Age Johan Looxma van Welderen baron Rengers (Ljouwert, 7 septimber 1875 – Amersfoort, 24 febrewaris 1947) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Famylje Rengers hearde ta de famylje Rengers. By Keninklik Beslút fan 9 april 1878 waard him tastien om Looxma oan syn namme ta te heakjen. Hy wie in soan fan Wilco Julius van Welderen baron Rengers (1834-1916) en Catharina Theresia Looxma (1843-1911). Syn heit en syn bruorren Theo van Welderen baron Rengers (1867-1945) en Johan Edzard van Welderen Rengers (1877-1963) wiene ûnder oare lid fan de Earste Keamer. Hy troude yn 1901 mei Louise grevinne Schimmelpenninck (1880-1975), lid fan de famylje Schimmelpenninck.

Wurkpaad Rengers waard yn 1901 beneamd ta boargemaster fan Menameradiel en wenne mei syn hûshâlding yn Dronryp. Hy wie teffens kommissaris fan de N.V. "Noordelijk Landbouw-Crediet". Hy frege en krige yn 1912 earfol ûntslach as boargemaster en sette him dêrnei nei wenjen yn Amersfoart. Fan 1919 oant 1946 wie er aktyf foar ferskate wetterskippen en wie ûnder mear dykgraaf fan it Hoogheemraadschap van den Bunschoter Veen- en Veldendijk en fan it wetterskip Eemnes. Hy wie de grûnlizzer fan de ruilferkaveling yn de Iemnesserpolder. De Rengerswetering, in wetterrin en útwreidingsplan fan de gemeente Bunschoten, waard nei him ferneamd.Rengerswetering

Rengers waard yn 1939 beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy kaam te ferstjerren yn 1947; hy waard 71 jier âld.

Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Boargemaster fan Menameradiel Kategory:Nederlânsk dykgraaf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1947