Shocking Blue wie in Nederlânske rockband dy't suksesfol wie yn de jierren sechstich en santich.

Skiednis De groep waard yn 1967 oprjochte troch Robbie van Leeuwen, dy't neffens eigen sizzen oan de boppekant fan syn kinnen kommen wie by The Motions en in groep delsette woe dy't ynternasjonaal mear kânsen hawwe soe. Van Leeuwen socht de groepsleden út ferskate hoeken fan de Haachske beatscene en keas ynearsten foar in sjonger, Barry Hay, dy't krekt The Haigs ferlitten hie. Hay woe net by de band en Van Leeuwen reagearre mei de histoaryske wurden: "Hjir silst noch spyt fan krije". Uteinlik waard Fred de Wilde de sjonger en waard der in LP foar Polydor opnaam. It album wie lykas de earste single Love is in the air net hiel suksesfol.

In jier letter stapte Shocking Blue oer nei it krekt oprjochte Pink Elephant-label fan Dureco. De earste plaat dy't útkaam op dat label wie Lucy Brown Is Back in Town. De single die it bêst yn de Nederlânske Top 40. Doe't De Wilde healwei 1968 in oprop krige foar militêre tsjinst, besleat Van Leeuwen dat hy de groep oanfolle woe mei in sjongeres. Ynearsten waard oan Annet Hesterman tocht, mar sy hie krekt in kontrakt sletten mei in oare manager en betanke. Letter wie sy noch in koart skoftke de sjongeres fan de Grinzer band de Ro-d-Ys. Yn Loosdrecht kamen Van Leeuwen en manager Cees van Leeuwen Mariska Veres (1947-2006) tsjin. Sy hie dêr in optreden mei The Motowns by in feestje fan de Golden Earring. It kontakt waard fia har mem lein.

Shocking Blue wie de earste Nederlânske groep dy't in nûmer ien hit hiene yn de Billboard Hot 100 fan de Feriene Steaten mei it nûmer Venus.

De groep hie noch in soad oare hits foar't se yn 1975 opholden. Yn 1979 waard besocht de groep wer byinoar te krijen, dat duorre lykwols twa jier. Shocking Blue kaam yn 1993 werom mei in oare gearstalling dêr't Mariska Veres by siet, mar Robbie van Leeuwen net. Dy formaasje bleau optreden oant Mariska Veres yn desimber 2006 ferstoar.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Shocking Blue27 novimber 1967PolydorLove Is in the AirAt Home30 septimber 1969Pink ElephantVenusScorpio's Dance 29 augustus 1970Send Me a Postcard,Hello DarknessThird Album15 april 1971Never Marry A Railroad Man,Blossom LadyInkpot20 maart 1972Inkpot Attila1972Rock In The SeaHam1973Oh LordGood times1974This America

Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynSensational Shocking Blue1969The Shocking Blue1970Hello Darkness1971The Shocking Blue, Perfect Collection1972 The Best of Shocking BlueShocking Blue's Best1973With Love from... Shocking BlueThe Shocking Blue Double Deluxe1978Venus 1980The Shocking Blue Greatest Hit1981Best of Shocking Blue1986ClassicsAt Home (The Singles)2022

Kategory:Nederlânske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1967 Kategory:Band opheft yn 1974 Kategory:Band oprjochte yn 1981 Kategory:Band opheft yn 2006