Marienmünster is in stêd yn it easten fan Westfalen yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Marienmünster ûntstie yn 1970 yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling en heart ta de kreis Höxter. De stêd waard ferneamd nei de eardere Benediktynske abdij Marienmünster noardlik fan Vörden, dy't yn 'e 12e iuw stifte waard. Der wenje likernôch 5.000 minsken yn Marienmünster, dat in oerflak fan 64 km² beslacht. It stedsbestjoer en oare gemeentlike ynstellings lykas bygelyks skoallen binne te finen yn Vörden, dat lytser is dan it oanbuorjende Bredenborn, mar in sintralere lizzing as foardiel hat.

Geografy Marienmünster leit yn it noardeasten fan Noardryn-Westfalen yn it in Teutoburgerwâld/Natoerpark Eggeberchtme. De stêd leit yn 'e kreis Höxter, it meast eastlike kreis yn it Weserberchlân.

Troch Marienmünster streame de rivierkes de Niese en de Brucht.

It lânskip fan Marienmünster is heuveleftich, piken en deltes wikselje inoar op lytse skaal ôf. It heechste punt leit súdeastlik fan 'e Bremerberg op likernôch 340 meter, it leechste punt leit by it ferlitten fan 'e Niese út it gemeentlike gebiet op likernôch 162 meter.

Plakken Altenbergen Born Bredenborn Bremerberg Eilversen Großenbreden Hohehaus Kleinenbreden Kollerbeck Löwendorf Münsterbrock Papenhöfen Vörden

Keppeling om utens Toeristyske ynformaasje

Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen