Waldbronn is in gemeente yn it Albtal yn it noarden fan it Swarte Wâld. De gemeente heart by de lânkring Karlsruhe yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg.

Geografy Waldbronn leit oan 'e râne fan it Alb-Pfinz-plato yn 'e delling fan 'e rivier de Alb, likernôch 10 kilometer súdeastlik fan Karlsruhe.

Yndieling De gemeente bestiet sûnt 1972 troch gearfoeging fan 'e folgjende plakken (Ortsteile):

Busenbach (ynwennertal 2019: 5883) Etzenrot mei Neurod (ynwennertal 2019: 2184) Reichenbach (ynwennertal 2019: 5512)

In jier earder wiene Reichenbach en Etzenrot al ta ien gemeente fusearre. De trije plakken hawwe in âlde skiednis en waarden yn 1292 foar it earst neamd.

Religy Waldbron is in roomsk-katolike gemeente. Alle trije plakken hawwe in katolike tsjerke. Sûnt 1973 is der ek in protestantske gemeente mei in tsjerke yn Reichenbach.

Berne Edmund Becker (berne yn 1948), fuotballer Max Giesinger (berne yn 1988), sjonger

Kategory:Gemeente yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1972