Serize (útspr.: [sə'ri:zə], likernôch: "suh-rii-zuh") is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan rôze, mar dy't ek wat útskaait nei read en nei fiolet. De namme 'serize' komt fan it Frânske wurd cerise, dat yn syn oarspronklike betsjutting ferwiist nei de kers, d.w.s. de frucht fan 'e kersebeam.
Skiednis
De earste kear dat cerise yn it Ingelsk brûkt waard om nei in kleur te ferwizen wie yn in kranteberjocht yn The Times fan 30 novimber 1858. Men mei oannimme dat de kleurnamme net folle letter ek oare Jeropeeske talen binnenkrongen is.
Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is serize in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel.
Besibbe tinten serize #DE3163 Hollywoodserize #F400A1 djipserize #DA3287 irresistable #B3446C
Sjoch ek fiolet read rôze
Kategory:Kleur Kategory:Lienwurd út it Frânsk