De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 fûnen plak op tiisdei 3 novimber 2020. De wichtichste gadingmakkers foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten fan Amearika wiene de sittende presidint Donald Trump as kandidaat foar de Republikeinske Partij en de eardere fise-presidint Joe Biden as kandidaat foar de Demokratyske Partij. De ferkiezings fan 2020, dy't yn hege mjitte dominearre waarden troch de pandemy fan it COVID-19-firus, wiene de 59e fjouwerjierlikse presidintsferkiezings yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. De opkomst wie mei 66,1% de heechste sûnt 1900. Biden fersloech Trump sawol wat it tal stimmen oangie, as wat it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanbelange. Neitiid wegere Trump lykwols syn nederlaach ta te jaan en utere er allegeduerigen beskuldigings fan stimbusfraude dy't gjin inkele basis yn 'e wurklikheid hiene.
Foarferkiezings Republikeinske Partij By de foarferkiezings foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 ûnderfûn de sittende presidint Donald Trump yn 'e Republikeinske Partij hast gjin wjerstân doe't er oankundige in twadde termyn as presidint hawwe te wollen. Hoewol't Trump, dy't de Republikeinske Partij yn 2016 tsjin 'e wil fan 'e partijlieding 'kaapt' hie, troch in protte Republikeinske leden fan 'e Amerikaanske Senaat en it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen ferfijd waard, hied er in grut part fan 'e efterban fan 'e partij yn syn gryp witten te krijen. De politike elite yn Washington, D.C. en yn 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten wie deabenaud om 'e eigen posysje te ferliezen as se har tsjin Trump kearden.
Sadwaande wiene der inkeld in pear tsjinkandidaten dy't gjin inkele kâns makken, wêrûnder de eardere gûverneur fan Massachusetts Bill Weld, it eardere kongreslid út Illinois Joe Walsh en de eardere gûverneur fan Súd-Karolina Mark Sanford. Yn in protte steaten waarden troch de Republikeinske Partij lykwols net iens foarferkiezings holden, mei in ferwizing nei 1992 en 2004 doe't dat ûnder de sittende presidinten George H.W. Bush, resp. George W. Bush ek net dien wie. De foarferkiezings dy't àl holden waarden, wiene fierhinne pro forma. Trump koe op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje, dy't fan 24 oant 27 augustus yn Charlotte (Noard-Karolina) plakfûn, sûnder swierrichheden de nominaasje as presidintskandidaat foar syn partij yn ûntfangst nimme. Hy keas syn sittende fise-presidint Mike Pence út om op 'e nij kandidaat foar it fise-presidintskip te wurden.
Demokratyske Partij Yn 'e Demokratyske Partij wie nei fjouwer jier wanregear ûnder Trump (sa't de Demokraten dat seagen) in protte animo om Trump út it Wite Hûs te ferdriuwen. It wie lykwols folslein ûndúdlik wa't dat dwaan moast. Der wie by de Demokratyske foarferkiezings in breed fjild fan mear as tweintich kandidaten, wêrfan't de wichtichsten wiene: de âlde sosjalist Bernie Sanders út Nij-Hampshire, dy't by de foarferkiezings fan 2016 nipt ferlern hie fan Hillary Clinton; de progressive senator Elizabeth Warren út Massachusetts; de mear moderate senator Amy Klobuchar út Minnesota; de homoseksuele boargemaster Pete Buttigieg fan South Bend (Indiana); de etnysk Eastaziatyske ekonoom Andrew Yang; senator Kirsten Gillibrand út New York; ôffurdige Tulsi Gabbard út Hawaï; senator Cory Booker út Nij-Jersey; âld-ôffurdige Beto O'Rourke út Teksas; senator Kamala Harris út Kalifornje; miljardêr Michael Bloomberg fan New York; en Joe Biden út Delaware, dy't fan 2009 oant 2017 fise-presidint west hie ûnder Barack Obama.
