Oklahoma! is in Amerikaanske histoaryske romantyske Technicolor-filmmusical út 1955 ûnder rezjy fan Fred Zinnemann, mei yn 'e haadrollen Gordon MacRae en Shirley Jones. De film waard basearre op 'e teätermusical út 1943 mei deselde namme fan Richard Rodgers en Oscar Hammerstein II. It ferhaal spilet yn 1907 yn wat dat jiers de Amerikaanske steat Oklahoma wurde sil, en giet oer it boerefamke Laurey, dat it hof makke wurdt troch twa manlju, de sympatike cowboy Curly McLain en de sinistere boere-arbeider Jud Fry. Yn in sekundêre ferhaalline moat Laurey har naïve kammeraatske Ado Annie kieze tusken de ûnnoazele cowboy Will Parker en de ûnwillige Perzyske keapman Ali Hakim. Op 'e eftergrûn spilet it stribjen fan it organisearre territoarium om 'e status fan steat te bemachtigjen en it konflikt tusken bouboeren en feehâlders. Oklahoma! waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en wûn twa Oscars, hoewol't de film yn 'e bioskopen bûten Noard-Amearika flopte.
Plot Yn Oklahoma yn 1907 bewûnderet de freonlike cowboy Curly McLain de moaie moarn wylst er nei it boerespultsje riidt dêr't Laurey Williams mei har muoike Eller wennet. Laurey is it famke op wa't er temûk fereale is. Hy freget har om mei him nei in dûnsfeest te gean dat dyselde jûns holden wurdt om jild yn te sammeljen foar de bou fan in nije skoalle. Laurey, dy't ek fereale is op Curly, stegeret him lykwols ôf, om't se yrritearre is dat er sa lang wachte hat om har te freegjen. Ynstee stimt se deryn ta om mei boere-arbeider Jud Fry te gean, om Curly in leske te learen. Dêrop praat Curly ôf om muoike Eller nei it feest te eskortearjen. Neitiid docht bliken dat Jud alhiel fan Laurey beseifere is as er har temûk bespionearret wylst se har ferklaait.
Koarte tiid letter arrivearret de ûnnoazele cowboy Will Parker mei de trein út Kansas City. Hy siket syn faam Ado Annie op, dy't lykwols ûnder syn ôfwêzigens fereale rekke is op 'e omdoarmjende Perzyske keapman Ali Hakim. Annie har heit, Andrew Carnes, in bouboer dy't neat fan cowboys hawwe moat, hie tsjin Will sein dat er net mei syn dochter trouwe koe, of it moast wêze dat er $50 byinoar skraabje koe. No fertelt Will oan Annie dat er dat jild hat, dat er allegear útjûn hat om presinttsjes foar har te keapjen. De naïve Annie rekket dêrtroch wer fereale op Will, en hja kin mar net beslute hokker fan har frijers se better oer mei. Underwilens is Ali Hakim, dy't inkeld út wie op in frijbliuwend aventoerke, rare kjel wurden dat Annie mei him trouwe wol, dat hy siket nei in mooglikheid om oan dat lot te ûntkommen.
As de lju út 'e fiere omkriten op it boerespultsje fan muoike Eller gearkomme om har op te frissen foar't se nei it dûnsfeest geane, stapt Will op Annie har heit ôf om te fertellen dat er oan it betingst fan 'e man foldien hat om't er de $50 byinoar krigen hat. As Carnes dat wolris sjen wol, leit er út dat er it jild bestege hat oan presintsjes foar Annie. Carnes stelt fêst dat Will it jild dus eins net hat en dêrom net mei Annie trouwe kin. Will bliuwt telider slein efter, wylst Carnes Ali Hakim, dy't yn elts gefal gjin cowboy is, al suver as skoansoan yn 'e famylje ferwolkommet.
Laurey hie harsels ûnthjitten dat se Curly syn spultsjes har net dwerssitte litte soe. As se lykwols sjocht hoe't Gertie, in fanke mei in lûde, yrritante manear fan laitsjen, mei Curly begjint te flirten, wurdt har jaloerskens har oermânsk en fljocht se Gertie oan. Neitiid freget Curly Laurey op 'e nij om mei him nei it dûnsfeest te gean, mar Laurey wegeret op 'e nij, diskear út eangst foar Jud. Dat liedt ta in lulke konfontaasje tusken Curly en Jud, wêrby't eltse man de oare besiket te yntimidearjen troch syn revolver ôf te fjurjen. Curley jout him úteinlik mei in min sin ôf, wylst Jud Laurey op driigjende wize warskôget dat se mar better net fan gedachten feroarje kin oer it dûnsfeest. Unwis wat se no dwaan moat, brûkt Laurey in fleske rooksâlt dat se earder fan Ali kocht hat, yn 'e hope dat se yn in dream in útwei fine kin út 'e sitewaasje dêr't se yn bedarre is. Se falt yn 'e sliep en dreamt dat se mei Curly trout, mar dan komt Jud, dy't Curly fermoardet.
