Smoke Bitten (letterlik: "[troch] Reek Biten") is it tolfde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Smoke Bitten krije Mercy, har man Adam en har freonen te krijen mei in meunster dat ûntsnapt is út 'e parallelle wrâld Underheuvel, wylst tagelyk in groep ferstjitten wearwolven de ridel besiket oer te nimmen. Smoke Bitten waard foar it earst publisearre yn 2020, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch de Newyorkske útjouwerij Ace Books. __TOC__ Eftergrûn fan 'e searje Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.
Ynhâld Yn Smoke Bitten kampe Mercy en Adam mei houliksproblemen. Nei de konfrontaasje mei de Hardesty-heksen dy't einige mei de dea fan 'e hekse Elizaveta (sjoch: Storm Cursed), hat Adam de mystike houliksbân dy't as gefolch fan syn wearwolvesteat tusken him en Mercy bestiet, ôfsletten. Mercy wit dêrtroch net mear wat him yn syn holle omgiet, mar se fermoedet dat it wat mei Elizaveta te krijen hat. Elizaveta Arkadjevna Vysjnevetskaja wie in hekse fan wa't Adam en Mercy tochten dat se te fertrouwen wie, oant bliken die dat se har oerjûn hie oan swarte magy, dat inkeld bestean kin troch it opsetlik tabrochte lijen fan oaren. Adam wie dêrom twongen om har te deadzjen.
Underwilens hat Tilly, it boarterskammeraatske fan Mercy en Adam harren oannommen soan Aiden, dy't eins in manifestaasje is fan Underheuvel, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, in doar nei Underheuvel yn harren eftertún pleatst. Aiden skammet him rot, mei't Tilly soks inkeld dien hawwe kin as hy dêr op 'e iene of oare manear tastimming foar jûn hat. (In ienfâldich "Ik woe dat ik dy faker sjen koe" soe al genôch west hawwe.) Dyselde middeis treft Mercy harren buorlju Anna en Dennis Cather dea oan yn harren hûs. It liket in gefal fan moard-selsmoard te wêzen, mar Dennis, de dieder, wie ien fan 'e sêftaardichste minsken dy't Mercy ea kennen hat, dat sy leaut dêr neat fan. De rook fan magy dy't oan syn stoflik omskot klibbet, sterket har yn 'e ûnderstelling dat Dennis troch it iene of oare boppenatuerlike wêzen beset wie doe't er syn frou en dêrnei himsels deade. Se treft op syn earm in wûne oan as is er biten troch in wylde knyn, en dan komt har de knyn tebinnen dy't se earder yn 'e neite fan harren hûs sjoen hat en dy't him sa nuver hold en droech.
Dy jûns geane Mercy en Adam der as prêrjewolf en wolf mei Aiden op út om te sjen oft se dyselde knyn fine kinne. Se ûntdekke in spoar dat se hiel lang folgje, mar it iennichste dat se fine, is de rook fan in stikmannich frjemde wearwolven, dy't blykber it territoarium fan 'e Columbia-ridel ynkrongen binne. Pas ûnderweis nei hûs krúst de knyn ynienen harren paad. Mercy set de efterfolging yn, mar as se úteinlik it wêzen tusken har kaken kriget en deabite wol, feroaret it yn reek en kin se net mear sykhelje. Se fielt hoe't se hommels oppakt wurdt troch in pear kâlde earms en nei de rivier droegen wurdt dy't deunby streamt. It blykt de grizelige fampier Wulfe te wêzen, dy't har yn 'e rivier smyt om't streamend wetter betsjoenings ferbrekt. As se neitiid dweiltrochwiet oan lân krûpt, kin Mercy wer sykhelje. Op 'e fraach wat Wulfe hjir moat, sa ticht by de wente fan Adam en Mercy, antwurdet de fampier dat er Mercy stalkt. Mercy ornearret dat it te krijen hat mei it feit dat er koartby bestrûpt rekke is yn har magy doe't se de sombys fan 'e Hardesty-heksen hiet om rêst te finen (sjoch: Storm Cursed).
