thumbnail|right|250px|Grienlân thumb|250px|Oan de westkust thumb|250px|Fleanfjild Thule Grienlân (Grienlânsk: Kalaallit Nunaat, Deensk: Grønland) is in grut eilân yn it Arktysk gebiet, tusken de Noardlike Iissee en de noardlike Atlantyske Oseaan, eastlik fan de Kanadeeske Arktyske Arsjipel. Mei in oerflakte fan 2.166.086 km² is it it grutste eilân fan 'e wrâld dat net as in wrâlddiel beskôge wurdt. It grutste part fan it lân wurdt bedutsen troch de Grienlânske iiskape. De befolking wennet benammen yn delsettings oan de iisfrije kusten, mei Nuuk as haadstêd en grutste plak.

Grienlân makket diel út fan it Keninkryk Denemark, mar hat in fiergeande foarm fan selsbestjoer. Yn 1979 waard it Grienlânske Hjemmestyre ynfierd; dat waard yn 2009 ferfongen troch in fierdergeande regeling fan selsbestjoer. Dêrby wurdt it Grienlânske folk erkend as in folk mei it rjocht op selsbeskikking, en is it Grienlânsk de offisjele taal. Definsje en it grutste part fan it bûtenlânsk belied falle lykwols noch ûnder it Keninkryk Denemark.

Grienlân waard mei Denemark yn 1973 lid fan de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip (EEG), mar ferliet dy nei in referindum. It weromlûken waard op 1 febrewaris 1985 fan krêft. Grienlân makket dêrom gjin diel út fan de Jeropeeske Uny, mar hat der as ien fan de lannen en gebieten oersee in bysûndere relaasje mei.

Geografy Grienlân heart geografysk besjoen by Noard-Amearika, en geologysk ta it Kanadeeske skyld. Goed 80% fan it lân is bedekt mei in tsjokke iislaach fan maksimaal 3 km dikte. Allinnich de kuststreek fan 15-150 km breed, foaral yn it suden en westen kin bewenne wurde, mei troch de ynfloed fan de Golfstream. De kusten binne ynkerve mei ûnbidige fjorden en gletsjers, dêr't regelmjittich iisbergen fan ôfbrekke. Grienlân hat in poalklimaat.

Demografy De oarspronklike ynwenners binne de Inuit (ek Eskimo's neamd). Sy wienen fanâlds nomaden en foarmje lykwols noch in lytse groep. It grutste part fan de ynwenners libbet yn it súdwesten en sy binne de Grienlanners, in griemmank fan Denen en Inuit. De taal dy't sy sprekke is Grienlânsk, dat is in Inuit dialekt. It Deensk en it Grienlânsk binne de offisjele talen. In tredde groep ynwenners bestiet út Europeanen, foaral Denen. Fierders binne der yn de basis Thule Amerikaanske soldaten legere.

Godstsjinst De wichtichste religy is lykas yn Denemarken it luteranisme. It kristendom is om it earste millennium hinne troch de Yslânske kolonisten brocht.

It grutste diel fan de Grienlanners is Kristen. Goed 64,2% fan de Grienlânners heart ta de Evangelysk-Luterske Tsjerke. De Pinkstertsjerke is tige aktyf. Sa likernôch 2,8% fan de befolking heart dêr ta. Fierders heart 27,4% fan de Grienlanners by in oare Kristlike Tsjerke. 3,4% is net religieus.

Skiednis Iere bewenning Omtrint 2500 f.Kr. waard it eastlike Arktyske gebiet foar it earst bewenne troch minsken dy't har fanút it gebiet om de Beringstrjitte hinne oer it Kanadeeske Arktyske gebiet oant Grienlân nei wenjen setten.Prehistory of Greenland, National Museum of Denmark. Genetysk ûndersyk fan sa likernôch 4.000 jier âlde persoan út de Saqqaq-kultuer lit sjen dat dizze iere befolking ûntstien wie út in migraasje út Sibearje dy't los stie fan de migraasjes dy't ta de foarâlden fan de hjoeddeistige Yndiaanske folken en Inuit laten.Rasmussen et al., Ancient human genome sequence of an extinct Palaeo-Eskimo, Nature, 2010.

Genome-wide ûndersyk nei de genetyske skiednis fan it Amerikaanske Arktyske gebiet beskriuwt de saneamde Paleo-Inuit as it resultaat fan in aparte migraasjepuls. Dy befolkingsline bleau mear as 4.000 jier bestean en einige omtrint 700 jier lyn.Raghavan et al., The genetic prehistory of the New World Arctic, Science, 2014. De komst fan in nije befolking, dy't de wichtichste foarâlderlike line fan de hjoeddeistige Inuit foarme, ûnderbriek dy kontinuïteit. It genetyske ûndersyk hat lykwols ek oanwizingen foar geneflow tusken de ferskillende befolkingslinen fûn, sadat net fan in folsleine ferfanging sûnder mingeling sprutsen wurde kin.