Dy jûns, ûnderweis nei it dûnsfeest, fertelt Jud Laurey oer syn gefoelens foar har. Hy makket har lykwols bang, en as er har tútsje wol, jaget se earst de hynders op 'e rin, en triuwt se him letter fan 'e wein ôf om sûnder him fuort te riden. Underwilens liedt op it dûnsfeest de negative hâlding fan Andrew Carnes foar cowboys oer ta in lytse opskuor, dy't muoike Eller delbêdet. Will Parker siket Ali Hakim op om ferhaal te heljen, mar as Ali oer de swierrichheden mei de $50 heart, sjocht er syn kâns skoan om ûnder it foarnommen houlik út te kommen troch Will syn presintsjes foar Annie oer te keapjen foar mear as de gongbere priis. Will kriget sa syn jild werom en is wer werom yn 'e race om mei Annie te trouwen.
In wichtich ûnderdiel fan it feest is it by opbod ferkeapjen fan 'e picknickkuorren dy't de jonge froulju ynpakt hawwe. Wat der eins kocht wurdt is in picknick mei de jongedame yn kwestje. Op dy wize moat it jild foar it nije skoalgebou gearbrocht wurde. As Annie har koer feile wurdt, kin de ûnnoazele Will him net bedimje en biedt er $50, sadat er syn jild wer kwyt liket te reitsjen. Ali moat him op 'e nij te help komme troch in heger bod út te bringen, sadat Will syn jild hâlde en mei Annie trouwe kin. As de picknickkoer fan Laurey feile wurdt, reitsje Curly en Jud behelle yn in biedstriid. Jud biedt alles wat er hat, mar Curly ferkeapet syn seal, syn hynder en úteinlik sels syn revolver om oan genôch jild te kommen om Jud te oerbieden.
Neitiid jout Laurey Jud dien, mar hy warskôget har dat se nea fan him ôf wêze sil. As se yn triennen oan Curly fertelt wat der bard is, biedt dy oan om 'e nacht op it boerespultsje fan muoike Eller troch te bringen, om har te beskermjen. Dan betinkt er him en freget har ynstee om mei him te trouwen. Laurey jout tawurd. Underwilens seit Will tsjin Ado Annie dat se ophâlde moat te flirten mei oare manlju, al is er sels noch net ree om op te hâlden te flirten mei oare froulju. Ali Hakim drukt Annie op it hert dat se better ôf is mei Will as mei him, en ferfettet dan mei in ferromme hert syn omdoarmings.
Ferskate wiken letter fynt de trouwerij fan Curly en Laurey plak. Will en Annie hawwe harren ûnderwilens ferlove. Ek Ali Hakim dûkt wer op, dy't yn 'e tuskentiid troud blykt te wêzen mei Gertie. As him dêrnei frege wurdt, seit er: "Ik wie ferkocht doe't ik it moanneljocht wjerskinen seach op 'e loop fan har heite jachtgewear." Nei de brulloft, as Curly en Laurey oan harren houliksnacht hoopje te begjinnen, wurde se nei âld gebrûk troch it pleatslike manfolk steurd en nei bûten ta dreaun. Yn in greide dy't fol stiet mei reakken hea, wurde se mei in ljedder op in reak set. Op dat stuit dûkt Jud wer op, dy't de oare lju ôfliedt troch fierderop in heareak yn 'e brân te stekken. As Curly en Laurey allinne binne, stekt er ek de heareak oan dêr't sy op steane, mei de bedoeling om harren beiden dea te brânen. Curly smyt Laurey fan 'e reak ôf en springt dan Jud op 'e hûd. Se falle tegearre del, wêrby't Jud himsels mei syn mês yn it boarst stekt, dat er it bestjert. Under lieding fan 'e pleatslike rjochter wurdt in ad hoc-berjochting yn muoike Eller har koken ymprovisearre, wêrby't Curly net skuldich befûn wurdt oan moard, om't it selsferdigening wie. De oare moarns, nei harren houliksnacht, sette hy en Laurey ôf op harren houliksreis.
