 2012: yn de kategory Musik 2014: yn de kategory Musik 2014: yn de kategory Superhenne 2016: yn de kategory Musik Goldene Kamera 2012: yn de kategory Beste Musik National 2016: yn de kategory Beliebtester deutscher Musik-Act Krone der Volksmusik 2008: yn de kategory Erfolg des Jahres 2007 2009: yn de kategory Erfolg des Jahres 2008 2010: yn de kategory Erfolgreichste Sängerin 2009 2012: yn de kategory Erfolgreichste Sängerin 2011 Live-Entertainment-Award 2011: Hallen-/Arena-Tournee des Jahres (So wie ich bin-Tournee) 2016: Arena-/Stadion-Tournee des Jahres (Farbenspiel-Tournee) 2018: Arena-Tournee des Jahres (Helene Fischer Live 2017/2018) Romy 2014: yn de kategory Beliebteste/r Moderator/in – Show 'Wiener Stadthallen Flügel 2018 St. Georgs Orden 2012: yn de kategory Sonderpreis World Music Awards 2014: yn de kategory Best-selling German Artist
Kategory:Dútsk sjonger Kategory:Dútsk telefyzje-akteur Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Russysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1984