Stainach-Pürgg is in gemeente yn it distrikt Liezen yn de Eastenrykske dielsteat Stiermarken.
De gemeente waard yn 2015 stifte yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Stiermarken troch gearfoeging fan de stêd Stainach en de gemeente Pürgg-Trautenfels.
Yndieling Yn de gemeente lizze sân plakken. Dêrfan is Stainach fierwei it grutste plak:
Niederhofen Pürgg Stainach Trautenfels Unterburg Untergrimming Zlem
It besjen wurdich Toerisme foarmet in wichtige boarne fan ynkommen yn de gemeente. Slot Trautenfels en it skildereftige doarpke Pürgg soargje foar in soad toeristen. Dêrnjonken is it gebiet populêr by berchbeklimmers, dy't foar it beklimmen fan de Grimming en it Totes Gebirge komme. Yn it Wörschachwald leit in lyts wintersportgebiet en ek de Spechtensee wurdt in soad troch toeristen besocht.
Niederhofen: let-goatyske Ruperttsjerke; Trautenfels: Slot Trautenfels; Pürch: roomsk-katolike parochytsjerke Sint-Joaris (Kirche hl. Georg); Pürch: Jehanneskapel; It geografyske sintrum fan Eastenryk (Mittelpunkt Österreichs).
Berne Paus Gergoarius V
Kategory:Gemeente yn Stiermarken Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2015