Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʀəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj"), is in skiereilân, histoaryske provinsje en kulturele regio yn it westen fan Frankryk, dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Bretanje is it heitelân fan 'e Bretonnen, in folk dat fan âlds in Keltyske taal sprekt, it Bretonsk. Sûnt de njoggentjinde iuw is it dêrmei gâns yn it neigean rekke troch de oanhâldende druk fan it Frânsk. Yn it easten fan Bretanje wurdt ek noch in oare minderheidstaal sprutsen, it Gallo; dat is in Romaanske taal dy't nau oan it Frânsk besibbe is. Bretanje hat 4,5 miljoen ynwenners en wurdt beskôge as ien fan 'e seis Keltyske naasjes.
Bretanje stie yn 'e Romeinske Tiid bekend as Armoarika, dat diel útmakke fan Galje. Nei de fal fan it Romeinske Ryk foarme it yn 'e Iere Midsiuwen it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje, dat yn 'e tsiende iuw oergie yn it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Yn 1532 kaam in ein oan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid doe't it gebiet troch it Keninkryk Frankryk anneksearre waard. Neitiid foarme Bretanje in provinsje fan Frankryk oant yn 1789, mei de Frânske Revolúsje, alle provinsjes opheft en yn departeminten opdield waarden. Yn 1956 waard de moderne regio Bretanje oprjochte, dêr't lykwols de histoaryske haadstêd Nantes bûten holden waard. Hjoed de dei stiet Bretanje benammen bekend om syn Keltyske kultuer en syn withoefolle megalityske monuminten (lykas menhirs).
Etymology It toponym 'Bretanje' komt fan it Frânske Bretagne, dat weromgiet op it Latynske Britannia, it "Lân fan 'e Brittanjers". Dy oantsjutting wie yn 'e Romeinske Tiid inkeld yn gebrûk foar it eilân Grut-Brittanje, wêrfan't it grutste diel doedestiden de Romeinske provinsje Brittanje (Britannia) foarme. Uteinlik giet it Latynske Britannia werom op in Gryksk wurd, Πρεττανικη, Prettanike, of Βρεττανίαι, Brettaniai. Dy oantsjuttings waarden brûkt troch Pyteäs, in ûntdekkingsreizger út 'e Grykske koloanje Massalia, dy't om 320 f.Kr. hinne de kustlinen fan 'e Britske Eilannen ferkende. Hy naam it wurd oer fan in tige gongber endonym út 'e talen fan 'e Brytoanyske Kelten, dat rekonstruëarre is as *Pritanī. It gie werom op it Oerkeltyske *Kʷritanoi, dat kaam fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *kʷer- mei de betsjutting "snije", "meitsje" (yn it Frysk bewarre bleaun as "kervje").
De Romeinen tsjutten Bretanje oan as "Armoarika" (Armorica), wierskynlik fan it Gallyske wurd aremorika, dat "deunby de see" betsjut. It wie in tige ûnbeskate krite dêr't de hiele Atlantyske kust ta rekkene waard fan 'e mûning fan 'e Seine, by Le Havre, oant de mûning fan 'e Loire, by Nantes, en miskien sels wol oant de mûning fan 'e Garonne, by Bordeaux. In oare namme, Letavia (yn it âldere Latyn stavere as Letauia), wie oant de tolfde iuw ek foar Bretanje yn gebrûk. Dat betsjutte mooglik safolle as "útstrutsen flakte", en de hjoeddeistige Welske namme foar Bretanje, Llydaw, kaam dêrút fuort.
Nei de fal fan it Romeinske Ryk setten in protte Brytoanyske Kelten út Grut-Brittanje har yn Armoarika nei wenjen, mei as gefolch dat it gebiet tsjin 'e ein fan 'e fyfde of it begjin fan 'e sechsde iuw ek bekend kaam te stean as Britannia. Om ûnderskie te meitsjen tusken de beide 'Brittanjes' brûkten Midsiuwske skriuwers, lykas Geoffrey fan Monmouth, de term Britannia major ("Grut-Brittanje") foar it eilân, en Britannia minor ("Lyts-Brittanje") foar Bretanje. Sa kaam it eilân Grut-Brittanje oan syn hjoeddeistige namme. Yn lettere tiden, doe't it Latyn net mear as skriuwtaal brûkt waard, hoegde it ûnderskie op dy wize net mear makke te wurden, mei't de nammen fan 'e beide gebieten yn 'e sprektalen fan West-Jeropa net itselde wiene. Sa spriek men yn it Frânsk fan Brittannie foar Grut-Brittanje en fan Bretagne foar Bretanje. Krektsa makke it Ingelsk ûnderskie tusken Britain (Grut-Brittanje) en Brittany (Bretanje). Ek it Frysk ken sa'n ûnderskie tusken (Grut-)Brittanje en Bretanje.
