Simple Minds is in Skotske Punkband oprjochte yn 1977 yn Glasgow. Simple Minds begûn ûnder de namme Johnny & the Self-Abusers. Fan ein 1977 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Simple Minds. De band brocht yn 1979 syn debútalbum Life in a Day út. Simple Minds hat achtjin studio-albums en njoggen live-albums útbrocht.
Skiednis De groep Simple Minds waard yn 1977 oprjochte. Dat wie ynearsten ûnder de namme Johnny & the Self-Abusers, troch Charlie Burchill, Jim Kerr, Brian McGee en Tony Donald. Harren betide muzyk, mei ûnder oaren ynfloeden fan David Bowie en Magazine, krige erkenning binnen de newwavestreaming. De earste singles wiene lykwols net suksesfol. De groep besocht dêrnei om nûmers te meitsjen dy't tichter by de kommersjele popmuzyk leinen.
Yn 1982 wie drummer Mel Gaynor by de band kaam en brocht de groep albums út dy't makliker wiene om nei te lústerjen. Dy albums levere de groep in pear lytse hitsjes op, Promised you a miracle wie ek yn Nederlân in hit. Harren grutte trochbraak kaam mei it nûmer Don't You (Forget About Me út 1985. Dit nûmer kaam yn in soad lannen op nûmer ien, dit wie ek yn Nederlân it gefal.Don't You (Forget About Me) stie op nûmer ien yn de Top 40. Yn de Nasjonale Hitparade waard it nûmer it heechst notearre op it twadde plak. Dit nûmer waard skreaun as soundtrack foar de Amerikaanske film The Breakfast Club. It nûmer wie yn de Feriene Steaten ek op nûmer ien te finen, oant no ta de iennichste grutte hit dy't de band dêr hie.
Koart nei dy hit ferliet de bassist Derek Forbes de band. Oare hits dy't yn de top tsien stiene yn dy tiid wiene Alive and Kicking, Sanctify Yourself en All The Things She Said. Yn 1988 organisearre de band yn gearwurking mei Jerry Dammers fan The Specials it Nelson Mandela 70th Birthday Tribute Concert yn it Londenske Wembley Stadion. Spesjaal foar dizze gelegenheid waard it nûmer Mandela Day útbrocht en dit waard ek in hit. Oan 'e ein fan de jierren tachtich hie de band in twadde hit dy't yn Nederlân op nûmer ien kaam, it nûmer Belfast Child út 1989. Yn 1983 hie Jim Kerr tegearre mei de rockgroep U2 in optreden op it Belgyske muzykfestival Rock Werchter. Yn 1985 hat de band in optreden jûn yn Philadelphia op it benefytkonsert Live Aid, dat organisearre waard troch Bob Geldof en Midge Ure om jild op te heljen foar de hongersneed yn Etioopje.
Nei de jierren tachtich waard it rêstiger om de Simple Minds hinne. Dat kaam ûnder oaren trochdat de toetsenist Mick MacNeil de band ferlitten hie. De band hie noch hits mei Let there be love (1991, Real Life) en She's a river (1995, Good News From The Next World). Nei't Virgin it betrouwen yn Simple Minds opsein hie, brocht de band it album Neapolis út yn 1998. Yn dat album waard besocht om by de woartels werom te kommen, sa't te hearren west wie op it album New Gold Dream. Foar dit album waard bassist Derek Forbes weromfreege, om't se de feardigens fan de orizjinele bassist goed brûke koene. Forbes hie lykwols gjin ynteresse om as fêst bandlid werom te kommen by de band.
2002-2008: Cry en Black & White 050505 Yn 2002 kaam de band werom mei ûnder oaren harren fêste drummer Mel Gaynor (1982-1991) mei it fris hearende album Cry. Kerr makke yn 2004 ek it nûmer Cynical Heart mei it tranceduo Jam & Spoon. Yn 'e maitiid fan 2005 wurke Simple Minds yn de Wisseloord Studio's oan in opfolger fan dat album. De cd Black & White 050505 ferskynde op 12 septimber. Home wie de earste single. Yn septimber 2005 wie Simple Minds yn Paradiso yn Amsterdam foar in promoasjekonsert. Yn 2006 waard troch Simple Minds troch Jeropa toerd en ek Austraalje en Nij-Seelân waarden oan dien.
