Kamala Harris (útspr.: [ˈkɑːmələ ˈhæɹɪs], likernôch: "kaa-muh-luh her-ris"; folút: Kamala Devi Harris; Oakland, 20 oktober 1964) is in Amerikaansk abbekate en politika, dy't yn 2021 de earste froulike, earste Afro-Amerikaanske en earste Súdaziatyske fise-presidint fan 'e Feriene Steaten waard. Se is fan mingd Jamaikaansk-Yndiaask komôf en wie earder ofsier fan justysje fan San Francisco en prokureur-generaal fan Kalifornje. Yn 2017 waard se yn 'e Amerikaanske Senaat keazen. By de foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 stelde Harris harsels yn 2019 kandidaat foar it presidintskip. Dêrmei wûn se bekendheid, mar se moast lykwols al rillegau ôfheakje om't se net folle fan 'e Demokratyske kiezers efter har wist te krijen.
Yn augustus 2020 makke de Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden bekend dat er Harris frege hie om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. By de ferkiezings fan 3 novimber bliek nei in neiltsjebitend spannende pear dagen om 'e stimmen te tellen, dat Biden en Harris de sittende Republikeinske presidint Donald Trump en syn fise-presidint Mike Pence mei oermacht ferslein hiene. Om't de Demokraten en de Republikeinen yn 'e Senaat likefolle sitten hiene, brocht Harris as foarsitter fan 'e Senaat (in funksje dy't keppele is oan it fise-presidintskip) mear trochslachjaande stimmen út as lykfol hokker oare fise-presidint foàr har. Doe't Biden him hûndert dagen foar de presidintsferkiezings fan 2024 as presidintskandidaat weromlûke moast, droech er it stokje oer oan Harris. Hoewol't hja der alles oan die om it Amerikaanske elektoraat foar har te winnen, ferlear hja de ferkiezings fan Trump, dy't fannijs de Republikeinske presidintskandidaat wie.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Harris waard yn 1964 berne yn Oakland, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan Donald J. Harris, in studint ekonomy dy't yn 1961 út Jamaika nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie, en dy syn frou Shyamala Gopalan, in studinte endokrinology dy't yn 1960 oerkommen wie út Yndia. Har âlden metten inoar doe't se beiden studearren oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley. Har heit is anno 2020 in emearitus-heechlearaar ekonomy oan 'e Universiteit fan Stanford, en har mem is in foaroansteand boarstkankerspesjaliste. Harris is oan har heitekant fan etnysk Jamaikaansk-Kreoalsk komôf, en oan har memmekant fan etnysk Tamylsk komôf. Se identifisearret har as sawol Afro-Amerikaansk as Súdaziatysk. Se hat in jongere suster, Maya Harris.
Harris waard grutbrocht yn Berkeley, yn in buert yn 'e wyk West Berkeley mei in fierhinne swarte befolking. Doe't se foar it earst nei de beukerskoalle gie, waard se yn 'e bus nei in skoalle yn in oare wyk brocht yn it ramt fan 'e bestriding fan rasseskieding yn it ûnderwiis. Yn religieus opsjoch waard se sawol grutbrocht as lid fan in Afro-Amerikaanske baptistyske tsjerke, as fan in hindoetimpel. Yn 'e hûs waard inkeld Ingelsk sprutsen, en fan gefolgen ferstiet Harris de memmetaal fan har mem, it Tamylsk, mar in bytsje. Har âldelju skieden yn 1971, doe't Harris sân jier wie. Neitiid wennen Harris en har jongere suster by harren mem yn, en besochten se yn 'e wykeinen harren heit, dy't him nei wenjen sette yn Palo Alto. De bern fan 'e buorlju dêre mochten net mei harren boartsje om't Harris en har suster swart wiene.
Yn 1976, doe't Harris tolve jier wie, ferfearen sy en Maya mei harren mem nei Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek, dêr't Shyamala Gopalan in baan oannaam as ûndersykster by it Joadsk Algemien Sikehûs, wylst se ek les joech oan 'e McGill Universiteit. Harris folge sadwaande fuortset ûnderwiis oan 'e Westmount High School yn Westmount (Kebek), dêr't se yn 1981 slagge foar har eineksamens. Se learde dêrnei fierder oan 'e Howard Universiteit, in histoarysk swarte universiteit yn Washington, D.C. Yn dy tiid rûn se staazje as meiwurkster op 'e postkeamer foar Alan Cranston, in senator út Kalifornje. Yn 1986 studearre se ôf mei in dûbele bachelortitel yn politikology en ekonomy. Dêrnei studearre se rjochten oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Hastings Kolleezje fan Rjochten en behelle yn 1989 har masterskip yn 'e rjochten, wêrnei't se yn juny 1990 talitten waard ta de Kalifornyske Oarder fan Abbekaten.
