Changes is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Feroarings". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it tolfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Turn Coat. Yn Changes kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, fan syn eardere faam Susan Rodriguez te hearren dat er in dochter hat. Changes waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, kriget in tillefoantsje fan syn eks Susan Rodriguez, mei wa't er sân jier lang gjin kontakt hân hat. Hja wie foarhinne sjoernaliste by de Midwestern Arcane, in krantsje dat benammen oer paranormale saken publisearret. Har kollega's mienden dat se fiksje publisearren, mar Susan krige meitiid foar it ferstân dat der wier-wier boppenatuerlike dingen bestiene. Se besocht Harry as boarne te brûken, en fan it iene kaam it oare, sadat se úteinlik in relaasje krigen (sjoch: Storm Front). Dat bliek lykwols net sa befoarderlik te wêzen foar Susan har sûnens, doe't ien fan Harry syn fijannen, in fampier fan it Reade Hôf dy't Bianca hiet, har finzen naam om Harry te treffen (sjoch: Grave Peril).
Harry wist Susan te befrijen, mar tsjin dy tiid wiene Bianca-en-dy oer har gear west en wie se heal feroare yn in fampier fan it Reade Hôf. De metamorfoaze soe foltôge wurde as se it bloed fan in minske dronk oant dy it bestoar. Neitiid ferbriek Susan harren relaasje om't se no oanhâldend in gnaujende honger nei bloed fielde, dy't se net goed skiede koe fan har leafde foar en langst nei Harry. It soe dêrom mar in kwestje fan tiid wêze ear't se him op bêd by fersin deade. Twa jier letter doek Susan op 'e nij op (sjoch: Death Masks). Hja hie har tsjin dy tiid by it Genoatskip fan Sint Gilles jûn, de beskermhillige fan ferstjitlingen. It Genoatskip is in organisaasje fan minsken lykas har, dy't healwei de metamorfoaze ta fampier binne, en dy't harren ynsette om it Reade Hôf te bestriden. Nettsjinsteande alle redens om dat net te dwaan, bedreaune Harry en Susan doe noch ienris de leafde. Neitiid hat er neat mear fan har heard.
No falt Susan fuortendaliks mei de doar yn 'e hûs troch Harry te fertellen dat harren dochterke ûntfierd is troch fampieren fan it Reade Hôf. Harry, dy't gjin flau idee hie dat er heit wurden wie, is mei stomheid slein. Letter wurdt er poerrazen dat Susan op eigen manneboet besletten hie om him út it libben fan syn bern te wiskjen. As Susan dy jûns yn Chicago arrivearret, hawwe se dêr bot wurden om, mar Harry beslút om syn lulkens oan 'e kant te setten om't der no earst wichtiger dingen binne, lykas it rêden fan it libben fan syn dochter, dy't Margaret Angelica (ropnamme: Maggie) hjit. Susan fertelt dat Arianna Ortega, in hartoginne fan it Reade Hôf dy't de widdo is fan Harry syn âlde fijân Paolo Ortega, efter de ûntfiering sit. Mei Martin, in oar lid fan it Genoatskip fan Sint-Gilles, kringe Susan en Harry in geheim kantoar fan it Reade Hôf yn Chicago binnen, dat nota bene fêstige is yn itselde gebou dêr't ek Harry syn eigen detektiveburo sit. Susan fertelt dat it gebou inkele jierren lyn troch Arianna Ortega opkocht is, en Harry is poermâl om te beseffen dat er al jierrenlang hier betellet oan it Reade Hôf.
It docht bliken dat Susan en Martin folge binne út Gûatemala wei nei Chicago ta, as in seistal fampieren fan it Reade Hôf harren oer it mad komt. Harry, dy't syn selsbehearsking noch altyd net wer alhiel weromfûn hat, deadet trije fan 'e wêzens mei sielefjoer, dat in aartsingel him leard hat te brûken (sjoch: Small Favor), wylst Martin in fjirdenien út 'e ljochten helpt. Twa witte lykwols te ûntkommen. Yn it kantoar fynt Susan in blaudruk fan it kantoargebou, dêr't út blykt dat om Harry syn detektiveburo hinne allegear eksplosiven yn 'e muorren oanbrocht binne. (Harry beseft dat dat dien wêze moat doe't der sabeare asbest út it gebou ferwidere waard.) Susan, Martin en Harry witte krekt op 'e tiid út it gebou te kommen ear't it opblaasd wurdt. Neitiid bejouwe Susan en Martin harren nei in ûnderdûkadres fan it Genoatskip om te sjen oft se ynformaasje fan 'e hurde skiven helje kinne dy't se út 'e kompjûters yn it kantoar stellen hawwe.