Guon fan 'e gadingmakkers, ûnder wa Harris, dy't foarút troch polityk analisten as ien fan 'e grutste kânshawwers op 'e Demokratyske nominaasje sjoen wie, moasten noch foàr de earste foarferkiezings harren politike kampanje beëinigje omreden fan gebrek oan jild feroarsake troch minne prognoazes yn 'e opinypeilings. De earste foarferkiezings foar de Demokratyske Partij, op 3 febrewaris yn 'e steat Iowa, rûnen út op in ôfdijer doe't de nije app dêr't de resultaten mei trochjûn wurde moasten, it ôfwitte liet. Nei ferskate dagen fan gaos die bliken dat Buttigieg de foarferkiezings yn Iowa mei in noaslingte foarsprong wûn hie fan Bernie Sanders. In wike letter, op 11 febrewaris, waarden de foarferkiezings yn Nij-Hampshire wûn troch de Sanders. Ald-fise-presidint Joe Biden litte dêr in gefoelich ferlies troch yn gjin inkele county sels mar by de earste trije kandidaten te sitten. De foarferkiezings yn Nevada waarden op 22 febrewaris ek troch Sanders wûn, dy't dêr de stipe fan 'e grutte Latino-mienskip wist te krijen.
Tsjin dy tiid hiene de measte waarnimmers de kânsen fan Biden al foar dea ferklearre. Mar op 29 febrewaris waard er yn ien klap wer yn 'e race brocht doe't er troch de stipe fan 'e grutte Afro-Amerikaanske mienskip dêre mei ferrassende oermacht de foarferkiezings yn Súd-Karolina wûn. De beslissing fan 'e Demokratyske foarferkiezings foel op 3 maart, 'Supertiisdei', doe't tagelyk yn 14 Amerikaanske steaten en it ûnynkorporearre territoarium Amerikaansk-Samoä stimd waard. De dei waard karakterisearre troch de wûnderbaarlike weropstanning as presidintskandidaat fan Biden, dy't wûn yn Alabama, Arkansas, Firginia, Maine, Massachusetts, Minnesota, Noard-Karolina, Oklahoma, Tennessee en Teksas. Saakkundigen ferklearren dat troch derop te wizen dat twa oare moderate kandidaten, Buttigieg en Klobuchar, har foarôfgeande oan Supertiisdei út 'e striid weromlutsen hiene en harren stipe foar Biden útsprutsen hiene. Sanders wûn yn Kalifornje, Kolorado, Fermont en Utah, wylst miljonêr Michael Bloomberg, dy't al syn kaarten op Supertiisdei set hie, inkeld Amerikaansk-Samoä foar him wist te winnen.
As gefolch fan dy útslach loeken neitiid Bloomberg en in oare kandidaat, Elizabeth Warren, harren út 'e striid werom. Bernie Sanders, de lêste serieuze rivaal fan Biden, besleat him op 8 april út 'e striid werom te lûken mei it each op 'e almar fierder oanboazjende koroanafiruspandemy yn 'e Feriene Steaten. Ek spile, neffens de geroften, in rol dat op him ynpraat wie troch de eardere Demokratyske presidint Barack Obama. Biden waard neitiid oan 'e kiezers oanret troch Obama, Sanders en Warren. Tsjin 5 juny hie Biden genôch kiesmannen wûn om formeel syn nominaasje as de Demokratyske presidintskandidaat feilich te stellen. Dêrta waard er dan ek útroppen op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje, dy't fan 17 oant 20 augustus yn Milwaukee holden waard, mar fanwegen de hearskende pandemy in fierhinne digitale foarm hie. Op 11 augustus makke Biden bekend dat er Kamala Harris útkeazen hie as syn kandidaat foar it fise-presidintskip. Dat wie opfallend, om't se ûnder ien fan 'e earste ferkiezingsdebatten hurd mei-inoar yn botsing kommen wiene.
