Storm Cursed (letterlik: "Stoarmferflokt") is it alfde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Storm Cursed krije Mercy, har man Adam en har freonen te krijen mei in clan heksen, dy't as "in stoarm fan ferflokkings" op harren territoarium delsaaie. Storm Cursed waard foar it earst publisearre yn 2019, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch sawol de Newyorkske útjouwerij Ace Books as de Britske útjouwerij Orbit Books. __TOC__ Eftergrûn fan 'e searje Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.
Ynhâld Yn Storm Cursed rekket Adam djip behelle yn 'e ûnderhannelings tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en de Grize Hearen, dy't mei hurde hân oer de ierdgeasten hearskje. Om't it territoarium fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel sjoen wurdt as neutraal terrein, wolle de beide partijen dy ûnderhannelings yn 'e Tri-Cities hâlde. Adam hat der de hannen oan fol, wat betsjut dat it hanthavenjen fan 'e oarder yn it territoarium fan 'e ridel oan Mercy tafalt. Sy en guon oare leden fan 'e ridel binne dêr wakker drok mei. Earst oppenearret him in eardske dy't op 'e flecht is foar de minsklike autoriteiten sûnt er yn Los Angeles in plysjeman ombrocht hat. Mercy weeft mei him ôf mei help fan 'e wearwolven Ben en Mary Jo en fan Larry Sethaway, dy't him nei bûten ta profilearret as de 'kening fan 'e eardsken', hoewol't er ferteld hat dat de eardsken eins syn liedersposysje net op dy wize omskriuwe. Mercy-en-dy hawwe de troch Larry ôfsleine holle fan 'e eardske noch net by de plysje ôflevere, of se wurde by in apart gefal roppen fan in keppel geitsjes dy't deamakke en dêrnei ta in ûndeade steat as sombys brocht binne.
Elizaveta Arkadjevna Vysjnevetskaja, de (fan oarsprong Russyske) hekse dy't de ridel út en troch mei rie en die bystiet yn saken fan tsjoenderij, is noch yn Jeropa, dêr't se mei Adam hinne reizge wie om Mercy te rêden fan Iacopo Bonarata, in fampier dy't himsels de 'Hear fan 'e Nacht' neamt en dy't Mercy koartby ûntfierd hie (sjoch: Silence Fallen). Hja wennet lykwols yn 'e Tri-Cities mei har hiele famylje (allegear heksen) yn in grut hûs, en Mercy ornearret dat se fan ien fan 'e oare heksen wol advys krije kin oer wat se mei de sombygeitsjes oan moat. As se opskillet, wurdt der lykwols oannommen troch in frou mei in Súdlik Amerikaansk-Ingelsk aksint. Mercy fertrout it spul net en stjoert guon fan 'e wearwolven om poalshichte te nimmen. Hja treffe it hûs ferlitten en de hiele famylje fan Elizaveta dea oan; de measten binne martele. Boppedat treffe se ek bewizen oan dat Elizaveta en har famylje oan swarte magy diene, lykas koaien mei tramtearre bisten yn 'e kelder en de spûken fan ferskate fermiste (en blykber fermoarde) persoanen. De bisten binne allegear dea, op ien lyts swier mishannele jongkatsje nei. Adam en Mercy wisten wol dat Eliveta har dwaande hold mei skimerige saakjes, mar har belutsenens by swarte magy, dat planút kwea is, hat se foar harren ferburgen witten te hâlden.
As Adam en Mercy wer thúskomme, wurde se yn 'e kelder fan harren wente oanfallen troch in somby-wearwolf. Se hawwe Sherwood Post by harren, in lid fan 'e wearwolveridel dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Hy is inkele jierren lyn befrijd út 'e finzenskip fan in groep heksen yn Seattle en hy mist in skonk, wat frjemd is foar in wearwolf, mei't wearwolven ornaris ferlerne lichemsdielen regenerearje. Sherwood hat syn namme krigen fan Bran Cornick, de marrok, dy oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket (en Mercy hat pleechheit is). De marrok is ek dejinge dy't him yn 'e ridel fan Adam en Mercy pleatst hat. As de somby-wearwolf harren oermânsk driget te wurden, nimt Sherwood syn wolf, dy't gjin lêst hat fan ûnthâldsferlies, de kontrôle oer syn lichem oer, en brûkt magy om mei it wêzen ôf te weven. Dêrmei makket er ek dat it hûs fan Adam en Mercy foar in skoftke ûntagonklik is foar heksen en oaren dy't swarte magy brûke.