Ofsier fan justysje Fuort neitiid waard Harris oannommen troch it Iepenbier Ministearje yn Alameda County as pleatsferfangend ofsier fan justysje. Yn 1994 gie se dêr mei ferlof om te tsjinjen as lid fan 'e Kalifornyske Beropskommisje Wurkleazensfersekering en letter ek fan 'e Kalifornyske Kommisje oangeande Medyske Help. Yn dy beide posysjes waard se beneamd troch Willie Brown, de foarsitter fan 'e Steatsassimblee (it Hûs fan Offurdigen fan Kalifornje), mei wa't se op dat stuit in romantyske relaasje ûnderhold.
Yn febrewaris 1998 waard Harris troch Terrence Hallinan, de ofsier fan justysje fan it distrikt San Francisco, oannommen as assistint-ofsier fan justysje. Se krige foech oer strafsaken en wie persoanlik belutsen by de ferfolging fan fertochten fan dieverij, ynbraak, ferkrêfting en moard. Begjin 2000 kaam Harris yn konflikt mei Hallinan syn assistint Darrell Salomon, de betinker fan it saneamd Foarstel 21, dat ynhold dat minderjierrige fertochten tenei as mearderjierrigen berjochte wurde moasten. Fan gefolgen krige Harris oar wurk taparte, wat delkaam op in de facto weromsetting yn rang. Dêrop naam se ûntslach. Yn augustus 2000 waard se oannommen troch de ofsier fan justysje fan 'e stêd San Francisco, Louise Renne, as haad fan 'e Difyzje Gesins- en Bernetsjinsten. Yn dy funksje joech Harris lieding oan 'e ferfolging fan fertochten fan bernemishanneling, bernemisbrûk en berneferwaarleazging.
Yn 2002 fette Harris it plan op om har by de ferkiezings yn San Francisco fan 2003 kandidaat te stellen foar de funksje fan ofsier fan justysje (dat yn 'e Feriene Steaten in keazen amt is), en sa har âlde baas Hallinan ûnder fuotten te heljen. Dêrta begûn se op systematyske wize stipe op te bouwen en jild yn te sammeljen. Se wist fan it Sintraal Komitee fan 'e Demokratyske Partij yn Kalifornje (dêr't û.o. senator Dianne Feinstein en de fraksjefoarsitter yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Nancy Pelosi lid fan wiene) dien te krijen dat dat net syn stipe útsprekke soe foar de sittende ofsier fan justysje Hallinan.
Nettsjinsteande it feit dat Harris troch de Kommisje oangeande Etyk beboete waard om't se oer it maksimumbedrach hinne gien wie dat se oan har kampanje útjaan mocht, en Hallinan politike skea oprûn troch in heechoprinnend konflikt mei it San Francisco Police Department, behellen se allebeide genôch stimmen om troch te gean nei de twadde omgong fan 'e ferkiezings. Yn 'e ferkiezingskampanje foel Hallinan benammen Harris as persoan oan, wylst sy har oanfallen talei op syn (neffens har ûndermjitske) prestaasjes as ofsier fan justysje. Ek woe se hawwe dat er yn syn organisaasje lju befoardere sûnder dêrby út te gean fan fertsjinste, en dat er beskuldigings fan misdragings fan ofsieren fan justysje yn 'e dôfpot stoppe hie. Uteinlik wûn se de ferkiezings mei 56% fan 'e stimmen.
As ofsier fan justysje fan San Francisco urf Harris it feroardielingspersintaazje fan Hallinan, doe't se it amt yn 2004 fan him oernaam, dat 50% bedroech. Under har bewâld gie dat stadich omheech nei 76% yn 2009. Under har kampanje hie Harris ûnthjitten dat se as ofsier fan justysje nea de deastraf easkje soe. Yn april 2004 waard plysjeman Isaac Espinoza deasketten by de útoefening fan syn wurk. It plysjefakbûn fan San Francisco woe dêrnei dat Harris dochs de deastraf easkje soe foar syn moardner, en Harris har wegering soarge foar in protte lulkens. Op Espinoza syn begraffenis stie senator Dianne Feinstein der yn in taspraak by Harris, dy't op 'e earste rige siet, op oan om 'e deastraf te easkjen foar Espinoza syn moardner, wat har in steande ovaasje opsmiet fan 'e twatûzen oanwêzige plysjeminsken. Nettsjinsteande druk fan alle kanten hold Harris lykwols foet by stik. Ut opinypeilings die bliken dat 70% fan 'e kiezers it mei har iens wie en 22% net.