Sûnt 2002 bestiet Simple Minds út: Jim Kerr: sjongen (1978-no), Charlie Burchill: gitaar (1978-no), Mel Gaynor: drums (1982-1991, 1997-1998, 2002-2017), Ged Grimes: basgitaar (2010-no), en Andy Gillespie: toetsen (2002-2005, 2007-2017).
2009-2011: Graffiti Soul Op 25 maaie 2009 kaam it fyftjinde studioalbum Graffiti Soul út, mei in deluxe-edysje. It nije album betsjutte ek dat der in nije wrâldtoernee kaam. It earste nûmer dat fan dat album útbrocht waard, is Rockets. Yn Dútslân waard der keazen om Stars will lead the way as earste single te brûken, mei licht oantrúnjen fan de platemaatskippij.
Op 15 augustus 2009 wiene Simple Minds de ôfsluter fan it festival Pinkpop Classic yn Landgraaf. Yn 2010 brocht Jim Kerr syn earste solo-album út. Hy brocht dat út ûnder de namme lostboyAKA en it album hie deselde namme.
2012: X5 Yn febrewaris 2012 kaam der in boks út dêr't de earste fiif albums op bondele stiene mei de titel X5. Der stiene ek remastere nûmers op en it nedige bonusmateriaal. Yn de earste moannen fan 2012 wie der in 'yntieme' toernee "5X5 Live". Fan de earste fiif albums waarden der fiif nûmers it album spile. Fan de ferskate optredens yn dat jier kaam der in live cd út: 5x5 live. Yn 'e maitiid stie de band wer yn de studio om de opfolger fan Graffiti Soul op te nimmen. Ein juny gie Simple Minds de hiele wrâld wer oer om optredens te jaan. Sy joegen op 30 juny ek in konsert op it Belgyske pop- en rockfestival Rock Werchter.http://www.rockwerchter.be/nl/geschiedenis/detail/rock-werchter-2012
2013-2014: Celebrate Yn 2013 kaam der in sammelalbum út dat Celebrate as namme hie. Op dit album wie in nij nûmer te finen: Broken glass park. Yn dat jier begûn de band oan in grutte toernee mei de namme Celebrate Greatest Hits. De toer begûn yn Amsterdam en yn juny en july 2014 waard troch de band spile op de festivals Retropop en Bospop. De toernee einige op 12 septimber 2014 yn Durham, Ingelân. De show yn Glasgow waard filme foar de dvd/blue-ray dy't yn maaie 2014 ferskynd is. Dat optreden is ek útbrocht as live cd.
2014-2015: Big Music Ein oktober 2014 kaam der in nij album út, Big Music. De earste single, Honest Town, waard yn septimber al presintearre. Ek kundige de band oan om yn 2015 in toernee te jaan yn Jeropa en it Feriene Keninkryk fanwegen it nije album. Op 23 novimber 2015 waard der spile yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam. Dizze datum waard op 30 oktober 2014 bekind makke, doe't Simple Minds de single Honest Town spile yn De Wereld Draait Door. Om't de earste show gau útferkocht wie, waard yn maart 2015 in twadde konsert oankundige op 24 novimber 2015.
Yn 2015 waard it album Sparkle in the rain op 'e nij útbrocht. Yn Nederlân kaam it nei mear as tritich jier wer yn de Album Top 100 te stean foar in wike.
2016-2017: Acoustic Yn oktober 2016 kundige de band it nije album Acoustic oan. Op dit album binne in tal hits as akoestyske ferzje útbrocht. Der stiet ek in cover fan it nûmer Long Black Train fan Richard Hawley op. It album ferskynde op 11 novimber 2016. Letter dat jier en yn 'e maitiid fan 2017 joegen Jim Kerr en Charlie Burchill akoestyske optredens troch hiel Jeropa by de Night of the Proms konserten. Nei dy optredens kaam der in toer troch Jeropa en it Feriene Keninkryk. Op 14 maaie 2017 waard der yn Carré yn Amsterdam spile.
