H.P. Lovecraft (Amerikaansk-Ingelske útspr.: [ˈlʌvkræːft], likernôch: "lav-krêft"; folút: Howard Phillips Lovecraft; Providence, 20 augustus 1890 – dêre, 15 maart 1937) wie in Amerikaansk skriuwer fan benammen horror en weird fiction, dy't ek aktyf wie as dichter, publisist, essayist, sjoernalist, literatuerkritikus en redakteur. Hy is benammen bekend wurden as de geastlike heit fan 'e optochte wrâld dy't letter de Cthulhu Mythos neamd waard. It wurk fan Lovecraft bestie foar it meastepart út koarte ferhalen, dy't er publisearre yn pulptydskriften, mei dêropta fiif novellen en ien roman. Syn bekendste wurken binne de ferhalen The Call of Cthulhu en The Rats in the Walls en de novellen At the Mountains of Madness, The Shadow over Innsmouth en The Shadow Out of Time.

It wurk fan Lovecraft gie yn op wat neffens de skriuwer it plak fan 'e minskheid yn it hielal wie: in ûnbelangryk dieltsje fan in ûnferskillige kosmos, dat op elts willekeurich stuit fuortreage wurde koe. Hy foege oan syn ferhalen fantastyske eleminten ta dy't de neffens him besteande brekberens fan it antroposintrisme symbolisearren. Lovecraft wie it mulpunt fan in breder fermidden fan skriuwers, dat wol oantsjut wurdt as de 'Rûnte fan Lovecraft'. Dêrta hearden û.o. August Derleth, Donald Wandrei en Robert Bloch, wylst ek Robert E. Howard, de geastlike heit fan Conan de Barbaar, nauwe bannen mei Lovecraft ûnderhold. De leden fan 'e Rûnte fan Lovecraft skreaune ferhalen dy't gauris eftergrûneleminten dielden, wat ta it ûntstean fan 'e dielde wrâld fan 'e Cthulhu Mythos late.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Lovecraft waard yn 1890 berne yn Providence, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Rhode Island, yn in begoedige famylje fan etnysk Ingelsk komôf. Hy wie it ienlingsbern fan Winfield Scott Lovecraft en dy syn frou Sarah Susan Phillips. Syn heit waard yn 1893, doe't Lovecraft noch mar trije jier wie, opnommen yn it psychiatrysk sikehûs Butler Hospital te Providence. Dêr soed er fiif jier letter, yn 1898, ferstjerre oan syfilis, hoewol't in eufemisme brûkt waard om syn tastân te omskriuwen. Lovecraft hold letter syn hiele libben lang fol dat syn heit geastlik paadbjuster rekke wie troch sliepeleazens en wat no in burnout neamd wurde soe. It is ûnbekend oft er dat wier leaude om't de wierheid foar him geheim holden wie, of dat it in selsoptocht ferlechje út skamte wie.

Nei de opname fan syn heit groeide Lovecraft fierders op yn 'e romme filla fan syn pake en beppe oan memmekant, Whipple Van Buren Phillips en dy syn frou Robie. Dêr wennen behalven hy en syn mem ek syn beide ûntroude muoikes Lillian en Annie doe noch. Syn mem bedoar him en woe him frijwol nea út it each ferlieze. Pake Whipple waard in twadde heit foar it Lovecraft, mei wa't er ûnder syn geregelde lange sakereizen korrespondearre troch briefkerij (Lovecraft koe mei trije jier nei't it skynt al goed lêze en skriuwe). It wie Whipple dy't Lovecraft oanfitere om literatuer en poëzij te lêzen, en dy't op jierren syn jonge pakesizzer yn 'e kunde brocht mei horror en weird fiction. Lovecraft rekke dêrtroch oanhelle mei weromkearende nachtmerjes, dy't oanboazen doe't syn mem en muoikes inkeld noch swarte rouklean droegen nei it ferstjerren fan syn beppe yn 1896.

Op eigen manneboet brocht Lovecraft himsels fan 1898 ôf yn 'e famyljebibleteek yn 'e kunde mei de wittenskip, yn 't bysûnder astronomy en skiekunde. Oan astronomy ferlear er sa syn hert, dat er yn 1902, doe't er tolve jier wie, úteinsette mei de publikaasje fan in tydskrift oer dat ûnderwerp, it Rhode Island Journal of Astronomy, dêr't 69 edysjes fan bewarre bleaun binne. Wat formeel ûnderwiis oangie, wiksele Lovecraft geregeldwei fan legere skoalle, mei tuskentroch lessen fan priveelearaars by him oan hûs. Dat skynt te krijen hân te hawwen mei in swakke sûnens, hoewol't net alhiel dúdlik is wat him mankearre.