De lânseigen namme foar Bretanje yn it Bretonsk is Breizh, dat op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn it Kernevysk, it Leönaarsk en it Tregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"), stavere as Breiz, wylst men yn it ôfwikende Fanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere as Breih. De offisjele Bretonske stavering fan 'e namme, dy't sûnt 1941 yn gebrûk is mar nea botte populêr wurden is, kombinearret de -z fan 'e trije westlike en noardlike dialekten mei de -h út it súdlike Fanneteesk ta de saneamde Bretonske zh. Yn it Gallo, de oare lânseigen taal fan Bretanje, hat der nea in algemien akseptearre stavering west, en sadwaande wurdt de namme fan 'e regio yn dy taal skreaun as Bertaèyn of Bertègn of op ferskate oare manearen.
Geografy Bretanje hat in oerflak fan 34.023 km². It is in skiereilân, dat oan 'e eastkant oan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa fêstsit en dêr grinzget oan 'e Frânske histoaryske kriten Normanje, Maine, Anzjû en Vendée (fan noard nei súd). Oan alle oare kanten wurdt Bretanje omjûn troch dielen fan 'e Atlantyske Oseaan: yn it noarden leit It Kanaal, yn it westen de Keltyske See en yn it suden de Golf fan Biskaje. Yn it noardeasten is de Golf fan Saint-Malo dat diel fan It Kanaal dat ynklamme leit tusken de noardkust fan Bretanje, de westkust fan Normanje en de súdkust fan 'e Kanaaleilannen. Oan 'e westpunt fan Bretanje hat de kust inkele djippe ynhammen, wêrfan't de Baai fan Douarmenez de grutste is. De ynhammen mei-inoar foarmje de See fan Iroise. Ek oan 'e súdkust fan it skiereilân lizze ferskate baaien, wêrûnder de Baai fan Audierne, de troch it Skiereilân fan Quiberon foarme Baai fan Quiberon, de Golf fan Morbihan, dat suver in lytse binnensee is, en de Baai fan Bourgneuf.
De kust fan Bretanje, is tige wyld, mei in protte kliffen en kapen. De kustline fan it skiereilân mjit yn totaal 2.860 km, wat in trêde fan 'e folsleine Frânske kustline is. By Bretanje hearre yn totaal mear as 800 ûnderskate eilannen. De grutsten binne Batz en Bréhat foar de noardkust, Ouessant, Molène, Beniguet en Sein foar de westkust, en Glénan, Croix, Belle-Île, Houat en Hoëdic foar de súdkust. Belle-Île is fierwei it grutste.
Geografysk kin Bretanje opdield wurde yn Opper-Bretanje, dat rûchwei de eastlike helte foarmet, en Neder-Bretanje, de westlike helte. It lânskip fan it skiereilân is oer it algemien heuveleftich, mei't it oerienkomt mei de westlike útein fan it Armorikaansk Massyf, in tige âld en ôfsliten berchtme dat him yn it easten útstrekt oant djip yn Normanje en it Lân fan 'e Loire. De grins mei Normanje wurdt foarme troch de rivier de Couesnon. It Armorikaansk Massyf berikt bûten Bretanje, yn it departemint Mayenne, syn grutste hichte fan 417 m, en rint dêrwei nei it westen ta oer it algemien ôf. It heechste punt fan Bretanje is de Roc'h Ruz yn 'e Monts d'Arrée fan Neder-Bretanje, mei in hichte fan 385 m. De Bretonske bocage, de opdieling fan it plattelân yn lytse fjilden dy't faninoar skaat wurde troch hege hagen, is sûnt de 1960-er jierren frijwol ferdwûn troch ruilferkaveling, om oan 'e easken fan 'e moderne lânbou foldwaan te kinnen.
De measte wâlden fan Bretanje wiene yn in earder stadium ferdwûn om romte te meitsjen foar de bocage, mar inkelen besteane noch, lykas it Wâld fan Paimpont, wêrfan't wol sein wurdt dat it Wâld fan Brocéliande út 'e Arthurleginden is. Guon rotseftige of om oare redens ûnfruchtbere kriten wurde oerdutsen troch heide en heechfean. Der binne ek noch ferskate sompen, lykas de Brière, dy't diel útmakket fan in regionaal natoergebiet. In oar regionaal natoergebiet omfiemet de Monts d'Arrée en de kust fan 'e See fan Iroise, wylst dy see sels de status hat fan in biosfearreservaat fan 'e UNESCO.
