De Arameeske talen foarmje in taalgroep fan 'e Semityske talen, dy't binnen dy taalfamylje yn 'e mande mei de Kanaänityske talen de Noardwestsemityske taalkloft foarmje. De Arameeske talen stamje allegearre ôf fan it Aldarameesk, dat him yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr. ta de lingua franca fan it hiele Midden-Easten ûntjoech.
Algemiene beskriuwing Aramoïde talen De Arameeske talen binne de Noardwestsemityske talen dy't ôfstamje fan it Aldarameesk. It Samalysk en de ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje binne identifisearre as talen dy't bûten it eigentlike Arameesk falle, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoane. Se kinne dêrom mooglik mei it Arameesk yn in 'Aramoïde taalgroep' pleatst wurde.
It Arameesk sels falt útinoar yn trije taalstadia: it Aldarameesk (1100 f.Kr. – 200), it Midarameesk (200 – 1200) en it Nijarameesk (1200 – no).
Aldarameesk It Aldarmeesk omfiemet: de ynskripsjes út 'e iere Arameeske stêdsteaten; it Klassyk Arameesk of Ryksarameesk dat ien fan 'e offisjele talen wie yn it Nijassyryske Ryk en it dêropfolgjende Nijbabyloanyske Ryk en Achaimenidyske Perzyske Ryk; it Bibelsk Arameesk út 'e Tenach; en ek it Arameesk fan it Nije Testamint (it Joadsk Palestynsk-Arameesk).
Midarameesk It Midarameesk omfiemet: it Syrysk, dat de liturgyske taal fan it Syrysk-otterdokse kristendom is; it Klassyk Mandeesk, de oarspronklike taal fan it mandeïsme; en it Arameesk fan 'e Talmoed, de targums en de Midrash.
Nijarameesk De Nijarameeske talen binne de moderne sprektalen dy't út it Arameesk fuortkommen binne. Dy wurdt opspjalten yn 'e Westarameeske talen en de Eastarameeske talen. Fan 'e Westarameeske talen wurdt inkeld it Westarameesk noch sprutsen yn in pear lytse enklaves yn noardwestlik Syrje. De Eastarameeske talen wurde noch sprutsen yn fersprate enklaves yn eastlik Syrje, súdeastlik Turkije, noardlik Irak, noardwestlik Iraan en Georgje. Troch oarlochsgeweld en religieuze diskriminaasje is it sprekkerstal yn 'e diaspora lykwols grutter as yn it eigentlike heitelân. De grutste noch libbene Arameeske taal is it Arameesk-Assyrysk, dat sprutsen wurdt troch 590.000 oant 830.000 minsken.
Underferdieling
Aramoïde talen ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje † Samalysk † Arameeske talen Arameesk † Aldarameesk † Bibelsk Arameesk † Klassyk Arameesk † Eastarameeske talen Hatreensk † Klassyk Mandeesk † (Eastlik) Midarameesk † Joadsk Babyloanysk-Arameesk (of Babyloanysk Talmoedysk-Arameesk) † Syrysk † Eastlike Nijarameeske talen Mandeesk Noardeastlik Nijarameesk Arameesk-Assyrysk Botaansk Galdeesk Hertevynsk Judeo-Arameeske talen Arbilysk Joadsk-Nijarameesk (Lišanid Nošan) Barzany-Joadsk-Nijarameesk (Lišanid d’Janan) Betanoer-Joadsk-Nijarameesk (Lišan Huddaye) Hûlaulá Koerdysk Joadsk-Nijarameesk (Lišana Deni) Perzysk-Azerbeidzjaansk Joadsk-Nijarameesk (Lišán Didán) Koy Sandjak-Syrysk Senaja Sintraal Nijarameesk Toerojo Soerjojo (Mlaḥsô) † Westarameeske talen Joadsk Palestynsk-Arameesk † Kristlik Palestynsk-Arameesk † Nabateesk † Palmyreensk † Samaritaansk-Arameesk † (Westlik) Midarameesk † Westlike Nijarameeske talen Westarameesk (of Westlik Nijarameesk)
Kategory:Noardwestsemityske talen
en:Aramaic