Gardner Dozois (útspr.: [ˈgaːɹdnəɹ doʊˈzwɑː], likernôch: "gaar-dnur doo-zwaa"; folút: Gardner Raymond Dozois; Salem (Massachusetts), 23 july 1947 – Philadelphia, 27 maaie 2018) wie in Amerikaansk skriuwer en redakteur fan benammen science fiction-literatuer. Hy wurke fan 1984 oant 2004 as haadredakteur fan it tydskrift Asimov's Science Fiction en stie benammen bekend om syn gearstalling fan in grut tal blomlêzings mei koarte ferhalen (fan oare auteurs), net inkeld op it mêd fan science fiction, mar ek fan fantasy en horror. Dozois wûn 16 kear de prestizjeuze Hugo Award, de wichtichste priis foar science fiction- en fantasyliteratuer, en dêropta ek 2 kear in Nebula Award, 1 kear in World Fantasy Award en mar leafst 43 kear in Locus Award. Hy waard yn 2011 opnommen yn 'e Science Fiction Hall of Fame.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Dozois waard yn 1947 berne yn Salem, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, yn in famylje fan Frânsk etnysk komôf. Hy slagge yn 1965 foar syn eineksamens oan 'e middelbere skoalle Salem High School. Fan 1966 oant 1969 tsjinne er ûnder de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske Leger, mei de funksje fan sjoernalist. Nei't er ôfswaaid wie, sette Dozois him nei wenjen yn New York-Stêd, dêr't er begûn te wurkjen as redakteur op it mêd fan science fiction-literatuer. Neffens himsels fielde er him al fan bern ôf oan ta dat sjenre oanlutsen as manear om oan 'e lytsboargerlikheid fan syn berteplak te ûntsnappen.

Karriêre As skriuwer brocht Dozois benammen koarte fiksje út. Ien fan syn koarte ferhalen waard yn septimber 1966 troch Frederik Pohl publisearre yn it tydskrift If. Dêrnei ferskynden der pas wer (fjouwer) ferhalen fan him yn 1970, wêrûnder trije yn 'e blomlêzingsrige Orbit, fan Damon Knight. Dozois wûn twaris de Nebula Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal: yn 1983 foar The Peacemaker en yn 1984 foar Morning Child. Syn koarte ferhalen waarden sammele yn fjouwer ferhalebondels: The Invisable Man (1977), Slow Dancing through Time (1990), Morning Child and Other Stories (2004) en When the Great Days Come (2011). Twa oare bondels, Geodesic Dreams (1992) en Strange Days (2001), befetsje werpublikaasjes fan syn bêste ferhalen.

Romans meitsje in folle behindiger diel fan Dozois syn oeuvre út. As solo-skriuwer produsearre er mar ien roman, Strangers (1978). Dêrnjonken skreau er Nightmare Blue (1977) mei George Alec Effinger en Hunter's Run (2008) mei George R.R. Martin en Daniel Abraham. In fjirde roman, City under the Stars, dy't er tegearre mei Michael Swanwick skreau, waard yn 2020 postúm publisearre. Swanwick foltôge ek in lang fraachpetear mei Dozois, wêryn't eltse publikaasje út syn lange karriêre op 't aljemint kaam. It krige de titel Being Gardner Dozois: An Interview by Michael Swanwick, en waard publisearre yn 2001. It wûn de Locus Award foar non-fiksje en wie in finalist foar de Hugo Award foar bêste oanbesibbe literatuer.

As redakteur sette Dozois syn karriêre yn 'e 1970-er jierren útein mei wurk foar tydskriften as Galaxy Science Fiction, If, Worlds of Fantasy en Worlds of Tomorrow. Yn 1984 waard Dozois haadredakteur fan it tydskrift Asimov's Science Fiction. Neitiid begûn er him mear dwaande te hâlden mei it redigearjen fan oarmans wurk en publisearre er sels minder. Foar (benammen) syn wurk by Asimov's wûn er de prestizjeuze Hugo Award foar bêste profesjonele redakteur fyftjin kear yn 'e santjin jier tusken 1988 en syn pinsjonearring yn 2004.

Dozois skreau ek resinsjes oer boeken foar it tydskrift Locus. Boppedat brocht er in grut tal blomlêzings fan oarmans wurk út, faak yn gearwurking mei oaren. Sa sette er yn 1984 útein mei de rige The Year's Best Science Fiction, wêrfan't er úteinlik 35 edysjes publisearre. Mei Sheila Williams brocht er fan 1989 ôf in rige blomlêzings út mei de bêste koarte fiksje dy't yn Asimov's Science Fiction ferskynd wie. Mei Jack Dann fersoarge er foar Ace Books in lange rige tematyske blomlêzings mei selsútlizzende titels lykas Aliens!, Mermaids! en Clones, wêrfan't de earste al yn 1980 ferskynde. En fan 2009 oant 2015 redigearre er tegearre mei George R.R. Martin in stikmannich blomlêzings mei ferhalen út ferskillende sjenres fan spekulative fiksje.