Underwilens giet Harry nei hûs, dêr't er de komst fan 'e plysje ôfwachtet. Yndie stiet net folle letter syn goede freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, by him foar de doar. Hja hat heard dat it kantoargebou dêr't syn detektiveburo fêstige wie, opblaasd is, en se nimt oan dat er wer ris immen tsjin it hier yn strutsen hat. As Harry har de saak útleit, biedt se daliks har help oan en seit se boppedat ta om besykje te sillen en hâld de plysje fierders by him wei. Nei in koart nachtsje ljochtet Harry de oare moarns ek syn learlinge Molly Carpenter yn oer wat der geande is. Mei har set er fia in slûprûte troch it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, ôf nei Edinburgh, dêr't it haadkertier fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij fêstige is. Harry hopet dêr help te besetten fan syn mei-tsjoenders, mar as se dêr arrivearje, docht bliken dat it Reade Hôf krekt in nije ambassadeur stjoerd hat dy't de slepende oarloch tusken de beide organisaasjes beëinigje moat. Dy ambassadeur is nimmen oars as Arianna Ortega.
De ûntfangst fan Arianna is beävensearre troch Gregori Cristos, it nijste lid fan 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. Dat is deselde dy't Harry en syn âlde mentor Ebenezar McCoy derfan fertinke dat er in ynfiltrant is foar de Swarte Ried (sjoch: Turn Coat), in skimige organisaasje dy't al jierrenlang fan efter de skermen de Wite Ried tsjinwurket. Yn 'e grutte seal presintearret Cristos Arianna krekt oan in publyk fan tsjoenders as Harry en Molly dêr binnenkomme. Der ûntstiet trelit en it komt hast ta in konfrontaasje tusken Harry en Arianna, foar't Anastasia Luccio, de kaptein fan 'e warders fan 'e Wite Ried, Harry út 'e seal wit te loadsen. Neitiid nimt Luccio Harry en Molly mei nei in fertrek dêr't se net ôfharke wurde kinne. Harry, dy't Luccio ymplisyt fertrout om't se in skoft lang in relaasje hân hawwe, leit har út wat der geande is. Luccio biedt oan om him te helpen troch syn eagen en earen te wêzen yn it haadkertier fan 'e Wite Ried.
As Arthur Langtry, de Merlyn (foarsitter) fan 'e Hege Ried, him by harren jout, docht bliken dat de Wite Ried it fredesútstel fan Cristos en it Reade Hôf net foar sûkerswiet oannimt. Fan 'e leden fan 'e Hege Ried dy't op it poadium yn 'e grutte seal oanwêzich wiene, klaaid yn harren tsjoendersmantels mei djippe kappen oer de holle lutsen, is mar ien echt in lid fan 'e Hege Ried, foar it gefal dat der earne op antwurde wurde moat. De oare bestjoersleden fan 'e Wite Ried befine har feilich bûten berik fan Arianna. De Merlyn jout oan dat de Wite Ried risselwearret om foargoed mei it Reade Hôf ôf te weven, eat dat wyslik bûten de wittenskip fan Cristos om dien wurdt. Dêrfoar is lykwols earst al nedich dat it spultsje meispile wurdt. De Merlyn is derfan oertsjûge dat it Reade Hôf gjin wiere frede hawwe wol, mar ynstee fan doel is in nije oanfal op 'e Wite Ried te dwaan. Syn plan is om te wachtsjen oant de fampieren al harren krêften dêrta ynset hawwe om dan bienhurd werom te slaan. Dêrta is it wol nedich dat Harry him katoen hâldt. Wylst Harry earst tocht dat er gjin help fan 'e oare leden fan 'e Wite Ried krije soe om't se de kâns op frede mei it Reade Hôf net bedjerre woene, blykt it dus eins sa te wêzen dat er fan harren gjin help kriget om't se de kâns op it ferslaan fan it Reade Hôf net bedjerre wolle. Foar him komt dat lykwols op itselde del. Hy en Molly jouwe har wer ôf nei Chicago.