Underwilens rekke it mei de saken fan pake Whipple sa yn it neigean, dat er koart nei 1900 syn tsjinstfolk dien jaan moast. Mei't de beide muoikes ûnderwilens troud wiene, bleaune Lovecraft, syn mem en syn pake allinne efter yn it grutte hûs. Begjin 1904 gie it bedriuw fan Whipple Phillips oer de kop, en inkele moannen letter kaam de âldman mei santich jier te ferstjerren oan in oerhaal. Neitiid waard de grutte filla ferkocht en ferfearen Lovecraft en syn mem nei in lytse twa-ûnder-ien-kapwente, om't it ûnderhâld fan it grutte hûs net op te bringen wie. Tritich jier letter soe Lovecraft dat diel fan syn libben yn in brief omskriuwe as it dûnkerste part fan syn libben, en opbychtsje dat er in skoft mei selsmoardplannen omrûn hie.

Doe't Lovecraft yn 'e hjerst fan dat jier úteinsette mei it fuortset ûnderwiis, gie it better, mei't er dêr in protte nocht oan hie, ek al moast er noch hieltyd út en troch in hoart skoalle misse fanwegen syn sûnens. Hy gie wer fierder mei de publikaasje fan it Rhode Island Journal of Astronomy, en begûn ek mei de publikaasje fan in oar tydskrift, de Scientific Gazette, dy't foar it meastepart oer skiekunde gie. Hoewol't er al koarte ferhalen skreau sûnt syn achtste, produsearre Lovecraft yn dy snuorje foar it earst de dûnkere, bizarre ferhalen dêr't er letter bekend om wurde soe, lykas The Beast in the Cave en The Alchemist. Yn 1908, koart foar syn eineksamens, krige er in nije krisis op it mêd fan syn sûnens, skynber slimmer as alle foargeande, hoewol't de omstannichheden en oarsaken ûnbekend binne. Hy soe it letter yn syn brieven omskriuwe as in mentale ynstoarting dy't mank gie mei migrêne en sliepeleazens. Dêrtroch died er nea eksamen en kearde er ek nea wer werom nei skoalle.

Karriêre Iere jierren Oer wat Lovecraft útheefde tusken 1908 en 1913 is net folle bekend. Finansjeel gie it yn elts gefal hieltyd minder mei him en syn mem, fral nei in mislearre saaklik aventoer fan in omke, dat de famylje in protte jild koste. Yn 1912 ferskynde it earste gedicht fan Lovecraft, dat er net yn in eigen útjefte publisearre, yn in pleatslike krante. It hie as titel Providence in 2000 A.D. en stelde in takomst foar wêryn't Amerikanen fan Ingelsk komôf net mear yn tel wiene en harren plak ynnommen wie troch ymmigranten fan Iersk, Italjaansk, Portegeesk en Joadsk komôf. Yn deselde snuorje skreau Lovecraft ek rasistyske poëzij lykas New-England Fallen en On the Creation of Niggers, hoewol't er dy gedichten by syn libben nea publisearre. Tsjintwurdich soe soks blyk jaan fan ekstremistyske tinkbylden yn 'e marzje fan 'e maatskippij dy't troch de mainstream beslist net akseptearre wurde, mar doedestiden wiene rasistyske opfettings yn Nij-Ingelân noch folslein ynboargere.

Yn 1911 begûnen ynstjoerde brieven fan Lovecraft yn pulptydskriften te ferskinen, yn 't bysûnder Argosy. Yn 1913 fage er yn in ynstjoerd brief yn dat blêd de flier oan mei de fiksje fan Fred Jackson, wêrmei't er in fete oanhelle mei de measte oare lêzers fan Argosy, dy't hast in jier lang duorje soe en dy't útfochten waard fia ynstjoerde brieven. Syn wichtichste tsjinstanner wie John Russell, dy't syn antwurden gauris yn fersfoarm geat; Lovecraft hie dêr sa'n respekt foar dat er him twongen fielde om te reägearjen, en sa it skeel oan 'e gong hold. De stikken loeken de oandacht fan Edward F. Daas, doedestiden de haadredakteur fan 'e United Amateur Press Association (UAPA), dy't yn 1914 sawol Russell as Lovecraft útnûge om lid te wurden. Beiden giene se dêrop yn en it meastepart fan it folgjende desennium dompele Lovecraft himsels ûnder yn 'e wrâld fan 'e amateursjoernalistyk.