As Adam en syn direkte ûnderhearrigen yn 'e ridel, Darryl Zao en Warren Smith, dy jûns wer fêstsitte yn besprekkings mei fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear oer de oansteande ûnderhannelings mei de ierdgeasten, giet Mercy te rie by har freon Stefan Uccello, dy't in fampier is. It is har dan einlings tebinnen kommen wêrom't de rook fan 'e hekse dy't de geitsjes ta sombys makke, har sa bekend foarkaam: se rûkt krekt as William Frost. Dat wie in fampier dy't ek tsjoene koe, en dy't ferline hjerst besocht hat om Marsilia, de hearskeresse fan 'e pleatslike fampieretroep fan 'e troan te stjitten en teffens om Adam te twingen en fermoardzje de konservative senator Jake Campbell, dy't bot anty-wearwolf is (deselde dy't no lieding jout oan 'e oerheidsdelegaasje dy't mei de ierdgeasten ûnderhannelje sil). Troch yngripen fan Mercy binne al syn snoade plannen lykwols op 'e non rûn (sjoch: Frost Burned). De hekse dy't de geitsjes ta sombys makke hat, rûkt lykwols as earstegraads besibskip ta Frost. Mercy freget no Stefan om mear oer Frost oan 'e weet te kommen, en Stefan seit syn help ta.
As Arnoldo Salas, de eigner fan 'e sombygeitsjes, opskillet mei it boadskip dat der in auto op fertochte wize by him en syn húshâlding foar de ruten hinne en wer riidt, giet Mercy op ûndersyk út en Stefan komt mei. By Salas op it hiem treffe se de hekse, dy't harren kâldwei ferteld dat sy en har famylje de pleatslike heksen ôfmakke hawwe en dat se harren plak no ynnimme sille. Mercy-en-dy wurdt hjitten de nije heksen net foar de fuotten te rinnen, en Stefan moat in berjocht oerbringe oan Marsilia dat der mei koarten kontakt mei har opnommen wurde sil. En fierders sille de heksen derfoar soargje dat der gjin ûnderhannelings tusken de oerheid en de ierdgeasten plakfine, en moatte Mercy en de wearwolveridel harren dêr fierders net mei bemuoie. Mercy har sizzen dat de heksen opsokkebalje moatte, makket gjin yndruk.
De oare deis is Mercy oanwêzich by besprekkings fan Adam mei fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid as der in bomoanslach plakfynt. Troch har yngripen bliuwe de gefolgen fierhinne beheind ta materiële skea, mar Paul, de wearwolf dy't har libben rêdt troch har mei syn lichem te beskermjen as it gebou troch de ûntploffing ynstoart, komt om. De oanslachdogger wurdt letter yn ferbân brocht mei de heksen. De folgjende dagen moat de ridel ôfweve mei mear deade bisten dy't ta somby makke binne. Adam fermoedet dat de heksen mei de ridel oan it omboartsjen binne. De deis nei de kremaasje fan Paul keart Elizaveta werom út Jeropa. Hja identifisearret de heksen dy't har famylje ombrocht hawwe as leden fan 'e grutte Hardesty-clan út Tennessee. Adam en Mercy beseffe dat se ek mei Elizaveta ôfweve moatte sille, mei't dy efter harren rêch om freeslike dingen dien hat yn harren territoarium, lykas it marteljen en deadzjen fan minsken en bisten (mei't dat is wêr't de enerzjy foar swarte magy weikomt).