Neffens George R.R. Martin wie Dozois de wichtichste en ynfloedrykste science fiction-redakteur sûnt John W. Campbell. Koarte ferhalen dy't hy útornearre foar edysjes fan syn rige The Year's Best Science Fiction hiene ein 2015 44 Hugo Awards, 41 Nebula Awards, 32 Locus Awards, 18 Theodore Sturgeon Awards en 10 World Fantasy Awards wûn. Sels wûn Dozois mei syn wurk yn totaal 43 Locus Awards, 16 Hugo Awards, 10 Science Fiction Chronicle Awards, 2 Nebula Awards, en 1 World Fantasy Award (foar de blomlêzing Dangerous Women, út 2014, mei George R.R. Martin). Syn koarte novelle Counterfactual wûn yn 2006 de Sidewise Award for Alternate History. Yn 2016 wûn er foar syn hiele oeuvre de Edward E. Smith Memorial Award for Imaginative Fiction (better bekend as de Skylark Award) fan 'e New England Science Fiction Association (NESFA). Yn 2011 waard Dozois ynhuldige as lid fan 'e Science Fiction Hall of Fame.

Priveelibben Dozois troude omtrint 1970 mei Susan Casper; harren houlik duorre oant har ferstjerren yn 2017.

Yn 2004 rekke Dozois swierferwûne doe't de taksy wêryn't er weromkearde fan in honkbalwedstryd fan 'e Philadelphia Phillies by in ferkearsûngemak belutsen rekke. Dêrtroch miste er dat jiers foar it earst yn desennia de science fiction-konvinsje Worldcon, mar hy bettere wer hielendal op.

Op 6 july 2007 waard Dozois oan it hert operearre en krige er in fiiffâldige bypass. In wike letter krige er komplikaasjes dy't de dokters derta brochten om by him in defibrillator te ymplantearjen.

Ferstjerren Dozois kaam op 27 maaie 2018 yn 'e âlderdom fan 70 jier yn in sikehûs yn syn wenplak Philadelphia te ferstjerren oan in ynfeksje dy't him troch syn hiele lichem ferspraat hie.

Wurk Fiksje As skriuwer romans 1975 – Nightmare Blue (mei George Alec Effinger) 1978 – Strangers 2008 – Hunter's Run (mei George R.R. Martin en Daniel Abraham) 2020 – City under the Stars (mei Michael Swanwick) ferhalebondels 1977 – The Visible Man 1990 – Slow Dancing through Time 1992 – Geodesic Dreams 2001 – Strange Days 2004 – Morning Child and Other Stories 2011 – When the Great Days Come los ferskynde koarte ferhalen 1970 – A Dream at Noonday 1971 – A Special Kind of Morning 1971 – Chains of the Sea 1971 – Horse of Air 1972 – A Kingdom by the Sea 1972 – Machines of Loving Grace 1973 – Strangers 1981 – Disciples 1983 – A Traveler in an Antique Land 1983 – The Peacemaker 1984 – Morning Child 1985 – The Gods of Mars (mei Jack Dann en Michael Swanick) 1999 – A Knight of Ghosts and Shadows 2002 – The Hanging Curve 2005 – When the Great Days Came 2005 – Shadow Twin (mei George R.R. Martin en Daniel Abraham) 2006 – Counterfactual 2018 – Neanderthals