Ein 1914 waard Lovecraft foarsitter fan 'e ôfdieling Publike Krityk fan 'e UAPA, mids 1915 waard er fise-foarsitter fan 'e hiele organisaasje en yn 1917 klom er op ta foarsitter. Hy brûkte syn bestjoerlike posysjes om in foarm fan skreaun Ingelsk te bepleitsjen dy't troch in protte fan syn tiidgenoaten beskôge waard as argaysk en efterhelle. Lovecraft geat syn krityk op wat er de "amerikanismen" en "sprektaaltermen" yn it wurk fan oare UAPA-leden neamde faak yn ksenofobyske en rasistyske foarmen, wêrby't er de ferbastering fan 'e taal troch ymmigranten beklage. Yn 1917 waard er foarsitter fan 'e UAPA, wêrnei't er bestjoersleden beneamde dy't foar it meastepart syn ideeën oer de supremasy fan klassyk Ingelsk boppe modern Amerikaansk-Ingelsk dielden. Yn deselde tiid publisearre Lovecraft ek in protte artikels wêryn't er him tige kritysk útliet oer de ûnwil fan 'e Feriene Steaten om yn te gripen yn 'e Earste Wrâldoarloch. Nei syn miening wiene de Amerikanen it oan harsels ferplichte om Ingelân te help te kommen, dat er beskôge as harren memmelân. Nei't de Feriene Steaten har yn 1916 by de Alliëarden oansletten hiene, besocht Lovecraft yn 1917 tsjinst te nimmen by it Amerikaanske Leger. Hy kaam troch de keuring, mar moast ynbine doe't syn mem drige elts middel oan te gripen, "legaal of net", om syn tsjinstnimmen tsjin te kearen.

Yn 1916 publisearre Lovecraft syn koarte ferhaal The Alchemist yn 'e wichtichste útjefte fan 'e UAPA, dêr't er oan dy tiid ta inkeld poëzij yn útbrocht hie. Tanksij de oanmoediging fan in oar UAPA-lid, W. Paul Cook, dy't in libbenslange freon fan him wurde soe, gied er neitiid troch mei it almar mear skriuwen fan fiksje ynstee fan poëzij. Syn earstfolgjende publisearre ferhalen wiene The Tomb, wêryn't (sa joech er sels ek ta) de grutte ynfloed dy't Edgar Allan Poe op him hie, ta utering kaam, en Dagon, dat yn in styl skreaun wie dêr't er neitiid yn trochgean soe. Nei't yn 1918 syn termyn as foarsitter fan 'e UAPA ôfrûn, kearde Lovecraft werom yn syn âlde funksje fan foarsitter fan 'e ôfdieling Publike Krityk. Yn 'e winter fan 1918 op 1919 rekke syn mem geastlik yn 'e war. It is net dúdlik wat har mankearre, mar yn maart 1919 waard se opnommen yn itselde psychiatrysk sikehûs dêr't har man earder bedarre wie. Nei in petear mei har dokters, yn april, kaam Lovecraft ta de konklúzje dat se it sikehûs nea wer ferlitte soe. Dy reälisaasje smiet him yn in djippe klinyske depresje, dêr't er pas tsjin 'e ein fan it jier wer ta'n út wist te klauwen.

Under ynfloed fan 'e wurken fan Lord Dunsany, dy't er koarte tiid earder ûntdutsen hie, skreau Lovecraft yn 1919 de ferhalen fan syn saneamde Dream Cycle ("Dreamsyklus"), lykas The White Ship, The Doom that Came to Sarnath en The Statement of Randolph Carter. Begjin 1920 folgen The Cats of Ulthar en Celephaïs. Yn dyselde snuorje kaam Lovecraft yn 'e kunde mei Frank Belknap Long, dy't de rest fan syn libben syn bêste freon en neiste fertrouling wêze soe. Letter dat jiers begûn er de ierste ferhalen te publisearjen dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Cthulhu Mythos, in optochte wrâld wêrfan't de namme wierskynlik betocht waard troch August Derleth. Yn dy ferhalen lei Lovecraft him ta op it oantsjutten fan 'e kosmyske neatichheid fan 'e minskheid mei weromkeardende ferwizings nei boppenatuerlike entiteiten en fiktive teksten, wêrfan't benammen de ferskriklike 'fergetten god' Cthulhu en de gefaarlike grimoire Necronomicon de popkultuer binnenkrongen binne en ek bûten it wurk fan Lovecraft bekend wurden binne. Yn 't earstoan skreau er de ferhalen noch op reälistyske wize, mar meitiid ferskode er datoangeande nei horror en weird fiction. It gedicht Nyarlathotep en it koarte ferhaal The Crawling Chaos, dat er skreau y.g.m. Winifred Virginia Jackson, kamen ein 1920 út. Yn 1921 folgen de ferhalen The Nameless City en The Other Gods.

Houlik en ferhuzing nei New York