It Punysk skrift is in útwreiding fan it Fenisysk alfabet, dy't brûkt waard om yn de Punyske taal te skriuwen. Der wurde lykwols twa farianten fan ûnderskaat:

It Aldpunysk skrift; it tradisjoneel skrift dat benammen brûkt waard foar ynskripsjes yn bygelyks monuminten. It Nijpunysk skrift; dat in mear kursive foarm hie, en waard foar alle oare dingen brûkt .

It Punysk skrift waard oant de fjirde iuw n.Kr. brûkt, dêrnei't it ferfongen waard troch it Latynsk alfabet.

Letters It Punysk skrift befette 22 konsonanten, lykas it Fenisysk alfabet. It Punysk skrift like in soad op it Fenisysk alfabet, mar fan guon letters ferskilden justjes de útspraak mei dy fan it Fenisysk alfabet.

Ortografy Namme Transliteraasje Utspraak OpmerkingsNijpunyskFenisysk𐤀ʾalp letter ʾalf ʾʔ Ek wol brûkt om fokalen mei oan te tsjutten.𐤁Bēt bb 𐤂Gaml gg 𐤃Dalt dd 𐤄He hh Under Romeinske ynfloed gauris fuortlitten, mar waard noch hieltyd útsprutsen yn guon Karthaachske wurden.𐤅Waw ww Ek wol brûkt foar de oantsjutting fan de fokaal "u".𐤆Zēn zz Yn guon nammen mei "sd" brûkt, lykas yn Hasdrubal foar "ʿazrubaʿl", "esde" foar heze ("dit", brûkt yn guon Punyske dialekten), mar meast teksten befetsje in "s": "syt" foar zut ("dit", yn Letpunysk)𐤇Ḥet ḥħ Komselden brûkt asin fokaal foar "a, e, i, o, u", it klanklûd fan Het wie sêfter, en wurden waarden ynstee dêrfan ornaris mei de letter Alf yn Letpunyske ynskripsjes skreaun.𐤈Ṭet ṭtˤ 𐤉Jod yj Ek wol brûkt foar it oantsjutten fan de fokaal "i" dochs almeast yn nammen om utens.𐤊Kap kk Guon wurden yn Latynske oersettings, dy't einigje mei Kof, show a spirantisaasje as χ, skreaun mei in "h" ynstee fan de gewoanlike "ch".𐤋Lamd ll 𐤌Mēm mm 𐤍Nūn nn 𐤎Semk ss 𐤏ʿēn ʿʕ Gauris brûkt foar de fokaal "a" en "o" yn Letpunysk, almeast foar Latynske nammen.𐤐Pi letter Fi pfpf yn Letpunysk en yn Letfenisysk, p (p) dy't frikatifisearre waard ta f (f) yn de tredde iuw f.Kr..𐤑Tsade ṣ/sˤ/ Brûkt as "ts" almeast as "s" in Latynske, Aldgrykske, Hettityske, Lydyske en Etruskyske teksten. Brûkt yn guon Latynske teksten as "st".𐤒Qop letter Qof qq 𐤓Rūš rr 𐤔Sjin šʃ 𐤕Taw tt

Sjoch ek Punysk Fenisysk alfabet

Keppeling om utens Punysk alfabet op Omniglot

Punysk Kategory:Skrift