Fauna en Bretonske húsdiererassen In grut ferskaat oan wetterfûgels libbet oan 'e kust fan Bretanje, dêr't koloanjes ielskolfers, miuwen, alken, ginten, murren en seepappegaaien te finen binne. Sokke fûgels briede almeast op isolearre eilannen of rotsen yn see en binne sadwaande dreech waar te nimmen. Yn it binnenlân libje fûgels dy't ek op oare plakken yn Noardwest-Jeropa foarkomme, lykas wylde einen, fazanten, patrizen, houtsnippen, mosken, protters, lysters, swartkopkes, blaukopkes, readboarstkes, boeresweltsjes, gewoane toersweltsjes, ensfh.
Krekt as dat mei Cornwall, Wales en Ierlân it gefal is, lûke de kusten fan Bretanje in protte seedierte oan, wêrûnder kwabben, krabben, kreeften en alderhanne fisken, lykas seebears en de reuseftige (mar folslein ûngefaarlike) reuzehaai (dy't fan plankton libbet). Seesûchdieren, lykas de grize seehûn, de gewoane brúnfisk en ferskate soarten dolfinen komme ek oan 'e Bretonske kust foar, en itselde jildt foar de learskylpod. Yn 'e rivieren en beken fan Bretanje libje û.m. forel, Atlantyske salm, snoek, snoekbears, bears, twa soarten njoggeneagen, de swietwetterpearelmoksel en de swietwetterkreeft.
De gruttere sûchdieren, lykas de wolf en de lynks, binne yn Bretanje yn 'e iere Moderne Tiid útstoarn, mar op it skiereilân libje noch wol û.m. reeën, everswinen, foksen, hazzen, wylde kninen, harmelingen, wezelingen, bevers, otters en ferskate soarten flearmûzen. Guon eksoaten sjocht men leaver gean as kommen, lykas de út Súd-Amearika ôfkomstige beverrôt, dy't it ekosysteem oantaast, en dêrmei it ferdwinen fan 'e Jeropeeske nerts oanfiteret. Bretanje is ien fan mar in pear kriten yn West-Jeropa dêr't dy slim bedrige martereftige noch foarkomt.
Op it mêd fan domestisearre bisteguod stiet Bretanje bekend om 'e Bretonske spaniel, in steande hûn, en fierders om it Bretonske hynder, in lûkhynder, en ferskate kowerassen, wêrfan't guon op 'e râne fan it útstjerren ferkeare. It giet dêrby om 'e Bretonne pie noir, de froment du Léon, de Armoricaine en de Nantaise.
Skiednis Prehistoarje Bretanje hat al teminsten fan it Let-Paleolitikum ôf bewenne west troch minsken. De ierste minsklike bewenners wiene neändertalers, dy't yn it gebiet in argeologyske kultuer ûntwikkelen dy't 'Kolumbanysk' neamd wurdt. De âldste spoaren fan bewenning troch neändertalers yn Bretanje binne ûntdutsen yn Plouhinec, yn it departemint Finistère, en datearje fan likernôch 450.000 jier lyn. Homo sapiens, de moderne minske, fêstige him omtrint 35.000 jier lyn yn Bretanje, dêr't er it frijkommen plak fan 'e neändertaler ynnaam, dy't likernôch 40.000 jier lyn útstoarn wie.
Nei de lêste iistiid (dy't omtrint 12.000 jier lyn einige) rekke Bretanje tanksij it waarmer wurdende klimaat oerdutsen mei wâlden. It gebiet wie doedestiden noch mar tige tinbefolke mei lju dy't der in jager-sammelderlibbenswize op neiholden. De lânbou waard yn Bretanje yn it fyfde milennium f.Kr. yntrodusearre troch ymmigranten dy't har út it suden en easten wei op it skiereilân nei wenjen setten. De Neolityske Revolúsje (de oergong fan in jager-sammelderbestean nei in libbenswize basearre op lânbou) wie yn Bretanje gjin hommelse, radikale feroaring, mar in stadich proses dat him stap foar stap foltriek troch oanhâldende ymmigraasje fan lju fan bûtenôf dy't nije feardichheden oerbrochten oan 'e al oanwêzige befolking.
It Neolitikum waard yn Bretanje karakterisearre troch de oprjochting fan in grut tal wichtige megalityske monuminten. It skiereilân wurdt dêrom ek wol oantsjut as in kearngebiet fan 'e megalityske kultuer fan Noardwest-Jeropa. De oanlis fan 'e âldste monuminten, saneamde stienmantsjes of cairns, waard folge troch de bou fan foarstlike grêftomben en stiennerigen. Fral yn it departemint Morbihan, oan 'e súdkust, binne in protte fan sokke monuminten konsintrerre, wêrûnder de ferneamde Stiennen fan Carnac en de Brutsen Menhir fan Er Grah, (de grutste stien ea oprjochte troch neolityske minsken), dy't ûnderdiel útmakket fan 'e megaliten fan Locmariaquer.
Aldheid