Nei't se wer thúskommen binne, fertelt Aiden dat er wit hokker wêzen Anna en Dennis deade hat. Hy neamt it it 'reekbist' of de 'reekdemon'. It is in tige gefaarlike ierdgeast dy't foarhinne yn Underheuvel fêstholden waard troch Underheuvel. As it jin byt, kin it de behearsking oer jins lichem oernimme. It hie niiskrekt Mercy biten, yn 'e hals, wêrby't reek út 'e wûne kaam, mar troch har ôfstamming fan Coyote is Mercy ymmún foar in soad foarmen fan magy, en doe't de reekdemon har lichem net oernimme koe, besocht er har te deadzjen. It is dúdlik dat it wêzen troch de nije doar nei Underheuvel yn harren eftertún kommen is, mar de fraach is oft Underheuvel/Tilly it wêzen mei sin ûntsnappe litten hat.
Adam is de hiele nacht yn touwen om út te finen wa't de frjemde wearwolven yn syn territoarium binne. Trochdat er fan guon de rook werkend hat en ynformaasje ynwûn hat út oare boarnen komt er ta de konklúzje dat it giet om in groep fan seis wolven dy't koartby de ridel yn Galveston ûntflechte binne nei't dêr rebûlje útbrutsen wie tsjin 'e pleatslike alfa, dy't nei't it skynt gjin oangenaam persoan is. De groep wurdt oanfierd troch Sven Harolford, sels ek gjin gesellige man. Oare leden binne Lincoln Stuart, Chen Li Qiang, Kent Schwabe en it troud pear James en Nonnie Palsic. Under de gearkomste fan 'e Columbia-ridel dy't Adam ier de oare moarns gearropt om 'e ynformaasje oer de ynkringers en de reekdemon te dielen, wurdt der oanbelle. As Mercy iependocht, leit Alexander "Rennie" Renton op 'e stoepe. Hy is in helpsheriff fan Franklin County en de frijer fan Mary Jo, ien fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel. Hy is net ferwûne, mar blykber op 'e iene of oare manear bedwelme. As er letter wekker wurdt, hat er gjin flau idee wat der bard is. Adam en Mercy ynterpretearje dit foarfal as in iepeningsset fan Harolford-en-dy, dy't blykber de ridel oernimme wolle. Adam lêst lykwols út in oar skript en wol harren ronselje as nije leden fan syn ridel.
De oare middeis is der in apart ferkearsûngemak yn Pasco deunby it plak dêr't Mercy wêze moat foar in boadskip. In frachtwein is troch de sydbarriêre fan in fiadukt riden, en hinget heal yn it loftliddige, mar kin net falle om't it hiele fiertúch fan ûnderen ôf heal yn beton feroare is. Mercy treft by it plak fan it ûngemak George, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel dy't by de plysje fan Pasco wurket. Neffens him sei de frachtweinsjauffeur dat syn passazjier, in jonge liftster dy't er oppikt hie, ynienen it stjoer fansiden skuorde om in groep skoalbern oan te riden, sadat hy gjin oare kar hie as fan it fiadukt ôf te riden om 'e bern te ûntwiken. De liftster soe neitiid fan rutens spile hawwe, mar Mercy wurdt yn 'e mannichte nijsgjirrigen dy't gearklofte is, in tinerfamke gewaar dat it ûngemak mei selsfoldienens liket te besjen. Sadree't se Mercy opmerkt, naait se út. Mercy en George sette de efterfolging yn en helje har deunby yn in stege yn. Mei't dêr it lyk fan datselde famke leit, moat it 'famke' dat se efterfolge hawwe, eins de reedkdemon wêze. George slacht it wêzen fan harren ôf en Mercy jaget it tsien kûgels troch hûd, mar dat liket it allegear net folle te dearen. It jout him inkeld ôf as de oare plysjes fan it plak fan it ûngemak op it lûd fan 'e skotten ôf komme.
