Stiermarken (Dútsk: Steiermark, Sloveensk: Štajerskais, Latyn: Styria) is in dielsteat fan Eastenryk. De haadstêd en it grutste plak fan de dielsteat is Graz. Fan de njoggen Eastenrykske dielsteaten is Stiermarken mei in befolking fan 1.246.395 (2020) wat ynwennertal oanbelanget de fjirde dielsteat. Wat oerflak oanbelanget is Stiermarken de twadde dielsteat.
Oant it ein fan de Earste Wrâldkriich wie it folle gruttere Hartochdom Stiermarken in kroanlân yn it Keizerryk Eastenryk, sûnt 1867 yn Eastenryk-Hongarije. Sûnt de ynstoarting fan de dûbelmonargy yn oktober/novimber 1918 en it Ferdrach fan Saint-Germain (1919) heart it súdlike diel, likernôch in fearn fan it histoaryske kroanlân, by Sloveenje.
Griene Hert fan Eastenryk Stiermarken hat as bynamme Grüne Mark en wurdt ek wol it Griene Hert fan Eastenryk neamd. Goed 60% fan it oerflak fan Stiermarken bestiet út bosk en nochris in fearn út greide en wyngaarden. It heechste punt fan Stiermarken foarmet mei 2.995 meter hichte de Dachstein, it leechste punt leit mei 200 meter hichte eastlik fan Bad Radkersburg. Dêrnjonken hat de dielsteat 788 berchtoppen boppe de 2.000 meter.
Befolking Yn Stiermarken wurde ferskate dialekten praat, dy't fan plak oant plak fan inoar ferskille. Sûnt 2004 wurde de lytse Sloveenske en Kroatyske mienskippen as autochtoane minderheden erkend. De autochtoane Sloveenske mienskip is de lêste jierren troch immigraasje út Sloveenje wat grutter woarn.
De befolking is foar likernôch 80% roomsk en falt ûnder it bisdom Graz-Seckau, dat mei de grinzen fan de dielsteat oerienkomt. Fierder is der in protestantske (5%) en in islamityske (2%) minderheid. Likernôch 10% fan de befolking jout gjin leauwe op.
Grutste plakken neffens ynwennertal Plak Ynwennertal (2020) Graz 291.072 Leoben 24.471 Kapfenberg 22.609 Bruck an die Mur 15.787 Feldbach 13.450 Gratwein-Straßengel 12.846 Knittelfeld 12.597 Leibnitz 12.437 Deutschlandsberg 11.797 Weiz 11.663
Bestjoerlike yndieling Stiermarken is ûnderferdield yn 1 Statutarstadt (in selsstannige stêd) en 12 Bezirke (distrikten). Der binne 286 gemeentes, wêrfan 25 stêden en 122 Marktgemeinden.
Distrikt Bestjoerssit Oerflak yn km² Ynwenners Kenteken Bruck-Mürzzuschlag Bruck an der Mur 2.156.93 98.697 BM (sûnt 01.07.2013; âld: BM resp. MZ) Deutschlandsberg Deutschlandsberg 864 60.410 DL Graz Graz 127 291.072 G Graz-Umgebung Graz 1.084.55 156.070 GU Hartberg-Fürstenfeld Hartberg 1.224.28 90.606 HF (sûnt 01.07.2013; âld: HB resp. FF) Leibnitz Leibnitz 749.97 84.756 LB Leoben Leoben 1.053,49 59.700 LE = Stêd Leoben LN = alle oare plakke bûten de stêd Leoben Liezen Liezen 3.318.72 79.652 LI = Bereich Liezen(âld: tw. BA = Politische Expositur Bad Aussee oant ein 2011) – dêrfan Politische Expositur Gröbming Gröbming 954.85 22.820 GB = Gröbming Murau Murau 1.385,48 27.543 MU Murtal Judenburg 1.675.81 71.698 MT (sûnt 01.07.2012; âld: JU resp. KF) Südoststeiermark Feldbach 982.96 84.036 SO (sûnt 01.07.2013; âld: FB resp. RA) Voitsberg Voitsberg 678.18 51.044 VO Weiz Weiz 1.097.94 90.654 WZ
Bruck-Mürzzuschlag ûnstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Bruck an der Mur en Mürzzuschlag. Graz is in selsstannige stêd en tagelyk in distrikt. Hartberg-Fürstenfeld ûntstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Hartberg en Fürstenfeld Murtal ûnstie op 1 jannewaris 2012 troch gearfoeging fan de distrikten Judenburg en Knittelfeld Südoststeiermark ûnstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Feldbach en Radkersburg
</center>
Keppeling om utens Toeristyske side Stiermarken
Kategory:Dielsteat fan Eastenryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1945