As redakteur blomlêzings 1972 – A Day in the Life 1976 – Future Power (mei Jack Dann) 1977 – Another World: Adventures in Otherness 1980 – Aliens! (mei Jack Dann) 1982 – Unicorns! (mei Jack Dann) 1984 – Magicats! (mei Jack Dann) 1984 – The Year's Best Science Fiction: First Annual Collection 1985 – Bestiary! (mei Jack Dann) 1985 – The Year's Best Science Fiction: Second Annual Collection 1986 – Mermaids! (mei Jack Dann) 1986 – Sorcerers! (mei Jack Dann) 1986 – The Year's Best Science Fiction: Third Annual Collection 1987 – Demons! (mei Jack Dann) 1987 – The Year's Best Science Fiction: Fourth Annual Collection 1988 – Dogtales! (mei Jack Dann) 1988 – Ripper (mei Susan Casper) 1988 – The Year's Best Science Fiction: Fifth Annual Collection 1989 – Seaserpents! (mei Jack Dann) 1989 – The Year's Best Science Fiction: Sixth Annual Collection 1989 – Time Travelers from Isaac Asimov's Science Fiction Magazine 1989 – Transcendental Tales from Isaac Asimov's Science Fiction Magazine 1990 – Dinosaurs! (mei Jack Dann) 1990 – The Year's Best Science Fiction: Seventh Annual Collection 1991 – Isaac Asimov's Aliens 1991 – Isaac Asimov's Mars 1991 – Isaac Asimov's Robots (mei Sheila Williams) 1991 – Little People! (mei Jack Dann) 1991 – Magicats II (mei Jack Dann) 1991 – The Year's Best Science Fiction: Eighth Annual Collection 1992 – Isaac Asimov's Earth (mei Sheila Williams) 1992 – Modern Classics of Science Fiction 1992 – The Year's Best Science Fiction: Ninth Annual Collection 1992 – Unicorns II (mei Jack Dann) 1993 – Dragons! (mei Jack Dann) 1993 – Future Earths: Under African Skies (mei Mike Resnick) 1993 – Future Earths: Under South American Skies (mei Mike Resnick) 1993 – Invaders! (mei Jack Dann) 1993 – Isaac Asimov's SF Lite 1993 – Isaac Asimov's War 1993 – The Year's Best Science Fiction: Tenth Annual Collection 1994 – Horses! (mei Jack Dann) 1994 – Isaac Asimov's Cyberdreams 1994 – Mammoth Book of Contemporary SF Masters 1994 – Modern Classic Short Novels of Science Fiction 1994 – The Year's Best Science Fiction: Eleventh Annual Collection 1995 – Angels! (mei Jack Dann) 1995 – Dinosaurs II (mei Jack Dann) 1995 – Isaac Asimov's Ghosts (mei Sheila Williams) 1995 – Isaac Asimov's Skin Deep (mei Sheila Williams) 1995 – Killing Me Softly 1995 – The Year's Best Science Fiction: Twelfth Annual Collection 1996 – Hackers (mei Jack Dann) 1996 – Isaac Asimov's Vampires (mei Sheila Williams) 1996 – The Year's Best Science Fiction: Thirteenth Annual Collection 1997 – Dying for It 1997 – Isaac Asimov's Christmas (mei Sheila Williams) 1997 – Isaac Asimov's Moons (mei Sheila Williams) 1997 – Modern Classics of Fantasy 1997 – The Year's Best Science Fiction: Fourteenth Annual Collection 1997 – Timegates (mei Jack Dann) 1998 – Clones (mei Jack Dann) 1998 – Immortals (mei Jack Dann) 1998 – Isaac Asimov's Camelot (mei Sheila Williams) 1998 – Isaac Asimov's Detectives (mei Sheila Williams) 1998 – Nanotech (mei Jack Dann) 1998 – Roads Not Taken: Tales of Alternate History (mei Stanley Schmidt) 1998 – The Good Old Stuff: Adventure SF in the Grand Tradition 1998 – The Year's Best Science Fiction: Fifteenth Annual Collection 1999 – Armageddons (mei Jack Dann) 1999 – Future War (mei Jack Dann) 1999 – Isaac Asimov's Halloween (mei Sheila Williams) 1999 – Isaac Asimov's Solar System (mei Sheila Williams) 1999 – Isaac Asimov's Valentines (mei Sheila Williams) 1999 – Isaac Asimov's Werewolves (mei Sheila Williams) 1999 – The Good New Stuff: Adventure SF in the Grand Tradition 1999 – The Year's Best Science Fiction: Sixteenth Annual Collection 2000 – Aliens Among Us (mei Jack Dann) 2000 – Explorers: SF Adventures to Far Horizons 2000 – Isaac Asimov's Mother's Day (mei Sheila Williams) 2000 – Isaac Asimov's Utopias (mei Sheila Williams) 2000 – The Furthest Horizon: SF Adventures to the Far Future 2000 – The Year's Best Science Fiction: Seventeenth Annual Collection 2001 – Genometry (mei Jack Dann) 2001 – Isaac Asimov's Father's Day (mei Sheila Williams) 2001 – Space Soldiers (mei Jack Dann) 2001 – The Year's Best Science Fiction: Eighteenth Annual Collection 2001 – Worldmakers: SF Adventures in Terraforming 2002 – Beyond Flesh (mei Jack Dann) 2002 – Future Sports (mei Jack Dann) 2002 – Supermen: Tales of the Posthuman Future 2002 – The Year's Best Science Fiction: Nineteenth Annual Collection 2003 – Future Crimes (mei Jack Dann) 2003 – The Year's Best Science Fiction: Twentieth Annual Collection 2004 – A.I.s (mei Jack Dann) 2004 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-First Annual Collection 2005 – Best of the Best: 20 Years of The Year's Best Science Fiction 2005 – Beyond Singularity (mei Jack Dann) 2005 – Galileo's Children: Tales of Science vs. Superstition 2005 – One Million A.D. 2005 – Robots (mei Jack Dann) 2005 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Second Annual Collection 2006 – Escape from Earth (mei Jack Dann) 2006 – Escape From Earth: New Adventures in Space (mei Jack Dann) 2006 – Futures Past (mei Jack Dann)