Yn Grienlân binne ferskillende fazen fan de Dorsetkultuer oanwiisd. In iere Dorset-faze wurdt rûchwei datearre tusken 700 f.Kr. en 200 n.Kr., wylst yn it earste part fan it twadde milennium noch in folle lettere Dorset-faze bestie.Early Dorset/Greenlandic Dorset, National Museum of Denmark.Late Dorset, National Museum of Denmark. De krekte begjindatum fan dy lêste faze is net wis. Ferskillende publikaasjes fan it Deenske Nasjonaal Museum jouwe dêrfoar respektivelik rûchwei 1100–1300 en oars it tiidrek fan sa rûchwei 800–1300.

Thule-kultuer en de Inuit Omtrint it jier 1000 ûntwikkele de Thulekultuer him yn Noard-Alaska. De minsken fan dy kultuer ferspraten har dêrnei nei it easten en berikten Grienlân neffens archeologysk ûndersyk omtrint 1200.Thule, National Museum of Denmark. De earste Thule-bewenners ferpleatsten har lâns in grut part fan de Grienlânske kust, en letter binne archeologyske plakken fan de Thulekultuer oer in grut part fan it East-Arktyske gebiet weromfûn.

De ekonomy fan de Thule-mienskippen wie foar in wichtich part basearre op de jacht op seehûnen. De jacht op walfisken en rindieren waard mienskiplik útfierd, wylst ek fiskerij diel fan de foarsjenning yn it libbensûnderhâld útmakke. De befolking dy't mei de Thule-ekspânsje nei Grienlân kaam, foarmet de wichtichste foarâlderlike befolkingsline fan de hjoeddeistige Inuit.

De ferskillende befolkingsgroepen yn Grienlân libben net needsaaklik folslein faninoar isolearre. Op guon plakken út de lette Dorset-faze binne sawol foarwerpen fan Thule-komôf as objekten fan Noardske komôf fûn. Ek oerlappe guon radiokoolstofdateringen, wat kontakt of útwikseling tusken groepen stipet. Hoe yntinsyf sok kontakt wie en hokker foarm it hie, kin op basis fan it archeologyske materiaal lykwols net mei wissichheid fêststeld wurde.Norse, National Museum of Denmark.

Noardske delsettings Neffens de skriftlike tradysje fêstige omtrint 985 in groep Yslanners ûnder lieding fan Erik de Reade him yn it súdwesten fan Grienlân. Dêr ûntstiene de saneamde Eastlike en Westlike delsettings, dy't sa likernôch yn deselde perioade befolke waarden.

De Noardske bewenners kombinearren feehâlderij mei de eksploitaasje fan wylde natuerlike boarnen. Se holden ûnder oare kij, skiep en geiten en jagen tagelyk op seehûnen, rindieren en oare bisten. De delsettings wiene net folslein selsfoarsjennend. Guod waard fan bûten Grienlân ymportearre, wylst ûnder oare bisteprodukten en walrusivoar útfierd waarden.Star et al., Ancient DNA reveals the chronology of walrus ivory trade from Norse Greenland, Proceedings of the Royal Society B, 2018.

Yn 1261 kamen de Noardske delsettings ûnder it bewâld fan de Noarske kroan. Dêrmei kaam ek de hannel sterker ûnder keninklike kontrôle te stean. Undersyk fan âld DNA út walrusresten dy't op Europeeske plakken weromfûn binne, hat sjen litten dat ivoar út Grienlân yn de lettere midsiuwen in wichtige posysje yn in pan-Europeesk hannelsnetwurk ynnaam. thumb|De tsjerke fan Hvalsey yn Qaqortukulooq (2014) De Westlike delsetting wie yn 'e midden fan de 14e iuw net mear bewenne. Ut de Eastlike delsetting datearret it lêste bekende skriftlike bewiis út 1408, mar archeologyske fynsten en radiokoolstofdateringen wize derop dat dêr teminsten oant de midden fan de 15e iuw minsken wennen.

Der is archeologysk bewiis dat de Noardske bewenners en Inuit- of Dorsetgroepen mei-inoar yn kontakt kamen, mar de aard en omfang fan dy kontakten binne ûnderwerp fan diskusje. Dêrom kin út it beskikbere materiaal net sûnder mear ôflaat wurde dat der in regelmjittich en systematysk hannelsnetwurk tusken de groepen bestie.