Harris rjochte ek in spesjale ienheid op foar de ferfolging fan fertochten fan haatmisdriuwen, dy't him yn it bysûnder talizze moast op it oanpakken fan haatmisdriuwen tsjin homoseksuele, lesbyske, biseksuele en transseksuele bern en jongerein yn ûnderwiisynstellings. Yn 2007 wie se mei û.o. steatsôffurdige Mark Leno, plysjekommissaris Heather Fong en boargemaster Gavin Newsom belutsen by it ferbieden fan wapenshows yn San Francisco, dy't neffens harren direkt bydroegen oan it oanboazjende probleem fan fjoerwapenrelatearre misdriuwen yn 'e stêd. Datselde jiers waard se werkeazen by ferkiezings sûnder tsjinkandidaat.
Prokureur-generaal Op 12 novimber 2008 stelde Harris har kandidaat foar it amt fan prokureur-generaal fan Kalifornje. (Yn it Amerikaanske politike systeem is dat in funksje dy't oerienkomt mei dy fan minister fan Justysje yn oare lannen.) Dêrfoar krige se stipe fan 'e beide senators fan Kalifornje, Dianne Feinstein en Barbara Boxer, foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Nancy Pelosi en de boargemasters fan ferskate grutte stêden yn Kalifornje. Yn 'e foarferkiezing fan 'e Demokratyske Partij, op 8 juny 2010 fersloech se twa oare kandidaten, Alberto Torrico en Chris Kelly.
Yn 'e algemiene ferkiezing, op 2 novimber, naam se it op tsjin 'e Republikein Steve Cooley, de ofsier fan justysje fan Los Angeles County. Dy jûns rôp Cooley de oerwinning al út, mar de stimbiljetten dy't oer de post ynstjoerd wiene, moasten doe nocht teld wurde. Dat wie in lang proses, en doe't Harris op 24 novimber in foarsprong opboud hie fan goed 55.000 stimmen, moast Cooley belies jaan. Op 3 jannewaris 2011 waard Harris ynsward as de earste frou fan Afro-Amerikaansk komôf en de earste frou fan Súdaziatysk komôf dy't prokureur-generaal fan Kalifornje waard. By de ferkiezings fan 4 novimber 2014 wûn Harris mei 57,5% fan 'e stimmen tsjin 42,5% foar har Republikeinske tsjinstanner Ronald Gold in twadde termyn as prokureur-generaal.
As prokureur-generaal stelde Harris yn Kalifornje strange bestraffings yn foar âldelju mei bern fan skoalgeande leeftyd dy't oanhâldend skoaltsjeskûlen, as dy âldelju net meiwurkje woene oan it wer op skoalle krijen fan harren bern. Op it mêd fan 'e wetshanthavening krewearre Harris om behalven rasisme ek ymplisite foaroardielen dy't by de plysje libben tsjin leden fan etnyske minderheden út te bannen. Yn 2015 makke se fan Kalifornje de earste Amerikaanske steat dêr't alle plysjeminsken ferplichte in filmjende bodycam by har drage moasten ûnder it wurk. Yn 2016 stelde se in offisjeel ûndersyk yn nei de praktiken by it Bakersfield Police Department en it Kern County Sheriff's Department, twa plysjekorpsen dy't hieltyd wer yn it nijs kamen omreden fan plysjegeweld.
Nei't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn juny 2013 in wet nei de foddekoer ferwiisd hie dy't yn novimber 2008 troch de Kalifornyske kiezers oannommen wie om it homohoulik yn 'e steat ûnmooglik te meitsjen, ferklearre Harris de deis dêrop, 27 juny, dat alle countys yn 'e steat fan doe ôf oan ek homo's en lesbiënnes yn it houlik ferbine moasten. Op 28 juny fierde se sels as trou-amtner it houlik út fan Kristin Perry en Sandra Stier, de lesbiënnes dy't de saak by de rjochter oanbrocht hiene.