De deis dêrop is Mercy yn har garaazje oan it wurk, dy't noch mar krekt werboud is nei't er ferwoastge wie troch in mâle fulkaangod (sjoch: Night Broken), as se in aparte oranje substânsje yn it luchtfilter fan in Folkswein tsjinkomt. Wannear't har freon en wurknimmer, de heal-ierdgeast Tad, der oan fielt, begjinne syn hannen te blierjen en ôf te stjerren. Troch fluch en trochtaastend yngripen fan syn heit Zee, Mercy har eardere baas, dy't ek noch gauris yn 'e garaazje ompielt, bliuwt it ûnheil beheind ta in pear seare hannen. (Zee, eins Siebold Adelbertsmiter, is in oerâlde metaalbewurkjende ierdgeast dy't earder bekend stie as de Dûnkere Smid fan Drontheim.) Hy mei himsels graach foardwaan as in humeurige âldman, mar hy hat safolle macht dat sels de Grize Hearen op teannen om him hinne rinne. Neitiid stelt Elizaveta fêst dat it in flok fan 'e Hardesty-heksen wie.
Mercy beslút om senator Campbell tillefoanysk yn te ljochtsjen oer it gefaar dat de heksen opsmite foar de ûnderhannelings. Dat liedt ta in útnûging om 'e oare deis mei Adam in besyk oan 'e senator te bringen, sadat se tête-à-tête prate kinne. By it petear komt Mercy yn 'e kunde mei Ruth Gillman, de assistinte fan Campbell, en teffens beseft se dat Campbell fan 'e Yndiaanske godheid Hauk ôfstammet sa't sysels fan Coyote ôfstammet, mar hy liket him der folslein ûnbewust fan te wêzen. Se beslút him mar neat wizer te meitsjen.
Dy nachts, as se wekker leit om't se net sliepe kin, riddenearret Mercy einlings út wat William Frost no eins yn it sin hie. Sy en Adam wisten al dat er besocht de wearwolven yn konflikt te bringen mei de Amerikaanske oerheid troch te Adam te twingen en meitsje in senator fan kant, en ek wisten se dat er it bestean fan 'e fampieren oan 'e minsken bekendmeitsje woe, krekt sa't de ierdgeasten en de wearwolven harren bestean earder bekendmakke hiene. Mar Mercy wie der oant no ta fan útgien dat er hannele fanút syn fampier-wêzen. No beseft se ynienen dat foar Frost syn fampieresteat in bykomstichheid wie, en dat er yn it foarste plak in hekse wie. Net inkeld besocht er de wearwolven yn in kwea deiljocht te stellen troch in konflikt tusken harren en de minsklike autoriteiten te feroarsaakjen, mar hy woe ek de fampieren útrûgje troch de minsken tsjin harren op te setten.
As se einlings yn 'e sliep falt, kriget Mercy in dream fan Coyote, dy't har ferteld dat er ynformaasje foar har hat, en har geast dan yn it lichem pleatst fan it mishannele jongkatsje dat de iennichste oerlibbene is fan it bloedbad yn it hûs fan Elizaveta. Mei it jongkatsje ûndergiet Mercy dêr dagenlang de folterings troch de beide Hardesty-heksen, wêrfan't de iene Magda hjit, wylst de oare harsels "de Dea" neamt. Ut harren praat komt Mercy te witten wa't se binne en wat se wolle. Uteinlik lit "de Dea" alle libbene wêzens yn 'e wente yn ien kear stjerre, útsein it jongkatsje, want troch Mercy har oanwêzigens en de macht fan Coyote, dy't in god fan feroaring (en dus ek fan 'e dea) is, kriget har tsjoenderij gjin fet op bistke. Neitiid bringt Coyote Mercy, noch altyd yn 'e dream, wer ta harsels. As se wer wat bekommen is, seit se him it mannewaar op. Hy leit lykwols út dat er wol dat se de Hardesty-heksen deamakket, eat dat er sels net dwaan kin om't se "ienris-stjerlike wêzens" binne, út in oar lân, dy't net ta syn domein hearre. Se hawwe lykwols op 'e iene of oare manear sa stom west om harren de grime fan Coyote op 'e hals te heljen (hoewol't er dizenich bliuwt oer hoe't se dat krekt oprêden hawwe), en dy kin harren wol deeglik reitsje troch de hân fan syn minsklike bern, c.q. Mercy.