Sûnt dit album binne Mel Gaynor (drummer) en Andy Gillespie (toetsenist) foar ûnbepaalde tiid út de band gien. Yn harren plak kamen Sarah Brown (eftergrûnsjongeres), Gordy Goudy (gitarist), Cherisse Osei (drummer) en Catherine AD (toetsenist) der by.
Yn 2016 waard ek it album New Gold Dream (81/82/83/84) op 'e nij útbrocht. Yn Nederlân kaam dit album ek nei dik tritich jier wer yn de Album Top 100 werom.
2018-no: Walk Between Worlds Yn novimber waard in nij studio-album oankundige mei de namme Walk Between Worlds. It album kaam op 2 febrewaris 2018 út en der kaam in koarte promoasjetoer. De band kaam bygelyks yn de Ancienne Belgique yn Brussel en yn Paradiso yn Amsterdam. Letter kaam der in wiidweidige toer troch it Feriene Keninkryk (yn 'e mande mei The Pretenders) en yn de simmer fan 2018 stie de band op festivals yn Jeropa.
De band sjocht der kwa besetting itselde út as by it eardere album Acoustic. Mel Gaynor en Andy Gillespie binne no foar goed by de band wei.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesLife in a Day20 april 1979Zoom Life in a Day,Chelsea GirlReal to Real Cacophony11 novimber 1979ChangelingEmpires and Dance12 septimber 1980I Travel,CelebrateSons and Fascination28 augustus 1981VirginLove Song,Sweat in BulletSister Feelings CallThe AmericanNew Gold Dream (81/82/83/84)13 septimber 1982Promised You a Miracle,Glittering Prize,Someone Somewhere in SummertimeSparkle in the Rain6 febrewaris 1984Waterfront,Speed Your Love to Me,Up on the CatwalkOnce Upon a Time21 oktober 1985Alive and Kicking,Sanctify Yourself,All the Things She Said,Ghost DancingStreet Fighting Years8 maaie 1989Belfast Child,This Is Your Land,Kick It In,Let It All Come DownReal Life8 april 1991Let There Be Love,See the Lights,Stand By Love,Real LifeGood News from the Next World7 febrewaris 1995She's a River,HypnotisedNéapolis16 maart 1998ChrysalisGlitterball,War BabiesNeon Lights8 oktober 2001EagleCry1 april 2002Cry,SpacefaceOur Secrets Are the Same18 oktober 2004VirginBlack & White 05050512 septimber 2005SanctuaryHome,StrangerGraffiti Soul25 maaie 2009UniversalRockets,Stars Will Lead the Way,This Is ItBig Music31 oktober 2014SonyHonest Town,Let the Day Begin,Midnight WalkingAcoustic11 novimber 2016CarolinePromised You a MiracleWalk Between Worlds2 febrewaris 2018BMGMagic,The Signal and The Noise,Sense of Discovery,Summer
Live-albums Album Utbrocht op Label Live in the City of Light11 maaie 1987VirginReal Live 911 maaie 1998MindmoodSunday Express – Live (Vol. 1 & 2)april 2007Sunday ExpressLive 2011july 2011Concert Live5X5 Live19 novimber 2012VirginCelebrate – Live at the SSE Hydro Glasgowjuny 2014Live – Big Music Tour 201514 novimber 2015Simple Minds Ltd.Acoustic in Concertjuny 2017Eagle Rock Entertainment Live in the City of Angels4 oktober 2019BMG
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThemes for Great Cities 79/811 novimber 1981Celebration1 febrewaris 1982Alive and Kicking (84,85,86)oktober 1986Glittering Prize 81/928 oktober 1992The Promised29 septimber 1997Early Gold30 juny 2003Live and Rare10 desimber 2003Celebrate: The Greatest Hits25 maart 2013Icon – The Best OfSparkle in the Rain16 maart 201540: The Best of 1979–20191 novimber 2019
Kategory:Skotske punkband Kategory:Band oprjochte yn 1977