As Mercy letter yn har garaazje oan Zee, har âlde baas, freget oft dy wit hokfoar wêzen de reekdemon is, antwurdet er ûntkennend. Zee, eins Siebold Adelbertsmiter, is de hjoeddeistige identiteit fan 'e Dûnkere Smid fan Drontheim, in oerâlde metaalbewurkjende ierdgeast fan grutte macht. Syn heal-minsklike soan Tad wurket foar Mercy as monteur, en Zee mei sels ek noch graach ris yn 'e garaazje ompiele. Zee heart raar op fan wat Mercy him fertelt oer de hannelswize fan 'e reekdemon. It wêzen moat in slachtoffer bite om it lichem fan dat slachtoffer binnenkringe te kinnen mei in magy dy't himsels manifestearret yn 'e foarm fan reek, wêrnei't er sels it lichem fan it slachtoffer oernimme kin. Dêrnei moat er dat lichem brûke om oaren te deadzjen om oan genôch macht te kommen om it lichem ôftankje te kinnen en dochs sels it stal oan te nimmen fan dat lichem. De magyske macht dy't de reekdemon brûkt hat, liket derop te wizen dat er ien fan 'e machtigere ierdgeasten is, mar Zee fertelt dat stalferwikselingsmagy ornaris assosjearre is mei de mindere ierdgeasten. Hy ornearret ek dat it feit dat it wêzen de frachtwein mar foar de helte ferstienne hat, betsjut dat er net de macht hie om it hielendal te dwaan. Dat is wierskynlik ek de iennichste reden dat er Mercy en George net yn stien feroare hat. Neffens Zee liket de wurking fan 'e macht fan 'e reekdemon suver wol basearre te wêzen op it gebrûk fan in magysk foarwerp, wêrby't it resultaat fan eltse stap in folgjende stap mooglik makket.
Dyselde jûns binne der ferskate ynsidinten mei de ynkringende wearwolven, dy't allegear mei in skamper ôfrinne. It liket derop dat se besykje ôf te taasten oft der swakke plakken yn 'e Columbia-ridel sitte. De folgjende dei, as Mercy let thús komt út 'e garaazje, springt Wulfe neaken foar de ruten fan har sliepkeamer om. Se stjoert Ben nei bûten ta mei in tekken om te freegjen oft er net kâld is, mar as Ben der wer yn komt, blykt er biten te wêzen troch de reekdemon. It wêzen besiket fan Mercy te witten te kommen hoe't it kin dat sy ymmún is foar syn magy. Adam komt krekt op 'e tiid thús en oermasteret Ben. Streamend wetter helpt yn syn gefal net om 'e betsjoening te ferbrekken, en de oare wearwolven hawwe gjin oare kar as om him op te sluten yn in koai yn 'e kelder, wêrfan't it stiel fersterke is mei sulver (dêr't wearwolven beslist net oer kinne). Wulfe, dy't tasjocht as Ben yn 'e rivier dipt wurdt, fertelt Mercy dat ek de fampier Stefan, in goede freon fan har, biten is. Hy is oermastere en wurdt fêstholden troch Marsilia, de masteresse fan 'e fampieren yn 'e Tri-Cities. Marsilia hat har mei alle oare fampieren (útsein Wulfe, dy't syn eigen sin docht) opsletten en komt pas wer foar it ljocht as de bedriging fan 'e reekdemon foarby is. As er in fampier yn 'e macht kriget, kin de reekdemon nammentlik folle mear skea oanrjochtsje as mei in sljochtwei minske, en boppedat soe soks ris it bestean fan fampieren oan 'e minsken útbringe kinne, wat in ramp wêze soe.
Letter dy jûns kriget Mercy tillefoan fan Alistair Beauclaire, ien fan 'e Grize Hearen, de hearskers fan 'e ierdgeasten. Hy fertelt har dat de reekdemon earder dy jûns de kroech fan 'Omke Mike', in ierdgeast oan wa't Mercy kunde hat, binnenkrong en dêr ferskate ierdgeasten en minsken deade hat, oant de ierdgeast dy't er beset hie, oermastere wurde koe troch Larry Sethaway, de kening fan 'e eardsken, en de 'snie-elf' (sa't de pleatslike iisreus neamd wurde wol). Fan gefolgen hat de reekdemon no gjin tekoart oan magyske krêft mear. Om foar te kommen dat soks nochris bart, hawwe de Grize Hearen alle ierdgeasten (Zee en Tad ynbegrepen) weromroppen nei harren reservaat by Walla Walla. Krekt as de fampieren sille se pas wer foar 't ljocht komme as de bedriging foarby is.