Kandidaten Kandidaten dy't yn alle of mear as de helte fan 'e steaten meidiene presidintskandidaatfise-presidintskandidaatpolitike partijdielname steaten/DC kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje % fan 'e kiezersDonald TrumpMike PenceRepublikeinske Partij51538100%Joe BidenKamala HarrisDemokratyske Partij51538100%Jo JorgensenSpike CohenLibertaryske Partij51538100%Howie HawkinsAngela WalkerGriene Partij fan de Feriene Steaten3038173,2%
presidintskandidaten
fise-presidintskandidaten
Oare kandidaten Gloria La Riva, foar de Partij foar Sosjalisme en Befrijing: die mei yn 15 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 195 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 37,0% fan 'e kiezers Rocky De La Fuente, foar de Alliânsjepartij: die mei yn 15 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 195 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 34,7% fan 'e kiezers Don Blankenship, foar de Grûnwetspartij: die mei yn 18 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 166 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 31,2% fan 'e kiezers Brock Pierce, as ûnôfhinklike presidintskandidaat: die mei yn 16 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 115 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 19,1% fan 'e kiezers Kanye West, foar de Jierdeispartij: die mei yn 12 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 84 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 14,4% fan 'e kiezers Brian T. Carroll, foar de Amerikaanske Solidariteitspartij: die mei yn 8 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 66 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 11,4% fan 'e kiezers Jade Simmons, foar de Becoming One Nation: die mei yn 2 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 15 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 2,7% fan 'e kiezers
Kampanje Underwerpen en ferrin De kampanje foar de algemiene ferkiezings op 3 novimber waard yn hege mjitte behearske troch de pandemy fan it COVID-19-firus en de oanpak dêrfan (of, sa't de Demokraten sizze soene, it gebrek oan oanpak) troch it regear fan Donald Trump. Presidint Trump en de Republikeinen besochten dat ûnderwerp safolle mooglik te negearjen en holden tsjin it driuwende advys fan 'e medyske stân yn grutte gearkomsten, wêrby't ferskate kearen grutte groepen minsken besmet rekken mei it firus. Trump politisearre ek it dragen fan mûlkapkes, dat as ien fan 'e wichtichste beskermingsmaatregels foar jinsels en oaren tsjin it firus sjoen waard. it meastepart fan syn oanhingers wegere út polityk stânpunt in mûlkapke te dragen en in protte fan dy lju leauden dat it koroanafirus folle minder gefaarlik wie as de dokters seine, of sels dat it hielendal net bestie en dat it in hoax fan 'e Demokraten wie.
Biden en de Demokraten, oan 'e oare kant, diene alles wat se koene om 'e minsken tsjin besmetting mei it koroanafirus te beskermjen. Se organisearren gjin gearkomsten, of alline mar guons dêr't net mear as inkele tsientallen minsken by oanwêzich wiene. De measten fan syn taspraken hold Biden yn 'e tillefyzjestudio yn 'e kelder fan syn hûs yn Wilmington (Delaware), dêr't se live wei streamd waarden oer it ynternet. Trump besloech dat yn it iepenbier ferskate kearen mei de gek. Biden rôp syn efterban op om safolle mooglik gebrûk te meitsjen fan 'e mooglikheden om harren stim oer de post út te bringen. Trump makke syn oanhingers kear op kear sûnder lykfol hokker feitlike ûnderbouwing wiis dat oer de post stimmen delkaam op it dwaan fan stimbusfraude.
Njonken de pandemy fan it koroanfirus wie ien fan 'e wichtichste ûnderwerpen fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020: it hâlden en dragen fan Donald Trump yn syn earste fjouwer jier as presidint fan 'e Feriene Steaten. Hy hie nammentlik allegeduerigen rûzje socht mei frijwol eltsenien, hy hie syn bêst dien om 'e ynstellings fan 'e Amerikaanske oerheid ôf te brekken en it fertrouwen fan syn oanhingers yn 'e Amerikaanske demokrasy te ûndermynjen, en hy hie neffens The Washington Post tusken syn ferkiezing ta presidint yn 2016 en ferkiezingsdei 2020 yn it iepenbier mar leafst 22.247 leagens ferteld. Oare wichtige ûnderwerpen wiene de desastreuze ynfloed fan 'e COVID-19-pandemy op 'e Amerikaanske ekonomy; de wiidfersprate boargerlike ûnrêst nei de dea fan George Floyd, in swarte arrestant, troch plysjegeweld yn Minneapolis; de faaie takomst fan 'e Obamacare-syktekostefersekeringswet; en de beneaming troch de Republikeinen, fuort foàr de ferkiezings, fan 'e konservative rjochter Amy Coney Barret yn it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, nei it ûntidich ferstjerren fan 'e progressive opperrjochter Ruth Bader Ginsburg.
De mienings fan fierwei it meastepart fan it Amerikaanske elektoraat lei al fier foar de ferkiezings fêst. De grutte mearderheid fan 'e Republikeinen stie as ien man efter Trump. De Demokraten koene oer it algemien syn bloed wol drinke. De ûnôfhinkliken yn 'e midden hongen yn oergrutte mearderheid nei de Demokratyske kant oer, fral doe't de Demokraten mei in (net bot linkse) kandidaat kommen wiene dy't se stypje koene, lykas Biden. Mar in hiel grut diel fan 'e Demokraten en ûnôfhinkliken en alle Republikeinen dy't op Biden stimden, diene dat net om't se sa entûsjast oer him wiene, mar om't se hoe dan ek fan Trump ôf woene.
Debatten