Ek oer de oarsaken fan it ferdwinen fan de Noardske delsettings bestiet gjin ienfâldige ferklearring. It ûntfolkjen foel gear mei klimaatferoarings, mar ynterdissiplinêr ûndersyk wiist op in kombinaasje fan faktoaren, wêrûnder feroarjende klimatologyske omstannichheden, de ôfhinklikens fan lange-ôfstânshannel, isolaasje, de lytse omfang fan de mienskippen en de grinzen fan de mooglikheden om har oan feroarjende omstannichheden oan te passen.Dugmore et al., Cultural adaptation, compounding vulnerabilities and conjunctures in Norse Greenland, Proceedings of the National Academy of Sciences, 2012.

Deensk-Noarske koloniale perioade Yn 1721 reizge de Noarske predikant Hans Egede nei Grienlân mei stipe fan keaplju út Bergen en fan kening Frederik IV. Syn komst markearre it begjin fan in duorsume Deensk-Noarske missy- en koloniale oanwêzigens yn Grienlân.Axel Kjær Sørensen, Grønland – historie (1500-1979), Lex. Yn de rin fan de 18e iuw waarden oan de westkust ferskate koloniale hannelsplakken stifte.

Yn 1776 krige Den Kongelige Grønlandske Handel (KGH) it monopoalje op de hannel mei Grienlân. Dat monopoalje bleau oant 1950 bestean. thumb|Nuuk om 1878 hinne De Frede fan Kiel fan 1814 makke in ein oan de steatsferbining tusken Denemark en Noarwegen. Yn artikel IV fan it ferdrach waarden Grienlân, Yslân en de Faeröer lykwols eksplisyt útsûndere fan de gebieten dy't mei Noarwegen ôfstien waarden, sadat Grienlân by Denemark bleau.Ole Feldbæk, De nordatlantiske øer og freden i Kiel 1814, Historisk Tidsskrift, 1995. Oer de fraach wêrom't de Noard-Atlantyske gebieten krekt op dy wize yn de ferdrachstekst telâne kamen, binne yn de historiografy ferskillende ferklearrings jûn. De opfetting dat dit inkeld it resultaat wie fan in súksesfolle Deenske diplomatike set kin dêrom net as in fêststeand feit beskôge wurde.

Doe't Denemark yn 1849 in nije grûnwet en in parlemintêr stelsel krige, krige de Grienlânske befolking gjin kiesrjocht foar de Deenske Rigsdag. Fan 1857 ôf kamen der keazen Forstanderskaber, dy't har mei lokale bestjoerlike saken dwaande holden. Mei de bestjoerswet fan 1908 waarden twa Grienlânske Landsråd ynsteld. Dy koene ûnder oare advys jaan en útstellen dwaan oan de autoriteiten yn Denemark.

Soevereiniteit en de Twadde Wrâldoarloch Yn 1931 makke Noarwegen oanspraak op in part fan East-Grienlân. It skeel waard foarlein oan it Permanint Hof fan Ynternasjonale Justysje, dat op 5 april 1933 yn de saak Legal Status of Eastern Greenland útspraak die en de Deenske titel oer it gebiet erkende.Permanent Court of International Justice, Legal Status of Eastern Greenland, Judgment of 5 April 1933.

Nei de Dútske besetting fan Denemark yn april 1940 waard de normale bestjoerlike ferbining tusken Denemark en Grienlân sterk fersteurd. Tagelyk naam de strategyske betsjutting fan Grienlân foar de Noard-Atlantyske ferbiningen ta.U.S. Department of State, Foreign Relations of the United States, 1941, dokuminten oer Grienlân.

Op 9 april 1941 sleat de Deenske gesant yn Washington, Henrik Kauffmann, in ferdigeningsoerienkomst oer Grienlân mei de Feriene Steaten. De juridyske en politike jildichheid fan syn hanneljen wie op dat stuit omstriden. It yn it troch Dútslân besette Kopenhagen funksjonearjende Deenske regear stelde dat Kauffmann syn foech te bûten gien wie en dat de oerienkomst konstitúsjoneel en ynternasjonaal ûnjildich wie. Kauffmann en de Amerikaanske regearing holden dêrfoaroer fêst dat er yn de bysûndere omstannichheden fan de besetting foar Denemark en Grienlân hannelje koe.

Nei de befrijing fan Denemark waard de oerienkomst yn Denemark formeel akseptearre. Beide keamers fan de Rigsdag joegen der op 16 maaie 1945 unanym tastimming foar en kening Christian X joech op 23 maaie syn formele goedkarring.U.S. Department of State, Foreign Relations of the United States, 1945, dokumint 569.

Op 27 april 1951 waard in nije Deensk-Amerikaanske ferdigeningsoerienkomst oer Grienlân sletten yn it ramt fan de NATO. Yn de oerienkomst waard eksplisyt fêstlein dat de Amerikaanske rjochten dy't dêrút fuortkamen gjin beheining fan de Deenske soevereiniteit oer Grienlân betsjutten.Defense Agreement concerning Greenland, 27 April 1951, Retsinformation.

Modernisearring en statusferoaring yn de jierren 1950