Dêr hawwe Susan en Martin ûnderwilens op 'e hurde skiven, dy't se út it kantoar yn it opblaasde gebou stellen hiene, in kompjûterbestân fûn dat bestiet út in list mei dingen dy't Harry identifisearret as rituele foarwerpen. As Harry dêr letter neifraach oer docht by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, befêstiget dy wat Harry al wist. Hy foeget deroan ta dat sokke foarwerpen inkeld brûkber binne foar de dûnkerste foarmen fan swarte magy, lykas it bringen fan minske-offers. De foarwerpen binne neffens de list op 'e eigenste dei fan 'e ûntfiering fan Maggie opstjoerd nei in ûnbekend plak... Underwilens stjoert Harry Molly, ûnder beskerming fan syn reuseftige en grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse (dy't in neikommeling is fan in stjerlike hûn en in godlike beskermgeast), nei pastoar Forthill ta, yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dy't kontakten mei roomske preesters yn Latynsk-Amearika ûnderhâldt; Forthill seit ta fernimme te sillen oft er wat útfine kin.
Harry kriget besite fan Murphy, dy't him warskôget dat harren âlde fijân resjersjeur Barry Rudolph fan Ynterne Saken besiket om him opdraaie te litten foar it opblazen fan it kantoargebou. Der sil sadwaande mei koarten wol hûssiking by Harry dien wurde, en as er net wol dat er arrestearre en minimaal fjouwerentweintich oeren lang ûnderfrege wurdt, kin er mar better sjen dat er dreech op te spoaren wurdt. Hoewol't Harry beseft dat it op 'e lange termyn better foar himsels wêze soe om oan it plysjeûndersyk mei te wurkjen, docht er him dat no net tiid. Mar hy kin ek net samar útnaaie, want hy hat beskermingsbetsjoenings om syn appartemint hinne opboud, dy't gjin ûnderskie meitsje tusken sombys, fampieren of oare meunsters dy't der binnenkringe wolle en plysjeminsken dy't de doar ynslane om hûssiking te dwaan. Dat hy moat earst de betsjoenings ûntmantelje en dan alle spul yn syn appartemint byinoar sykje dat er eins net hawwe mei (lykas ferrike uranium) en oare dingen wêrfan't er net wol dat de plysje se fine sil (lykas Bob en syn skedel, en de beide swurden fan 'e Ridders fan it Krús dy't er op 'e noed hat). Tsjin dy tiid stiet de FBI by him foar de doar. Harry hat gjin oare kar as om út syn appartemint streekrjocht oer te stekken nei it Nevernever, eat dat er noch nea dien hat om't er de skieding mei it Nevernever op dat plak sa sterk mooglik hâlde wol.
Yn it Nevernever bedarret Harry yn in tún dêr't er suver daliks oanfallen troch in reuseftige, meunsterlike tûzenpoat, dy't er net oer kin mei syn tsjoenderij. Hy kin net ûntsnappe, en beslút dat syn iennichste mooglikheid om te oerlibjen is om werom te kearen nei syn appartemint. Hy bedobbet syn rêchsek, mei alle byinoar sochte spul deryn, op dat plak yn it Nevernever djip ûnder de grûn, dêr't (hooplik) inkeld hy it ding weromfine kinne sil. Werom yn syn appartemint wurdt Harry fuortendaliks arrestearre troch de FBI. Hy wurdt meinommen nei it kantoar dat de federale resjerzje yn Chicago ûnderhâldt, dêr't er ûnderfrege wurdt troch FBI-agint Tilly en resjersjeur Rudolph. It docht al rillegau bliken dat it net botte bûterje wol tusken de beide mannen, en Tilly kriget op in stuit sa syn nocht fan 'e ûnprofesjonaliteit fan Rudolph dat er dyselde út 'e ferhearkeamer set. Tilly blykt in ynteger man te wêzen, dy't boppedat (sûnder dat er it sels wit) in lyts magysk talint hat, dêr't er mei wissichheid troch sizze kin oft immen liicht of net. It liek him al raar ta dat Harry wat mei de ûntploffing te krijen hie, en as Harry syn direkte fraach datoangeande ûntkennend beäntwurdet, is foar him dêrmei it spul dien. Harry makket fan 'e gelegenheid gebrûk om Tilly yn 'e rjochting te stjoeren fan Arianna Ortega, yn 'e hope dat de FBI har organisaasje hjir en dêr in stôk yn 'e speaken stekke kin.