Musicalnûmers Oh, What a Beautiful Mornin’ The Surrey with the Fringe on Top Kansas City I Cain't Say No Many a New Day People Will Say We're in Love Pore Jud Is Daid Out of My Dreams Dream Ballet The Farmer and the Cowman All Er Nuthin’ People Will Say We're in Love (reprize) Oklahoma! Finale Ultimo (reprize fan Oh, What a Beautiful Mornin’)
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Curly McLain Gordon MacRae Laurey Williams Shirley Jones byrollen personaazje akteur/aktrise Will Parker Gene Nelson Ado Annie Carnes Gloria Grahame muoike Eller Charlotte Greenwood Ali Hakim Eddie Albert Jud Fry Rod Steiger Andrew Carnes James Whitmore Gertie Cummings Barbara Jo Lawrence Skidmore Jay C. Flippen marshal Roy Barcroft Curly yn Laurey har dream James Mitchell Laurey yn Laurey har dream Bambi Lynn
Produksje en distribúsje Preproduksje Al yn 1943, doe't de musical Oklahoma!, fan Rodgers en Hammerstein, foar it earst op Broadway iepene, wiene der plannen om in ferfilming te meitsjen. Grutte Hollywood-filmstudio's as United Artists, Columbia Pictures, 20th Century Fox en MGM toanden dêr allegearre belangstelling foar. Uteinlik waarden de filmrjochten lykwols foar in rekôrbedrach fan $1 miljoen oankocht troch de Magna Theatre Corporation. Dat wie in bedriuw dat oprjochte wie troch George Skouras, Joseph Schenck en Mike Todd mei de bedoeling om it nije breedbyldfilmproses fan Todd te ûntwikkeljen, dat de namme Todd-AO krige. Oklahoma! waard troch Magna as ûnôfhinklike film makke nei't ûnderhannelings oer finansiering troch 20th Century Fox op 'e non rûnen.
Produksje Oklahoma! waard regissearre troch Fred Zinnemann, dy't ek ferantwurdlik wie foar films as High Noon (1952) en From Here to Eternity (1953). Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Sonya Levien en William Ludwig op basis fan it ferhaal fan 'e musical, dat fan 'e hân fan Lynn Riggs en Oscar Hammerstein II wie. As produsint wie Arthur Hornblow jr. by it projekt belutsen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Surtees en Floyd Crosby.
De filmmuzyk en de musicalnûmers fan Oklahoma! wiene komponearre troch Richard Rodgers, wylst Robert Russell Bennett it orkest dirigearre. Agnes de Mille wie ferantwurdlik foar de goreografy fan 'e dûnsnûmers, en Orry-Kelly waard oanlutsen as kostúmûntwerper, mei Ann Roth as syn assistinte. Foar Oklahoma! wie in budget fan $6,8 miljoen beskikber, hoewol't Magna der, de ûntwikkeling fan it Todd-AO-proses meirekkene, wol $11 miljoen yn ynvestearre. It wie de earste film ea dy't fan dat proses gebrûk makke.
Opnamen Hoewol't it de bedoeling west hie dat Oklahoma! filme wurde soe yn 'e steat út 'e titel, waard úteinlik oars besletten, nei't it skynt om't de produsinten fûnen dat alle jaknikkers yn Oklahoma de bûtendoarsênes bedjerre soene troch hoarizonfersmoarging. Sadwaande fûn it meastepart fan 'e opnamen eins plak yn Nogales, yn 'e steat Arizona. De sêne mei de ikker mei stynske weet út it iepeningsnûmer en teffens de reprize fan The Surrey with the Fringe on Top waarden filme op 'e Canoa Ranch yn Green Valley (Arizona), wylst it treinstasjon dat brûkt waard foar it Kansas City-sjong- en dûnsnûmer yn Elgin (Arizona) stie. Binnendoarsênes en soundstagewurk waarden opnommen yn 'e MGM Studios yn Culver City (Kalifornje).
Njonken it Todd-AO-opnameproses, dat mei 70 mm-kamera's wurke, waard Oklahoma! parallel filme mei de fêstige CinemaScope-kamera's dy't gebrûk makken fan 35 mm-apparatuer. Dêrtroch koe de film letter ek fertoand wurde yn (lytsere) bioskopen dy't net oer de nije 70 mm-projektors beskikten. Sadwaande besteane der eins twa lichtlik ferskillende ferzjes fan 'e films, opboud út ferskillende takes, mei't net mei beide soarten kamera's tagelyk wurke wurde koe om't se inoar dan yn 't paad sieten.
Ferskillen mei de musical